Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
91 results
Place of Narration: Sumar
Hanne Foekes wie in tûke fisker. Hy wenne yn Eastemar. Mar hy hie de duvel ta syn maet. Hy sette altyd kofje foar twa man, foar himsels en foar Jan. Jan dat wie de duvel. Dy geat er ek in kopke yn. De duvel hat him op 'e Leijen de nekke omdraeid by de Tryntsjemoaispôlle.
nl.verhalenbank.12239
Op in kear wie Jehannes van der Zee yn de Pein oan 't klaeimodder laden. Hy laedde de terpmodder fan 'e bult op 'e wein en ried der dan mei nei 't lân ta. In eintsje fierder, sa fortelde Jehannes, stie ek in keardel. Dy wie ek oan 't laden by in klaeimodderbult. En dy stapte om 'e wein hinne, sei er, en dy sette de sketten torjochte en dy stapte wer om 'e...
nl.verhalenbank.33357
Ien fan 'e Tike hat my forteld: Ik (dit wie âlde Jan Potskipper syn wiif) stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy masten ite. Der wie net in minske to sjen yn gjin fjilden noch wegen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne. Ik woarde danige kjel en sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.12234
Yn Drachtster Kompenije hat Eise Poal wenne. Dat wie in flokker en in spotter. Op in joun hie dêr ris lawaei west, boven yn 'e skuorre. 't Gong der bot oan wei, mar Eise wie net bang. Der wie net ien dy't dêr hinne doarst, mar Eise wòl. Hy flokte om 't oare wurd en doe't er boven op 'e leider stie, sei er: "Hwer bistû, foar den duvel?" Hy hie 't net sein...
nl.verhalenbank.32928
Yn Garyp wie in paedstje fan Brandsma's plaets nei de Inia-wei. Oer de sleat lei in greate wylgemûs. Dêr spûke it altyd. Dy beam wie trochsage troch de duvel. It iene stik siet in bult takken op dy't dêr oan groeiden, it waerd altyd neamd Bucheltsje-hout. Dy't oer dat houtsje stapte by nacht waerd yn 'e sleat reage. Dêr doarst men by nacht net lâns.
nl.verhalenbank.32068
Jehannes Meerstra wenne op Feanwâldsterwâl. Dy hie hwat mei de duvel to meitsjen. Hy koe allerhande duvelskunsten. Hy hie samar in leger katten om him hinne. Hwer't dy allegear wei kommen koe net ien bigripe. Hy koe froulju samar de rokken útsakje litte en de broek ek. Hy sei it en 't gebeurde. Kom er op in plak, dêr't in tange by 't hurdsté hong, dan...
nl.verhalenbank.17073
Hjir hat ek in feint wenne, dy wie ek hiel rûch. Flokke en oangean, oars koed er net. Doe wied er in kear op 'e Griene Loane (to Sumar by 't bigjin fan 'e Hearrewei). Dêr hat de duvel him topakken krige en hiel bot smiten. Hy hie om tabak west. Idere kear as de duvel him smiten hie lei der in kladde tabak op 'e loane. Sa bot wie 't oankom.
nl.verhalenbank.24518
Der wie in faem, dy woe graech in feint ha. Hja sei: As wie 't de duvel ek, as ik mar in feint krij. Doe kom der de jouns ien by de doar mei in hynstepoat. Dy kom om de faem. Hy woe mei har op stap. Hja gong nei him ta en sei: Ik bin noch net klear mei 't skûtelwaskjen. Wolle jo salang tiid dwaen as dat klear is? Jawol sei er, salang sil 'k wol wachtsje....
nl.verhalenbank.36256
It gebeurde ris dat der yn Burgumerheide in faem net goed wie. Doe gongen se nei Piter Poes ta om ried. Piter sei, hy soe by de faem komme. Hy ried op 'e hounekarre mei Steffen Prûk dêrhinne. 't Wie Steffen syn karre. Piter frege de âlden dit en dat, doe sei er: "Nou wit ik it wol. Jow my it fanke har holkessen mar ris." Dat snie er iepen. 't Wie in...
nl.verhalenbank.32314
Piter Poes wie in lyts mantsje. Hy wie duvelbanner. Ik ha him net mear kend, mar ik ha faek oer him fortellen heard. Hy wie duvelbander. As der ien bitsjoend wie, waerd Piter Poes der by helle. Sa wie der op in kear yn Burgumerheide in jonge bitsjoend. Dy jonge wie tige siik. Piter Poes waerd ûntbean en dy dêrhinne op 'e hounekarre, dêr't er 2, 3 hounen...
nl.verhalenbank.31488
De stiennen ûlebuorden. 't Wie needwaer, it stoarme dat it hwat die. Der wenne in boer yn Ingelum, dy syn plaets wie striemin. Hy wie sahwat oan 't omfallen ta. Dy pleats stie in eintsje bûten-út. De boer hie nei 't doarp ta west en wie nou ûnderweis nei hûs ta. 't Wie op 'e joun. Dêr kaem in man him opside, dy roun mei him del. De boer sei tsjin him: "Ik...
nl.verhalenbank.31897
Alle hounen wienen skruten foar Piter Poes. Al wienen 't nòch sokke lulke hounen, se soenen him noait hwat dwaen.
nl.verhalenbank.32316
Ek in kear doe is er oer de Lange Wyk smiten woarn troch in lyts swart hountsje. Mar dat hat de boaze west, jonge.
nl.verhalenbank.20220
Op 'e Hearrewei dêr roan us in man, dy hie tabak by him. Twa man kommen út 'e herberch wei, dy hienen in stik yn 'e kraech en roannen mei him op. Hy helle in toppe tabak út 'e kladde, smiet dat op 'e wei en sei: Dêr, duvel. Dat die er noch in pear kear en elke kear sei er: Dêr, duvel. Doe kom der him ynienen in ding op 'e holle krektlyk as wie 't in...
nl.verhalenbank.12263
Jehannes van der Zee wie arbeider by Sjoerd Bonnes to Sumar. Jehannes wie de greatste heiden fan 'e heide, dy't oan God noch syn gebot leaude. Op in moarn soed er nei Sjoerd Bonnes ta. Hy roan de Hearrewei net del mar roan de pasterijelânnen oer. Dêr roan in dyk mei hege beammen by it paed lâns. Underweis kaem der ien njonken him. "Goeije Morgen", sei...
nl.verhalenbank.32064
Yn Snits wie in frijmitselderij. Om dêr lid fan to wurden moesten se God en Kristus forwinskje. En sy moesten oer in gleonhite plaet hinne rinne. Koenen se dat net, dan mochten se gjin lid wurde. As se lid woarden, dan wienen se oan 'e duvel forkocht. As se forlet hienen fan jild, hoefden se mar op it bêdsdoarke to klopjen en sy krigen it. Mar sy mochten...
nl.verhalenbank.21195
Albert Alma fan 'e Harkema wie myn omke. Syn wiif hiet fan Tet. Ien fan syn soannen wie Teake Hut. In oaren hiet fan Wibe, dy leeft noch. Wy binne nei deselde neamd. Albertom wie yn syn feintejierren in raren. Hy wenne doe noch by syn âlden yn. Hy sûpte ôfgryslik en hy flokte grouwelich. En it gong altyd op in fechtsjen en snijen. Op in snein-to-joune kom...
nl.verhalenbank.12225
Alde Ljibbe' Wemel wie fan 'e duvel biseten. Har man gong tiisdeis nei Grins ta, nei de merk. Dan moest har broer by har komme hwant sy doarst net allinne to wêzen. De katten sieten by har yn 't finsterbank to miauwen en fleagen by de glêzen op, as se der net ynkommen. Ienkear wie der in stik lawaei by har op 'e souder. It wie krekt as woarde der in...
nl.verhalenbank.21361
Alle Tet fan 'e Harkema liet har pânse ek thús. Dat mat in dikke pânse west ha. Guon ha him wol us sjoen. Sy hat èk us by ds. Nieuwenhuis west mei iel, doe hie se allegear blauwe plakken op 't gesicht. Dat hie de duvel dien fansels. Dûmny frege: "Hoe komt dat zo?" Tet sei: "Wy ha koarte bêdsdoarren en dêr stomp ik my altyd mei de kop oan." Har man wie...
nl.verhalenbank.20226
Folkerts Antsje wenne op 'e Tike. Hja is wol 40 jier dea. Hja wenne oan 'e Susterwei op 'e Skieding. Elke saterdeijoun moest it minske nei Nyegea om boadskippen. Dêr hie se in great hekel oan, hwant dan moest se oer in brechje dat oer de Tykster feart lei en dêr spûke it. Dêr húsmanne de duvel. Op in kear hie se wer nei Nyegea to boadskipjen [west], doe...
nl.verhalenbank.32156
94