Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
65 results
Place of Narration: Sumar
Yn Sumar, by 'de Koekoek' bigjint de Grabbeloane. Dêr spoeke it altyd. Dêr roan altyd in juffer om. Dêr hat in slot stien, dêr wenne in graef yn. Dêrom hyt it dêr Grabbeloane. Dêr is alris in kear in rydtúch mei in juffer der yn samar yn 'e groun sûnken.
nl.verhalenbank.25631
Greate Evert wie in spoek fan 'e Sumarreheide. Hy kaem jouns let achter de minsken oanslûpen en dan bûgde er fan achteren syn holle oer 't skouder fan 'e minske hinne. Hy wie ôfgryslike lang.
nl.verhalenbank.31631
Yn Droegeham wennen in pear âlde minsken, dy hienen nachts brandewyn op 'e holle. Dan hienen de kweade geasten gjin fet op har.
nl.verhalenbank.21183
By in boer op Burgumerheide gebeurde it us dat de tsjernmoune de hiele nacht trochdraeide, sûnder dat der hynders foar roannen.
nl.verhalenbank.21366
Fan 'e Geriper hoeke (de âlde tramwei) nei Garyp ta spoeke yn 'e buert fan Bôkke Algra in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21367
Op 'e Tike spoeke in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.25638
Yn Muntsjesyl (Gr.) stie in boereplaets, dêr koenen jy it achterhûs net delkomme. Sa spoeke it dêr. Myn omke Klaes Mozes is dêr yn dy stâl us smiten woarn. Mar hy seach neat, oars hied er dyselde wol pakt.
nl.verhalenbank.20233
Age Bergsma (wennet nou op 'e Sweach) seach ris op in nacht trije dames, alhiel yn 't wyt, hjir deun by. Hja gongen oerdwars. "Doe't ik der oan ta wie," sei er, "wie der neat mear."
nl.verhalenbank.20395
Ik haw us op in moarne bitiid oan 'e Lytse wei by de Harkema âlde Wypke sjoen. Sy hie in Ingelsk learen skelk foar. Doe wie se al in pear jier lyn formoarde.
nl.verhalenbank.20222
Bennema-state to Hurdegaryp: De hekken dy't jouns tichtdien waerden stienen de oare moarns altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.21128
Myn heit wie trije jier, doe forlear hy syn âlden al. Hy woarde greatbrocht by âlde Abraham van der Leest, syn omke. Froeger gongen se to meanen mei de Earnewarren. Dan moesten se de Prikwei del. Dêr moesten se dan neigersmeane. Heit en Abraham wienen togearre. "Jonge," sei Abraham tsjin heit, "wy koenen wol hwat blêdreid ôfmeane yn dy sleatskant. Dan...
nl.verhalenbank.24514
Piter Poes kaem út 'e kusten fan Liphuzen. Dêr wie er wol hwat bikind. Op in kear wie er dêr hinne. Doe't er wer nei Sumarreheide ta soe trof er twa advokaten. Dy soenen út to riden nei Garyp ta. It wienen Lubbert en Olfert. Piter Poes koe se wol. It wienen greate stjonkerts. Se rûpelen it gewoane folk út. It wienen hiele minnen. Piter frege of er mei...
nl.verhalenbank.32069
De Abbekaten 'It Abbekatelân leit by de Spoeketsiene. Wy koenen it lân oars net as De Abbekaten. Yndertiid binne der twa abbekaten fan Olterterp, Beetstersweach helle. Lubbert hiet de iene, dat sei ús mem altyd. Lubbert en Olfert hjitten se. Dy twa abbekaten spoeken nci har dea dêr by Olterterp om en de minsken hienen der tige lêst fan, foaral yn 'e...
nl.verhalenbank.13716
Tichte by de Drachtster Pipe is Teadehoekje, by de Slingerwei. Dêr spûket it. Dêr op 'e hoeke ha se froeger in fékoopman formoarde. Dat wie Teade. Hy hie nei de merk ta west dêr't er in koe forkocht hie. 't Jild hied er yn 'e bûse hawn. Dat hienen se him ûntstellen. Letter seagen guon dêr yn 'e nacht in man oer de wei hinne krûpen mei in koe oan 't tou....
nl.verhalenbank.36260
Us mem fortelde, hja soe op in kear in prater ha. Dat wie Hinke-muoi, dy wenne by it tolhek to Sumar. Hja hienen ôfpraet, hja soenen elkoar tomjitte rinne. Us mem roan de Burgerreed del. Doe seach se Hinkemuoi oankommen. Doe't se by de hekke wienen sahwat op healwei sei mem tsjin Hinke-muoi: "Kom, dêr wiest al." Hja hie 't net sein of hiele Hinke-muoi wie...
nl.verhalenbank.31483
Op it tsjerkhôf yn de Pein spoeke it. Us omke wie slachter, dy gong us op in joun oer it tsjerkhôf fan de Pein nei 't Swartfean. Doe wie dêr in wyt spoek en dat siet him nei. Hy woarde sa deabinaud, dat hy hat it ridskip der mei forspile.
nl.verhalenbank.21192
Op 'e Hearrewei spoeke it. It wie in wite gedaente. It wie in manspersoan. Myn omke wenne yn 'e Wierren. Op in joun hied er nei de horloazjemakker west yn 'e Pein, omt syn horloazje net doogde. Doe't er werom kom, siet dyselde yn 't wyt achter him oan. Alhiel út 'e liken kom omke thús. Syn mem frege: "Hwat skilt dy?" It spoek hie him oan 'e doar ta folge.
nl.verhalenbank.21187
Paulus en Klas wennen yn 'e Sumarrebuorren. Paulus liet in pear skuon nei mei sulveren gaspen. Foar syn dea liet er Klas bilove, dy mochten net forkocht wurde. Mar Klas rekke sa yn 'e earmoede, dat hja die it al. Doe oppenearre Paulus him letter hyltyd. Klas hat der doe foar soarge dat de skuon der wer kamen.
nl.verhalenbank.21369
Ik wie in fanke fan in jier of 14, 't wie yn 'e nacht, ik lei op bêd. Ik wie wol klear wekker, hwant ik siet op 't lêst yn bêd, sa bang waerd ik. Ik tocht: se binne hjir yn 'e skuorre oan 't terskjen, ik hearde it hiel dúdlik. Mar 't wie net sa fansels, hwant dat koe net. De oare moarns ha se dêr terske. Ik hie 't dus de nacht tofoaren al heard.
nl.verhalenbank.31797
Lytse Wibe (Wibe Paulusma fan Sumar) wie fisker op 'e Burgumer Mar. Op in joun, doe wied er sahwat by Winterswyk (by de B.mar) kaem syn mem samar ynienen by him yn 'e skou. Doe wie hja al lang dea. Wibe doarst letter net wer nei de mar ta to fiskjen.
nl.verhalenbank.21368
65