Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
43 datasets found
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: Sumar
Piter Poes wie duvelbander en wenne op Sumarreheide. Op in kear moest er nei in frou ta fanwege tsjoenderij. Hja wienen drok oan 't praten, doe sei de frou: "Ik mat even nei de panne mei sûpenbrij, oars siedt dy oer." Piter Poes sei: "Wachtsje, 'k sil wol even mei." Doe stie de brij in hiel ein boppe de panne, en dochs sea se net oer.
nl.verhalenbank.25624
Yn Sumar, by 'de Koekoek' bigjint de Grabbeloane. Dêr spoeke it altyd. Dêr roan altyd in juffer om. Dêr hat in slot stien, dêr wenne in graef yn. Dêrom hyt it dêr Grabbeloane. Dêr is alris in kear in rydtúch mei in juffer der yn samar yn 'e groun sûnken.
nl.verhalenbank.25631
Der wie in âld minske, dat koe har yn in hazze foroarje. Sy wenne op 'e Harste. Op in kear, doe siet dêr in grouwe hazze, flak by hûs. Dy roan by 't hinnehok lâns. Ik sil dy, âlde tsjoenster, deasjitte, rôp der ien mei 't gewear. En hy rekke de hazze. Mar de hazze naeide út. It hier fan 'e hazze siet oan 't hinnehok. De oare deis siet it âld-wiif yn 'e...
nl.verhalenbank.12260
De froulju wienen bang foar Jehannes Meerstra. Hwant as er it dwaen woe, liet er de froulju samar de klean útsakje. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.21119
In nachtmerje wie in frommeske. Dat siet de minsken nachts op 't boarst. Hja kom troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en struiden moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.36262
Der wie in man siik. Hy wenne dy kant út nei Burgum. De frou gong nei Piter Poes om in drankje. "Tink der om," sei Piter Poes, "ûnderweis binne der hounen, dy wolle 't drankje brekke." Der wie ûnderweis in houn by har opsprong en dêrtroch rekke de flesse mei drank stikken.
nl.verhalenbank.25626
Jehannes Meerstra wenne op Feanwâldsterwâl. Dy koe mear as in oar. Op in kear doe wied er op in freed yn Ljouwert op 'e joademerk. Dêr wie ek krekt in gûchelder. Dy smiet hiel bot mei in poppe om. De minsken dy't om him hinne stienen, mienden dat it in bern wie. It bern gûlde moard en brân. Der wienen froulju by, dy bigounen ek al to gûlen, sa'n meilijen...
nl.verhalenbank.21118
Achter Burgum wennen minsken, dy hienen in bern en dat rekke bitsjoend. Sy gongen nei de duvelbander ta en dy sei, it wie in âld wiif dy't it dien hie. Sy moesten it kessen mar ris neisjen en de krânsen dy't der yn sieten forbrânne. Sy moesten der foar soargje, dat alles goed ticht wie, de kaeisgatten en de skoarstiens ek, en de doarren op slot. Der siet...
nl.verhalenbank.25637
Alde Jan Klompstra's Ael siet yn 'e earremoed. Hja moest sein ha: "Hwat woe ik graech dat ik fiif en twintich goune hie, as joech de duvel it ek." Hja gong de Pasterijelannen del en dêr foun se in briefke fan fiif en twintich goune. Mar sy liet it lizze.
nl.verhalenbank.24516
Der wenne in frommeske yn Sumar, dat wie famylje fan Sterke Hearke. Hja luts samar twa kroadfollen jirpels troch de modder hinne. Net in keardel dy't it dwaen koe, hja die it allinne. Sy nom ek samar op elke earm in sekfol jirpels, dy't se nei de wâl ta sjoude. Hja skreau har Borger.
nl.verhalenbank.25634
Guon ha op 'e Wide Pet ûnder Surhústerfean in stem heard. 't Wie yn 'e winter, der lei iis. Der waerd roppen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Letter is der yn 'e Bouke-wyk oer iis in faem fordronken.
nl.verhalenbank.20214
Dêr wenne in âld minske yn Garyp-Sigerswâld, dy seach in ljocht rjocht op har takommen fan 'e rjochting Earnewâld. Doe sei se: "Hjir komt skielk in wei, dat is sa wis as hwat." En 't is ek neikaem. Mar it hat wol in 20 jier duorre, ear't dy wei der wie.
nl.verhalenbank.31803
Der wie in frou forstoarn en dy woarde op it tsjerkhôf bigroeven. De widner bleau mei twa bern sitten. Dy bern gongen elke dei nei skoalle ta. Dan moesten se it tsjerkhôf foarby. As se middeis thúskommen seinen se tsjin har heit: "Heit, mem sjongt yn 't graef." De widner woe dêr yn 't earst net oan, mar op 't lêst gong hy der doch us hinne. En doe hearde...
nl.verhalenbank.20329
Dizze minsken hieten fan Boom, omdat it skippers wienen, dy't de boom brûkten. Jantsjen wie in great gewant frommes. Op in kear moest se foar 't gerjocht komme. Doe sei de rjochter tsjin har, doe't se har namme neame moest: "Je ziet er ook net uit als een boom. De takken ontbreken er alleen maar aan."
nl.verhalenbank.32923
Yn Sumar wenne in âlde frou Hoekstra, dy hie yn 'e keamer rogge struid yn in romte, dan kom de duvel net by har.
nl.verhalenbank.21197
Dêr't nou Hamburg wennet hat earder in kastlein wenne, dy hat syn mem ophong, ek in hûs opbrând en syn eigen wiif forsûpt. Haeije Pyl fan de Tike (ek Haeije Klaphakke of Haeije Smyt oan 'e Balke) hat it foar him dien. Letter spoeke dêr altyd in dame yn 't swart. De kastlein joech him oan 'e drank oer.
nl.verhalenbank.32464
Antsje-mei-'t tsjil siet yn 'e rogge. Dêr wienen wy as bern deabinaud foar.
nl.verhalenbank.31794
Hil Mud wenne op 'e Sumarre Tike. Dy gong ek foar in tsjoenster troch. Dy mat ek wol bern bitsjoend ha.
nl.verhalenbank.21182
Dêr stie de Ferkearde Alde Folkerts Antsje, dy wenne dêr efter op 'e Tike. Se wie, tink ik, sawat yn 'e midden fan 'e foarige ieu berne. Dy hie altyd ferhalen oer de duvel. Se moast dan yn har jonge jierren faak fan 'e Tike nei de Pein om boadskippen. Doe wienen dat noch houtsjepaden en dan de Tikefeart dêr lei in lyts houten brechje oer. 'En op dat...
nl.verhalenbank.12960
In tsjoenster wie hast altyd in âld minske. Ik sei al dat der hjir ek ien wenne dy't der foar hâlden waerd. Dat wie âlde Piter Koaije Hinke, dy wenne hjir flakby oan 'e Boskwei, yn 't hûs dêr't Roel Nicolai wenne hat.
nl.verhalenbank.31808
35