Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
16 results
Place of Narration: Ureterp
Dêr't sawn froulju yn in húshâlding binne, is ien fan dy froulju in tsjoenster. Sy hoeve net op elkoar to folgjen.
nl.verhalenbank.25547
Der wenne in plysje by ús, dy hie in toverboek. Dêrmei hat er us in wite ezel by ús foar 't kelderglês tofoarskyn tsjoend. Mar ik ha him net sjoen.
nl.verhalenbank.24276
De tsjoensters gongen by de boeren lâns en as der hynders op 'e stâllen stienen, gongen se dêr hinne en gongen dêr op sitten. Sy makken flechten yn 'e moannen, dy woenen der noait wer út. Dy moesten se der út snije. De tsjoensters kommen altyd by nacht.
nl.verhalenbank.25540
Der wenne in postrinder yn Oerterp, dy koe mear as gewoan. Dy sette in stok tusken 'e skonken en dy stok koed er samar nei in oar ta rinne litte. Hy koe in oar ek samar stean litte. Mar hy hie der bot fan to lijen, as er soks die.
nl.verhalenbank.23396
Der wenne by ús in âld-minske, dat wie Simke Mathuzen. Dat wie in tsjoenster. As se by de wei stie, doarsten wy as bern net by har lâns. As se ien hwat joech foroare dat yn in pod, seinen se. Men moast de earste hap útspije.
nl.verhalenbank.21032
Ik haw wol ris heard, nim fan in tsjoenster noait hwat oan, dan kin se jo ek net bitsjoene.
nl.verhalenbank.23803
Tsjoensters foroaren har yn katten. Sa kamen se by de minsken yn 't bûthús en harken hwat der to rêdden wie.
nl.verhalenbank.21027
As se Ymke Modder (= Y. de Jong) opsluten yn 'e gefangenis, en sy gongen by him wei, dan wie de doar al wer los.
nl.verhalenbank.23397
To Drachten hat in man wenne, dy liet in regimint ta de hurddobbe út komme. "Stop", sei er, dan gongen se allegear yn 'e houding stean. "Verdwijn", sei er, dan gongen se wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.26184
Ik haw in muoike hawn yn Drachtster Kompenije. 't Wie in Jantsje Bekkema. Dy har mem Marij koe tsjoene, seinen se. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.23842
Hindrik burdman (= H. de Vecht) hie in boek kocht, dêr't er fan alles út learde. Sa koed er wite kninen ta de hurddobbe útkomme litte, as er dêr yn lêsde. Letter moest er alles weromlêze, dan gongen se wer ta de hurddobbe yn. Mar it gong sa fier mei him, dat hy woarde op 't lêst bang yn eigen hûs. Doe is er fan binaudens noch grifformeard woarn. 't Wie...
nl.verhalenbank.23386
Ymke Modder (= Y. de Jong) liet de liuwe stean. "Toe jonges, lûk my de learzens us út. Toe jonges lûk oan", sei er. Ynienen lutsen de jonges de hiele poat út. Sy woarden sa kjel, dat sy naeiden hurd út. Imke de Jong krûpte toch in balke hinne. Sa like it tominsten. Yn werklikheit kroep hy der by lâns.
nl.verhalenbank.25093
Foar tsjoenen wienen se eartiids yn Jobbegea tige bang. De lju makken in gatsje yn 'e drompel en dêr dienen se duveldrek yn. De bern droegen duveldrek op 't boarst. As de bern bitsjoend wienen gong men nei Murk gûchlem, de duvelbander fan de Knipe. Bitsjoende bern dy't stoaren, bleauwen slop. Ek in tsjoenster wurdt net stiif, as se dea giet.
nl.verhalenbank.21021
De tsjoensters binne froulju mei reade egen. Ik haw ris mei ien praet, dy sei: Ik haw ris in nachtmerje fangd. Ik pakte 'm. 't Wie tsjuster. Doe kommen de lampen op. Doe hie 'k de swarte kat yn 'e hân. En dy wie samar ynienen fuort, sûnder dat se sjen koenen hoe't er fuortrekke.
nl.verhalenbank.25539
Durk Laurens kom de kant út wei fan 'e Boelensloane of sa. Dy mocht graech in buorreltsje. Hy fortelde, hy hie 't ris meimakke dat der in man yn 'e kroech kom, dat wie in sekere Harm. "Jow my in buorrel, kastlein", hied er sein. "Mast earst net ris bitelje?" hie de kastlein sein. "Hjir stiet in hege rekken fan dy." "Gjin gesoaijeflikker," hie Harm sein,...
nl.verhalenbank.24266
Ik wie fiif en twintich jier, ik frijgeselle by myn broer. Dy hienen in jonge, dy wie siik. Op in kear gong ik nei Hinke Kaert ta, de kaertlizter fan Nijebrêge. Ik sei tsjin Hinke: "Myn omkesizzer is siik." "Ja," sei se, "dy is bitsjoend. Hjir wennet in duvelbander yn Nijebrêge, dêr matte jo mar ris hinne." Ik dêr hinne. Doe joech dy my hwat guod mei. Hy...
nl.verhalenbank.21015
16