Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
155 datasets found
Place of Narration: Ureterp
Ik haw us fortellen heard oer in sterke Ynse. Hy wie oan 't ploegjen. Der kom in man, dy frege him: "Kenne jo my fortelle, hwer't Ynse wennet?" Ynse hie de ploege optild en der mei wiisd en sein: "Dêr wennet er." Ik haw dit yn Oerterp heard. Ynse mat yn Bakkefean wenne ha.
nl.verhalenbank.23801
Yn Haskerdiken wie ek in spook. Dêr moesten se foarsichtich wêze, waerd der altyd sein.
nl.verhalenbank.24274
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.126991
In wjerwolf is ien fan sawn manlju. Sy hoege net opelkoar to folgjen as soannen. Sa'n wjerwolf mat ienkear yn 'e sawn jier in minske opite. Dat docht er èk. Binne der sawn jonges yn in gesin, dan sit der wis ien ûnder.
nl.verhalenbank.25546
Dêr't sawn froulju yn in húshâlding binne, is ien fan dy froulju in tsjoenster. Sy hoeve net op elkoar to folgjen.
nl.verhalenbank.25547
Guon kinne net stjerre as se op 't stjerbêd lizze. Dan mat men har knippen yn 'e klean dwaen, sizze se, hwant miskien ha se hwat oan dat op snein makke woarn is.
nl.verhalenbank.24275
Yn 'e Falom op 'e Achterwei roan altyd in fôlle, seinen se, mei in panne ûnder 'e bek.
nl.verhalenbank.25545
As jy op in pod traepje bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.23849
Yn 'e Harkema of yn dy buert wennen in pear âlde minsken. Dy hienen it tige krap. Sy wennen yn in âld keet. Sy gongen noait ergens hinne. Doe klommen der al us guon boven op it tek. Dy rôpen troch de skoarstien hinne: "Zijt gij daar?" De minsken dy't ienfâldich wienen, tochten: Dat is ús leaven Hear. Sy seinen: "Ja Heare." Doe liet it jongfolk in heal...
nl.verhalenbank.23848
In tsjoenster kin har foroarje yn in kat. Der binne in soad forhalen fan minsken dy't in kat in opmiter jowe, en dat dan de tsjoenster de oare deis mei in doek om 'e earm rint of sa.
nl.verhalenbank.25544
Der wenne in plysje by ús, dy hie in toverboek. Dêrmei hat er us in wite ezel by ús foar 't kelderglês tofoarskyn tsjoend. Mar ik ha him net sjoen.
nl.verhalenbank.24276
Durk Laurens kom by ús mem mei galantery-waren. 't Wie in goeije man. Us hynder hie faek lêst fan in nachtmerje. Doe sei Durk Laurens us in kear: "Hingje fannacht in seine boppe 't hynder en doch in hânfol brea yn 'e moanjes. Dan krijt it hynder fannacht de nachtmerje net." Wy ha 't dien en 't hynder hat gjin lêst hawn.
nl.verhalenbank.24272
Durk Laurens kom de kant út wei fan 'e Boelensloane of sa. Dy mocht graech in buorreltsje. Hy fortelde, hy hie 't ris meimakke dat der in man yn 'e kroech kom, dat wie in sekere Harm. "Jow my in buorrel, kastlein", hied er sein. "Mast earst net ris bitelje?" hie de kastlein sein. "Hjir stiet in hege rekken fan dy." "Gjin gesoaijeflikker," hie Harm sein,...
nl.verhalenbank.24266
Yn Bakkefean wenne in man dat wie Menkema, dy seach froeger altyd lykstaesjes. Hy gong dan oan kant om sa'n lykstaesje passeare to litten.
nl.verhalenbank.21040
De tsjoensters gongen by de boeren lâns en as der hynders op 'e stâllen stienen, gongen se dêr hinne en gongen dêr op sitten. Sy makken flechten yn 'e moannen, dy woenen der noait wer út. Dy moesten se der út snije. De tsjoensters kommen altyd by nacht.
nl.verhalenbank.25540
Wy ha wenne oan 'e Mâllewyk to Bakkefean. Dêr is us in bern fan in jier of fiif, seis yn fordronken. Fan to foaren ha se dêr in stem yn dy wyk heard. Doe wisten se dat der ien yn fordrinke soe.
nl.verhalenbank.21041
Tichte by de Godloas Singel hat in boer wenne. Hy hie ris hwat forkocht en dêr hied er gâns jild foar bard. Dat jild hied er yn in blau sekje op 'e rêch. 't Wie tsjuster doe't er weromkom. Der wienen twa mannen, dy wisten fan dat jild. Dy roannen him tomjitte om him to biroven. Doe't de boer fornom dat der hwat oankom, gong er gau ûnder in omkeard skouke...
nl.verhalenbank.25541
Ik kom us op in nacht by de froulju wei út Grou. 'k Wie op 'e fyts en moest oer de spoarrails ride, dy't dwars oer de wei leinen. Dêr soaijeflikkere ik fan 'e fyts. Myn fyts stiet rjochtop yn 'e rails en ik lei oer de wereld. 't Wie ek noch heal ljocht. Ik koe de rails dúdlik ûnderskiede. Hwat hat dat nou west. In lykstaesje?
nl.verhalenbank.24267
Yn Terwispel spûke in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy moest op 't tsjerkhôf rinne, seinen se. Dêr weide er.
nl.verhalenbank.24273
Us mem fortelde, der wie us in kjirdel, dy flokte faek op 'e bern om. Dy godfordommese bern! plichte er to sizzen. Dat gong de duvel wol nei 't sin. "Duvelse jonge, kom hjir us", sei er om 't oare wurd. As er dan wer hiel bot op 'e bern omflokt hie, kom de duvel der oanfleanen en bigoun mei jild to smiten. De duvel tochte: op in duer krij ik him hielendal...
nl.verhalenbank.24265
35