Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
91 results
Place of Narration: Sumar
Piter Poes wie duvelbander en wenne op Sumarreheide. Op in kear moest er nei in frou ta fanwege tsjoenderij. Hja wienen drok oan 't praten, doe sei de frou: "Ik mat even nei de panne mei sûpenbrij, oars siedt dy oer." Piter Poes sei: "Wachtsje, 'k sil wol even mei." Doe stie de brij in hiel ein boppe de panne, en dochs sea se net oer.
nl.verhalenbank.25624
Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, hat de beide adfokaten Lubbert en Olfert út 'e Sweach weihelle mei in wein en doe hat er se nei in stik lân brocht by de Krúswetters, dat de namme Advocatelân krige. Dy advokaten spûkje dêr noch altiten om. Mei de klomp makke Piter Poes in sirkel yn 't lân en spriek de ban oer de beide mannen út. Hja koenen...
nl.verhalenbank.31901
Tsjoensters koenen har yn swarte katten foroarje en krânsen yn 'e kessens tsjoene. Men lei duveldrek ûnder 'e drompel, dan hiet it dat de tsjoenster der net oer komme koe.
nl.verhalenbank.31900
Der wie in man siik. Hy wenne dy kant út nei Burgum. De frou gong nei Piter Poes om in drankje. "Tink der om," sei Piter Poes, "ûnderweis binne der hounen, dy wolle 't drankje brekke." Der wie ûnderweis in houn by har opsprong en dêrtroch rekke de flesse mei drank stikken.
nl.verhalenbank.25626
Dêr wie yn Garyp ris in famke bitsjoend. Doe gongen se nei greate Wopke ta. Wopke sei: "Jim matte it kessen neisjen dêr't it bern mei de holle op leit. Dêr komt in krâns út dy't jimme opbrânne matte. De earste de bêste dy't by jimme op 't hiem komt, dy matte jim der ôfskoppe, hwant dat is de tsjoenster." It wie de bolkoerrinster dy't dêr 't earste kaem....
nl.verhalenbank.32174
Myn frou har mem wenne as faem by in boer yn Wjelsryp (dicht bij Franeker). Doe gebeurde it op in kear dat se gjin bûter meitsje koenen. Doe gongen se nei Greate Wopke, de duvelbander ta. Wopke sei: "Jimme matte in tsiis ûnder 'e parse wei krije en dy yn in hantsjettel mei wetter dwaen. As it wetter siedt, dan komt de dieder wol. De faem siet achter de...
nl.verhalenbank.32918
Yn Suwâld wenne in frommeske, dat wie in muoike fan Antsje Kak fan Garyp. Dat frommeske wie in raren-ien. Sy wie ek bot oan 'e drank. Op in moarn ha se har dea foun mei de nekke omdraeid. Dat hie de boaze dien fanwege har rare streken.
nl.verhalenbank.20275
Der binne tsjoensters, dy kinne har yn in pod foroarje. Guon kinne troch 't kaeisgat hinne komme. Mem makke wol us in krús foar de doar. Dat wie om dat folkje to kearen. Sy hat ek wol in lapke mei duveldrek ûnder 'e drompel hawn, hwant der kom wol us in âld wiif by ús, dy fortroude se net.
nl.verhalenbank.20274
Wierd Hoogstins fan Garyp gong nei Hinse ta dy't op it Swartfean wenne. Hy moest in drank ha foar 't fé. 't Wie yn 'e winter en hy hie de redens by him. "Hast redens by dy?" "Ja." "Dû meist werom net ride, dan krigest in ûngelok. Dû mast gean." Dat wie ôfpraet. Mar Wierd hâldde him net oan dy ôfspraek. Op Nyegeasterhoek die er de redens ûnder. Mar doe...
nl.verhalenbank.32459
Yn Feanwâldsterwâl siet in keardel yn 'e kroech, dy wie dronken. Hy sei it raer op en flokte dêrby grouwélich. Mar doe moete er de kweade, doe't er bûten wie. Dy smiet him yn 'e feart. Doe't hy der wer út kom, dreauwen syn pet en syn klompen noch yn 'e feart. Doe't er dy seach, sei er: "Elk ret him sels, hear, bliuw jim der mar yn."
nl.verhalenbank.20268
Piter Poes wie in echte duvelbanner, dat wie syn birop. Hy hie macht oer de minsken. Hy wie oarspronkelik net fan Sumarreheide, hy kaem de Liphústerkant út wei. Hy hat wenne oan 'e âlde tramwei yn it hûs dêr't nou Piter Mudstra wennet en, efkes neijer yn 't hûs dêr't Geart de Haan yn wenne hat. Hy hat him yn 'e Bosk ophong oan in bjirkebeam.
nl.verhalenbank.32057
Piter Poes waerd yn Sumarreheide meastal Piter Prikke neamd. Hy is stoarn foar 1900. Syn wiif dat wie Piter Prikke Tryntsje. Dy is dearekke ûnder 'e tram yn 1904. Hja wie doe al in skoftsje widdou. It gebeurde tusken it hûs, dêr't Piter Mudstra yn wennet en de hoeke fan 'e Ielke Boonstraloane, tichte by hûs. De namme fan Pieter Poes wie, mien ik, van der...
nl.verhalenbank.32282
Ien hat my us forteld: Ik stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy moesten ite. Der wie net ien yn fjilden of wegen to sjen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne. Ik woarde danige kjel. Ik sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.22091
Ien roan de Swarte wei to Eastemar del. Hy wie foar net ien bang. It wie in swearder en in swetser. Doe kom der in hiele greate keardel oan. Dy sei: "Bist hjir?" En doe sprong dy keardel him achter op 'e rêch. Hy woech as lead sa swier. Hy hat him oan 'e Mûzegroppewei ta sjouwe matten. 't Wie de kweade.
nl.verhalenbank.12226
Yn 'e Sumarreheide op 'e pasterijelânnen yn 'e bocht is Hindrik de Graaf, mei de petroaljekarre en de beide hounen dy't er foar de karre hie samar oer de dyk hinne smiten woarn. It nuvere wie dat de petroaljebussen noch like rjocht yn 'e karre stienen. Hindrik doarst letter noait wer oer de pasterijelânnen, hwant dit wie wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.21363
Piter Poeske Ik ha wol ris heard, hoe't er oan syn bynamme kommen is. Dat kaam, seinen ús heit-en-dy, trochdat er altyd by de boeren helle waard, as it net tsjernje woe. Dan liet er him nei de molkenkelder bringe en rûn er om 'e aden hinne. Iderkear stiek er de finger yn 'e rjemme en dan slikke er mar, krekt as in kat. Hoe't er him skreau, wit ik net...
nl.verhalenbank.13014
Adam Hurdrider wie de kampioenreedrider fan Fryslân. Net ien dy't hurder ride koe as hy. Op in kear hied er wer nei in hurdriderij ta west en de earste priis woun. De measte hurdriders stutsen nei ôfrin yn 'e herberch oan, mar dat die Adam noait. Dy makke dan dat er thús kaem. Drank woe er net ha. Hy streke aerdich ta op wei nei hûs ta. Doe fornaem er dat...
nl.verhalenbank.32159
Der wie in âld man - 't sil yn 'e buert fan Drachten west ha, tink ik - dy hie fé op 'e stâl stean, mar dat fé wie allegear bitsjoend. De kij woenen gjin drinken en gjin fretten ha en 't wienen allegear skarminkels, sa meger wienen se. By dyselde man gong alle dagen in drip bloed troch de souder hinne en dy foel altyd yn 't kopke dat op 'e tafel stie en...
nl.verhalenbank.36258
Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide. As jonges rôpen wy him achternei: Piter Poes mei de hannen yn 'e boes, it himd op 'e teannen, dêr komt Piter Poes oanfleanen. Ik wie us mei in stik of hwat oare jonges op 'e Pasterijelânnen yn Sumarreheide. Ien fan myn maten sei sa: "Men sjocht Piter Poes tsjintwurdich noait." Hy hie 't net sein, of dêr...
nl.verhalenbank.12229
By Burgumerdaem wie in timmerman, dy hie 't bakje mei ridskip oer 't skouder. Hy hie to timmerjen west en wie op wei nei hûs ta. Underweis hied er oanstutsen en 't wie al hwat skymrich. Hy wie frijhwat rûch yn 'e mûle. Underweis helle ien him yn, dy roan njonken him. "Goeije navend", sei de timmerman, mar de oare sei neat. "Wolstû forrekkeling, neat...
nl.verhalenbank.31811
94