Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: drinken Place of Narration: Surhuisterveen
Hjir flak by op it Ketting is in lyts loantsje. Dêr kommen de âldere minsken noait del. Sy wienen dêr bang foar, hwant it doogde dêr net. In sekere feint, dy't by syn mem yn wenne, kom ris út 'e kroech. Smook hiet er. "As der dan in duvel is," hied er sein, "dan mei 'k him sjen en dan mei er my de kop omdraeije." 't Wie in opskepper en in nuveren. Hy wie...
nl.verhalenbank.26845
Alde Sibe van der Veen dy hie dronken west. Hy kom út 'e kroech. Guon hellen him op, dêr wie ús mem ek by. Sibe hie hyltyd in pleachbeest op 'e fuotten hawn; it wie in hiele grouwe, swarte houn, dy wie net by him wei wykt. Mem sei, it wie de duvel.
nl.verhalenbank.27233
Myn skoanheit, Wibe Alma, is yndertiid fan 'e wei ôf opnom woarn en oer de feart smiten. Doe kom er út 'e kroech. Doe hie er it raer opsein. Der binne wol mear yn 'e Harkema, dy't smiten woarn binne. Sytse Jager ûnder mear èk.
nl.verhalenbank.27246
Yn Feansterheide op 'e hoeke by de Trije Roede hie Haring Land in café. Dêr plichte Greate Germ (Germ Smous) faek to kommen. Germ Smous soop as in mûs. Faek wied er dronken. Sneins gong it altyd op in kaerten en dan wie 't snijen en fechtsjen. Op in kear wied er wer dronken. Doe't hy der útsmiten woarde, sei er: "Ik bin foar de duvel net binaud." Mar...
nl.verhalenbank.22067
Hindrik Holthuis wenne yn 'e Harkema. Dat mat froeger in raer man west ha. Op in kear wied er wer dronken. Hy gong sjongendewei de heidepaden lâns. Hy song de tsien geboaden op in drank- en flokwize. Doe hied er in moeting mei de duvel. Dy hat him oer in hekke hinne smiten. Hy is sa raer tolânne kom, dat hy hat der in stive foet fan oerhâlden. Doe is er...
nl.verhalenbank.22068
Jan Hepkes koe ek alderduvelste hurd ride neffens syn eigen sizzen. Op in kear doe hied er oer iis nei Ljouwert ta west. Hy kom werom en ried de mar oer. Doe hie der in man foar him op west. "Ik tochte," sei Jan, "dy rydt in knappe streek." De wyn wie oast en dêr moest er yn op boarje. Jan tocht: ik set der in poun mear op. En doe streke er dy oare...
nl.verhalenbank.28757
Alde Albert Alma wie in raren. Op in kear kom er fan Eastemar, dêr hied er yn 'e kroech sitten. Hy gong de Skeanpaden del om yn 'e Harkema to kommen. Doe moest er oer in houtsje. Doe't hy dêr oer soe, gong der ien op dat houtsje sitten. Dat wie de kweade. Doe koe hy der noait oer komme. Hoe't er oan 'e oare kant kom wie wist er letter sels net mear. Doe't...
nl.verhalenbank.26859
Mike Ruerd wie faek dronken en hy flokte as in ketter. 't Gong altyd raer mei him. Hy is us in kear hiel bot troch de kweade smiten woarn. 't Is wol faker gebeurd dat dy him tramtearre.
nl.verhalenbank.26861
Stammerige Harm syn mem hie in winkeltsje. Op in joun sieten se dêr meielkoar oan 'e kofje. Doe sei 't minske ynienen: "Nou is 't aanst myn tiid." "Hoe dat sa?" sei ien fan 'e oaren. Guon makken der in grapke fan. Ien sei: "Ast it liichste, mast de stok oer de bealch ha." Klokslach tolwe ûre yn 'e nacht die 't minske noch ien snok en doe wie se dea. Sy...
nl.verhalenbank.19889
35