Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
60 results
Place of Narration: Sumar
Tsjoensters koenen har ek yn in houn foroarje. Dat mat ek ris sa west ha mei in frommes op 'e Sumarreheide. It wienen altyd froulju dy't tsjoenden.
Op Skûlenburch sochten âlde froulju froeger alle triedtsjes en toukes ensa op, dat de tsjoensters se mar net krije koenen foar de krânsen.
nl.verhalenbank.22093
Yn Burgumerheide hienen wy in buorfrou, dat wie in tsjoenster. Sy wie út 'e famylje fan Liuwe Kûper. Sy koe har sels yn in kat foroarje. Soms hâldden dy tsjoensters in forgadering. Dan wienen it katten. Yn fjirtich jier moesten se ien deatsjoene. As se dat net dienen, dan stoaren se sels. Sy hienen in forboun mei de duvel.
Tsjoensters koenen har yn katten foroarje. Dan fleagen se by de glêzen op. As se rekke woarden mei in stok dan hie de tsjoenster de oare deis plakken oan har. Om 'e safolle jier moest de tsjoenster ien deatsjoene, oars gong se sels dea. Wie der in krâns yn 't kessen dan reizgen se nei greate Wopke ta. Dan krigen se in drank mei. Underweis sprong der hwat...
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje, sizze se. Der wienen tsjoensters, dy hienen popkes. Dêr stutsen se mei nuddels yn. Dy't se yn 'e macht hienen, dy krigen dan pine.
It mat ris op 'e heide gebeurd wêze, nei't se my fortelden, dat dêr in krânse forbrând waerd. Se hienen alles ticht makke, mar in rútsje forgetten, dat der út wie. Dêr wie de kat ta'n út sprong, en bûtendoar wie 't in minske woarn.
Alde Tryn wenne yn Garyp. Hja wie bolkoerrinster en koe tsjoene. As se der op út gong to tsjoenen foroare se har yn in hazze. Foar bern wie se levensgefaerlik. Op in kear hie se wer in bern bitsjoend. De âlders gongen op tiid nei Wopke duvelbanner ta. Dy sei: "Jimme matte de matte foar de doar optille en dêr goed hwat krusen opsette, dan komt de...
Tsjoensters koenen har yn swarte katten foroarje en krânsen yn 'e kessens tsjoene. Men lei duveldrek ûnder 'e drompel, dan hiet it dat de tsjoenster der net oer komme koe.
Se dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompels. Dan koenen de tsjoensters der net oer komme.
In swarte kat hie men it net op stean. Dy moest altyd bûten 'e doarren hâlden wurde. Der hat yn Sumarreheide in jonge slim siik west. Dêr krige de kat doe de skuld fan.
Op it earste Dúnsterhout op 'e Dunen yn 'e Harkema seagen ik en myn kammeraet Rinse de Wind us in kear sawn katten achter elkoar. Sy hienen kroltsjes yn 'e snorren, sa moai hienen se elkoar makke. Dat ha tsjoensters west, dy soenen hjir of dêr in forgadering hâlde.
Op Skûlenboarch sochten âlde froulju froeger alle triedsjes en toukes op, dat de tsjoensters se mar net bisette koenen foar de krânsen.
By ús mem en dy is 't âldste jonkje stoarn. Se woenen wol ha dat er bitsjoend wie. Letter woarde der wer ien fan 'e jonges siik. Doe tocht mem: Nou wol 'k der op tiid by wêze. Hja toarnde 't kessen iepen en rôp: "Dêr ha 'k him al!" Doe hie se in krâns yn 'e hannen. Dy ha se forbrând en 't bern is wer better woarn.
Yn Aldegea spoeke de man fan 't slot. Yn 't West spoeke it ek hiel bot. Dêr wienen bern forstoarn, dy't har gerak net krigen hienen mei 't biklaeijen. Der wie ek in tsjoenster. Dy fleach mei in gleone latte om 't hûs hinne en tsjoende krânsen yn 'e kessens.
Dêr wie yn Garyp ris in famke bitsjoend. Doe gongen se nei greate Wopke ta. Wopke sei: "Jim matte it kessen neisjen dêr't it bern mei de holle op leit. Dêr komt in krâns út dy't jimme opbrânne matte. De earste de bêste dy't by jimme op 't hiem komt, dy matte jim der ôfskoppe, hwant dat is de tsjoenster." It wie de bolkoerrinster dy't dêr 't earste kaem....
Dêr wenne nòch in tsjoenster yn Garyp, dy wie ek bolkoerrinster. Dêr neam ik de namme leaver net fan. Dy ried op 'e biezemstôk troch de loft mei de bolkuorren by har. Doe wie dêr in jager, dy tocht: dêr fljocht in grouwe ein hinne. Hy laedde it gewear en skeat. Doe rekke er ien fan har kuorren en doe kamen der allegearre bôllen en boltsjes del. Dy naem er...
Ien hat my us forteld: Ik stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy moesten ite. Der wie net ien yn fjilden of wegen to sjen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne. Ik woarde danige kjel. Ik sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.22091
Antsje Fiter roan mei in kuorke mei snypsnaren. Dêr sieten ek fiters yn. Dêr hie se de bynamme fiter fan. Hja wie in tsjoenster. As der ergens in poppe geboaren wie, mocht hja der net yn. Hja hat by guon krânsen yn 'e kessens tsjoend.
Der binne tsjoensters, dy kinne har yn in pod foroarje. Guon kinne troch 't kaeisgat hinne komme. Mem makke wol us in krús foar de doar. Dat wie om dat folkje to kearen. Sy hat ek wol in lapke mei duveldrek ûnder 'e drompel hawn, hwant der kom wol us in âld wiif by ús, dy fortroude se net.
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
61