Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
24 results
Place of Narration: Ureterp
Yn Terwispel spûke in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy moest op 't tsjerkhôf rinne, seinen se. Dêr weide er.
nl.verhalenbank.24273
Op 'e Godloas Singel, dêr spuke it. Dêr spuke Japik Eibert syn geast om. Dêr wienen de lju bang foar. Der wienen op 'e Godloas Singel ek faek wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.30522
Yn Haskerdiken wie ek in spook. Dêr moesten se foarsichtich wêze, waerd der altyd sein.
nl.verhalenbank.24274
By de Skilige Piip spokke it. Dêr hat froeger in slot stien. Op 'e bijtunen, dêr spûke in âlde mynhear om. Tichteby lei in heech stik lân, dat wie sânnich. Dy âlde mynhear hie in protte jild en dat jild woe er kwyt. Doe bidobbe er it dêr tichte by de Boppewei, foar de glêzen fan 'e stjelp oan 'e Spûkloane. Doe't dy âlde mynhear 't jild goed en wol yn 'e...
nl.verhalenbank.30531
Op 'e Godloas Singel spûken swarte katten om. Guon doarsten dêr net lâns, hwant dy katten, dat wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.30528
Op in stikje lân by de Boppewei siet in kiste mei jild yn 'e groun. Dêr koenen de lju noait by komme. As se der nei groeven, dan sakke er hyltyd djipper.
nl.verhalenbank.30521
By Bennemastate to Hurdegaryp, dêr't dokter Bontekoe wenne hienen jy in hekke dy't noait tichtbliuwe woe. Troch in geheimsinnige reden gong dy altyd wer iepen. De beide stiennene homeijepeallen steane der noch.
nl.verhalenbank.30542
Op it tsjerkhôf spoeke it ek.
nl.verhalenbank.21025
Wite wiven dy sweven hjir froeger boven de heide om.
nl.verhalenbank.23380
Dêr't nou de bakkerij fan van der Veer stiet, spoeke froeger in greate houn.
nl.verhalenbank.25533
Oan 'e forbiningswei tusken Oerterp en Drachtster kompenije - dat doe noch sânwei wie, der spoeke it alle jounen froeger.
nl.verhalenbank.23388
It praet gong, dat by 't tsjerkhôf yn 'e Boelensloane de minsken hwat achternei siet, dat wie swart.
nl.verhalenbank.23847
Yn 'e Kompenije hat in hûs stien. Dêr ha achterelkoar trije man yn wenne, dy ha har alle trije ien foar ien opknope. De earste âld man dy't der yn wenne wie syn libben sêd. Hy hong him op. In jier of hwat letter hong him dêr wer ien op oan deselde ronge. In jier of hwat letter wenne Harke Vegelin dêr. Dy die altyd jenever troch de tabak. Hy gong geregeld...
nl.verhalenbank.23846
Op 'e njoggende Wyk yn 'e Jobbegeaster Kompenije kaem jin nachts in wyt hynder tomjitte mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21024
Op 'e Singel yn Jobbegea roannen nachts twa froulju om mei in wyt kleed om.
nl.verhalenbank.21023
Yn Terwispel spoeke nachts ek in grouwe swarte houn. Hy die neat mar makke de minsken altyd bang.
nl.verhalenbank.21035
Yn Terwispel roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Ek spoeke der in hynder om. Ek spoeke der in ekster mei in forbrânde kop.
nl.verhalenbank.21029
Yn Terwispel by de Rolbrêge stie in houten keet, dêr spoeke it. Dêr wennen âlde minsken. It gong dêr nachts altyd op in saegjen en klopjen.
nl.verhalenbank.21028
Ik hie in houn mei fjouwer egen. Dat binne spoekgûlers. Sy ha twa ljochte flekken boven de egen. Us buorjonkje krige in sinnestek. Dy jouns om sa'n tsien ûre hinne bigoun ús houn hiel jammerlik to gûlen. Us oare buorman sei: "Hjir gebeurt fannacht hwat." Dy nachts is it buorjonkje stoarn.
nl.verhalenbank.24269
Op it Spoekeloantsje yn Drachtster Kompenije hat in man him us opknope. Letter spoeke it dêr.
nl.verhalenbank.23845
24