Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jehannes van der Zee wie in raren-ien. Sweare en flokke en swetse en mâltjirgje, dat koed er omraek. Hy sei altyd, hy woe de duvel noch wol us sjen. Hy wie arbeider by de boer. Op in moarntiid soed er nei de boer ta. Hy roan de Harsteloane del. Doe kom him dêr ien op side. Dyselde sei neat. Jehannes sei ek neat. Mar hy seach wol, dat it forkeard spul wie....
nl.verhalenbank.12244
As men nei de duvelbander ta west hie om drank en men roun oer de Houtsjepaden (= Skeltepaden) by Bouwekleaster (ûnder Harkema), dan rekke dêr de drank altyd stikken.
nl.verhalenbank.20238
Op 'e Tike wie in jonge bitsjoend. Se hellen Piter Poes der by. Dy makke mei de lodde in goatsje om it strjitsje hinne by de foardoar. Doe die er dêr hwat yn 'e groun, dat er mei modder bistoppe.
nl.verhalenbank.12249
Op de Harste stiet in hûs: It earrebarrenêst. Dêr hearden se froeger alle nachten de tsjerne gean. En dochs wie der neat.
nl.verhalenbank.25630
Egbert Sint fan 'e Harkema hie in wikseldaelder.
Frijmitselders ek. Sy hearre allegear oan 'e duvel ta. En sy matte allegear guon deameitsje.
Tsjoensters ek.
nl.verhalenbank.20229
Alde Branders Durkje yn 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Us mem hie 't net op har bigrepen.
Mar hja gong hinne en lei duveldrek njonken 't hûs del oer 't hiele hiem hinne oan 'e sleat ta.
"Nou kin se der net wer lâns komme", sei mem. En 't wie ek sa. Durkje bleau wei.
nl.verhalenbank.20215
Yn duveldrek skûlet blykber in aparte kracht. As ien duveldrek by him hat geane de hounen altyd op 'e loop. Dy wurde dan bang.
nl.verhalenbank.31495
Evert tsyske (= E. Bergsma) wie skeper op 'e Sumarreheide. Op in kear wie er mei syn skiep op 'e hoeke fan 'e Hearrewei en de heidewei. Doe sei Piter Poes: Ho.
Evert koe net in stap mear forsette en de skiep al likemin.
nl.verhalenbank.32058
Hjir op 'e heide wenne ek in tsjoenster. As dy yn 'e hûs kaem ergens dan wienen se bang dat se de bern bitsjoende. Hja brûkten duveldrek tsjin 'e tsjoenderij.
nl.verhalenbank.31796
Piter Poes, de bikinde duvelbander fan Sumarreheide hat himsels ophong oan in bjirkebeam.
nl.verhalenbank.32276
Piter Poes haw ik net mear kend. Hy wie duvelbander en wie net troud. Hy wenne yn in lyts hûske, dêr hat letter Sudema yn wenne. Doe't er dea wie ha se in protte sinten foun boppe yn it ûleboerd.
nl.verhalenbank.31795
Yn Aldegea hienen se faek duveldrek ûnder 'e drompels om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.21198
Wopke wie duvelbander. Hy leaude sels oan syn praktyk, sei syn omkesizzer Klaes v.d. Glas. Hy hat yn tsjinst west by dokter Veenstra yn Kûkherne.
Wopke wie in raer feint. Ek yn 't rjocht wied er hiel hwat mâns. Hy wie great en houten. Under 'e hals hied er twa gouden knopen. Hy wie klaeid yn in kamesoalen jas en in Turkslinnense broek.
Hy hie toffels oan...
nl.verhalenbank.32479
Op in kear is er yn 'e nacht de wei lâns gien yn Sumarreheide. Doe wie der oan 'e oare kant fan 'e wei ek ien dy't mei him oproan. Dat wie ien west mei in sturt as in biezem. Neffens pake hie dat de satan west, dy't him forliede woe.
nl.verhalenbank.32281
Op 'e Sumarreheide hienen se altyd duveldrek ûnder 'e drompels foar de nachtmerjes. Dy kommen by de hynders en makken de dieren flechtsjes yn 'e sturten.
nl.verhalenbank.20281
In tsjoenster kin men keare troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen. Dan kin se net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.12240
Duveldrek dienen se froeger ûnder 'e drompel en ûnder 'e bargetrôge en sy hienen 't ek yn 'e bûse. Allegear om 'e tsjoensters tsjin to gean.
nl.verhalenbank.24645
Yn 'e Kompenije ken ik minsken dy ha noch yn 't reid boppe de doar duveldrek sitten; dat dogge se om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen.
nl.verhalenbank.32178
Dêr stie de Ferkearde
Alde Folkerts Antsje, dy wenne dêr efter op 'e Tike. Se wie, tink ik, sawat yn 'e midden fan 'e foarige ieu berne. Dy hie altyd ferhalen oer de duvel. Se moast dan yn har jonge jierren faak fan 'e Tike nei de Pein om boadskippen. Doe wienen dat noch houtsjepaden en dan de Tikefeart dêr lei in lyts houten brechje oer. 'En op dat...
nl.verhalenbank.12960
Fan de duvel net bang
Dat ferhaal fan âlde Johannes van der Zee, dêr is destiids bot oer praat woarn. Hy wie fêst arbeider by Bonne Sjoerds. Hy wenne hjir op 'e heide (Sumar) en dan moast er de paden del (de Gariper kant út). Hy koe ek binnentroch gean, de Pastorijeloane del. It jout de measte eigenskip dat er dat die—dan moast er tusken de âlde diken en...
nl.verhalenbank.12961