Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: drie Place of Narration: Sumar
Alle frijmitselders ha in wikseldaelder. Dêrfoar matte se trije kearen om it tsjerkhôf hinne rinne mei in siferse kat yn 'e sek by har en dan matte se trije kear achter elkoar roppe: "Wie koopt er die haas?" Dan is der ien dy keapet dy kat foar in daelder. Dat is, leau 'k, in soarte fan ryksdaelder. It is fansels de duvel dy't dat docht. Dy wikseldaelder,...
nl.verhalenbank.20343
It gebeurde ris dat der yn Burgumerheide in faem net goed wie. Doe gongen se nei Piter Poes ta om ried. Piter sei, hy soe by de faem komme. Hy ried op 'e hounekarre mei Steffen Prûk dêrhinne. 't Wie Steffen syn karre. Piter frege de âlden dit en dat, doe sei er: "Nou wit ik it wol. Jow my it fanke har holkessen mar ris." Dat snie er iepen. 't Wie in...
nl.verhalenbank.32314
Yn Snits wie in frijmitselderij. Om dêr lid fan to wurden moesten se God en Kristus forwinskje. En sy moesten oer in gleonhite plaet hinne rinne. Koenen se dat net, dan mochten se gjin lid wurde. As se lid woarden, dan wienen se oan 'e duvel forkocht. As se forlet hienen fan jild, hoefden se mar op it bêdsdoarke to klopjen en sy krigen it. Mar sy mochten...
nl.verhalenbank.21195
Jehannes van der Zee wie in raren-ien. Sweare en flokke en swetse en mâltjirgje, dat koed er omraek. Hy sei altyd, hy woe de duvel noch wol us sjen. Hy wie arbeider by de boer. Op in moarntiid soed er nei de boer ta. Hy roan de Harsteloane del. Doe kom him dêr ien op side. Dyselde sei neat. Jehannes sei ek neat. Mar hy seach wol, dat it forkeard spul wie....
nl.verhalenbank.12244
5