Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: sleutelgat Place of Narration: Ureterp
In nachtmerje komt troch 't kaeisgat by de minsken.
nl.verhalenbank.24271
Nachtmerjes, seinen se froeger, kamen troch 't slotsgat. It wienen frommeskes.
nl.verhalenbank.21031
In nachtmerje is in frommeske. Struit men moal op bêd, dan komt se net by jin. Hwant dan kin se net wer fuortkomme. In nachtmerje komt krekt as de tsjoensters troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.25538
Durk Laurens wie stuolwynder. Hy kom fan Boelensloane. Hy hie galanteryën ensa to keap. Dy kom wol by ús yn 'e Tynje. Dy fortelde ús, fan 'e sawn opelkoar folgjende dochters wie ien in nachtmerje. Dy koe troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs komme. Fan 'e sawn jonges wie ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23800
Sy sizze wol fan 'e sawn froulju út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Sy komme meastal troch 't kaeisgat by jin yn 'e hûs. Myn wiif woe net langer yn dat hûs bliuwe. Sy sei: "Ik wol hjir wei." Hy kom wyks wol twa kear. Wy binne dêr doe wei gong to wenjen, allinnich om dy nachtmerje. Der wurdt wolris moal struid om de nachtmerje to kearen, ek wol kaf,...
nl.verhalenbank.26187
Ik en myn wiif ha yn Dútslân wenne. Ik wie dêr yn 'e koalminen. Nachts kom der altyd in nachtmerje by myn wiif. It like raer, hwant wy hienen de doar alle nachten goed fêst, mei de kaei der yn. Dat de nachtmerje koe net troch 't slotsgat komme. Mar evensagoed hie myn wiif der faek lêst fan. Wy wennen op 'e twadde stok. Us buorlju wennen boppe ús op 'e...
nl.verhalenbank.26186
6