Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
62 results
Place of Narration: Sumar
Yn Aldegea hienen se faek duveldrek ûnder 'e drompels om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.21198
Ek in kear doe is er oer de Lange Wyk smiten woarn troch in lyts swart hountsje. Mar dat hat de boaze west, jonge.
nl.verhalenbank.20220
Se dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompels. Dan koenen de tsjoensters der net oer komme.
nl.verhalenbank.36269
Op in kear is er yn 'e nacht de wei lâns gien yn Sumarreheide. Doe wie der oan 'e oare kant fan 'e wei ek ien dy't mei him oproan. Dat wie ien west mei in sturt as in biezem. Neffens pake hie dat de satan west, dy't him forliede woe.
nl.verhalenbank.32281
Yn 'e Kompenije ken ik minsken dy ha noch yn 't reid boppe de doar duveldrek sitten; dat dogge se om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen.
nl.verhalenbank.32178
Yn Garyp wie in paedstje fan Brandsma's plaets nei de Inia-wei. Oer de sleat lei in greate wylgemûs. Dêr spûke it altyd. Dy beam wie trochsage troch de duvel. It iene stik siet in bult takken op dy't dêr oan groeiden, it waerd altyd neamd Bucheltsje-hout. Dy't oer dat houtsje stapte by nacht waerd yn 'e sleat reage. Dêr doarst men by nacht net lâns.
nl.verhalenbank.32068
Hjir op 'e heide wenne ek in tsjoenster. As dy yn 'e hûs kaem ergens dan wienen se bang dat se de bern bitsjoende. Hja brûkten duveldrek tsjin 'e tsjoenderij.
nl.verhalenbank.31796
Remmelt de Haan moest ris op in joun oer in houtsje yn 'e Sumarreheide. Dat houtsje lei dêr oer in sleat. Doe't er sahwat op it midden wie, fortelde er, waerd er opnaem en yn 'e sleat smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel, sei er.
nl.verhalenbank.31639
Guon ha in wikseldaelder fan 'e duvel. Dan ha se noait forlet fan sinten.
nl.verhalenbank.31637
Yn duveldrek skûlet blykber in aparte kracht. As ien duveldrek by him hat geane de hounen altyd op 'e loop. Dy wurde dan bang.
nl.verhalenbank.31495
Oan 'e Grieneloane achter it matrassefabryk op 'e Harste, dêr hat de duvel ien de nekke omdraeid. "Dêr mat jim foarsichtich wêze", sei ús mem altyd tsjin ús. Dyselde hie nei de buorren tawest om tabak to keapjen. 't Wie allegear tabak njonken him west.
nl.verhalenbank.31491
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. As se it gebou binnen komme, wurde se earst blyndoeke. Hja ha noait forlet fan jild. Sy sette mar in klomp foar de doar, dy is dan de oare moarns fol.
nl.verhalenbank.25641
Duveldrek dienen se froeger ûnder 'e drompel en ûnder 'e bargetrôge en sy hienen 't ek yn 'e bûse. Allegear om 'e tsjoensters tsjin to gean.
nl.verhalenbank.24645
Hjir hat ek in feint wenne, dy wie ek hiel rûch. Flokke en oangean, oars koed er net. Doe wied er in kear op 'e Griene Loane (to Sumar by 't bigjin fan 'e Hearrewei). Dêr hat de duvel him topakken krige en hiel bot smiten. Hy hie om tabak west. Idere kear as de duvel him smiten hie lei der in kladde tabak op 'e loane. Sa bot wie 't oankom.
nl.verhalenbank.24518
Alde Jan Klompstra's Ael siet yn 'e earremoed. Hja moest sein ha: "Hwat woe ik graech dat ik fiif en twintich goune hie, as joech de duvel it ek." Hja gong de Pasterijelannen del en dêr foun se in briefke fan fiif en twintich goune. Mar sy liet it lizze.
nl.verhalenbank.24516
Yn Sumar wenne in âlde frou Hoekstra, dy hie yn 'e keamer rogge struid yn in romte, dan kom de duvel net by har.
nl.verhalenbank.21197
Der binne minsken, dy ha in kontrakt mei de duvel sluten. Dy hingje jouns in lege ponge oan 'e leuning fan 'e brêge en dy ponge sit dan de oare moarns fol jild.
nl.verhalenbank.21122
Op 'e Sumarreheide hienen se altyd duveldrek ûnder 'e drompels foar de nachtmerjes. Dy kommen by de hynders en makken de dieren flechtsjes yn 'e sturten.
nl.verhalenbank.20281
Yn Suwâld wenne in frommeske, dat wie in muoike fan Antsje Kak fan Garyp. Dat frommeske wie in raren-ien. Sy wie ek bot oan 'e drank. Op in moarn ha se har dea foun mei de nekke omdraeid. Dat hie de boaze dien fanwege har rare streken.
nl.verhalenbank.20275
Iemke de Jong hat Tseard van Dekken us stean litten op Hamster merke. Tseard wie in raren. Hy is wol us smiten woarn troch de kweade.
nl.verhalenbank.20239
65