Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: rijden Place of Narration: Sumar
Der wie in feint, dy tsjinne by in boer. Nachts wie der altyd in wyt hynder, dat kom by syn bêd. Dêr moest er nachts altyd op ride. It jongfeintsje wie dêrtroch oerdeis altyd tige warch en sliepprich. Doe sei er dat tsjin 'e oare feint dy't ek by de boer tsjinne. Hy sei: "Der is altyd in wyt hynder, dat mat ik útride." Doe sei dy feint: "Dû mast mei dat...
nl.verhalenbank.36263
Jehannes Meerstra hat tsjinne by Doede Postma. Dy wenne oan 'e Simmerdyk, oan 'e kant fan Burgumerheide. Op in moarn krigen Jehannes en de boer wurden, wylst se by de thétafel sieten. Doe soenen se dongride. Jehannes hie in wein laden. De boer hie de beide hynders klear. Dy spande hy der foar. "Fuort, beesjes", sei er. Mar de hynders bleauwen stean dêr't...
nl.verhalenbank.21120
Hjir wenje noch wol lju, dy't de lûden fan 'e tram heard ha foardat dy der noch wie.
nl.verhalenbank.32438
Op 'e Sumarreheide hearden se, foar dat de tram dêr kaem, de lûden al dy't er makke. En sy seagen jouns hwat foarbytuffen dat der útseach as in bargehok, fjouwerkant mei twa gleone ljochten der foar. Dat wie de lettere tram.
nl.verhalenbank.31641
Us heit wie noch net troud, hy hie al forkearing mei mem. Op in joun wie er nei har ta, doe ried sa mar ynienen de tram by harren lâns, hoewol dêr hielendal gjin tram wie. Twa jier letter kaem de tram der lâns; hja hienen dat dus fan tofoaren al sjoen.
nl.verhalenbank.31480
By 't winter mat it ris gebeurd wêze dat der minsken by elkoar stienen op it iis. Dy hearden in stim sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Dy stim kaem út in wek wei. Efkes letter kaem der ien oanriden en dy ried pardoes op it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31626
In soad minsken fan 'e heide ha fan tofoaren de ljochten fan 'e tram sjoen en ek de lûden heard, doe't hy der noch net wie.
nl.verhalenbank.31802
Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem dúdlik it gliden fan 'e tram oer de rails hinne. Ek guon seagen de ljochten fan tofoaren.
nl.verhalenbank.24638
De wei oer de heide wie froeger in reed; de Jelke van der Meer-wei hyt er nou. Guon minsken ha dy wei fan tofoaren dêr al sjoen. Sa ek de trambaen, dy ha guon ek fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.32063
Der wie in feint, dy kom fan Drachten. Syn faem wenne yn Burgum en dat wie in hiel ein rinnen snein-to-jouns. Op in nacht, doe kom er wer by de faem wei, doe wie dêr in hear, mei hynder en seas, dy hie ek nei de faem ta west. Dy moest ek nei Drachten ta. Hy frege dy hear of er mei ride mocht. "Né," sei de hear, "ik nim net ien mei." Doe sei dy feint: "Jo...
nl.verhalenbank.25640
Alde Melle Wolters wenne op 'e Sumarreheide. Hy hie wol gauris jounpraters. Op in kear hienen der twa froulju west. Dy rekken der yn 'e skimerjoun wer wei. "Hwat komt dêr oan?" sei de iene tsjin 'e oare. Der kom in great lang hok op it lân oan oan 'e westkant mei twa greate ljochten op. Der woarde net wer oer praet. Mar jierren letter kaem dêr de tram...
nl.verhalenbank.32458
Alde Jelle Polderdyk hat yn Grinzer Pein wenne. Dêr is er ek stoarn, yn 't werkhûs. Dy Jelle fortelde heit dat er froeger de tram sjoen hie, dy ried oer de Mearumer heide. Dat wie noch fier foar de tiid dat de tram der echt wie.
nl.verhalenbank.32920
Myn pake wenne oan 'e Ielke Boonstrawei, yn in spitkeet. Op in kear sei er: "Hjir gebeurt hwat." Hy hearde hwat hiel fluch foarby ratteljen. "'t Giet hurd," sei er, "en 't hie twa gleone egen." 15 à 16 jier letter is de tram dêr kaem. Krekt yn 'e bocht hie pake 't sjoen. "'k Seach him dúdlik oankommen", sei er.
nl.verhalenbank.32061
Yn 'e Sumarreheide op 'e pasterijelânnen yn 'e bocht is Hindrik de Graaf, mei de petroaljekarre en de beide hounen dy't er foar de karre hie samar oer de dyk hinne smiten woarn. It nuvere wie dat de petroaljebussen noch like rjocht yn 'e karre stienen. Hindrik doarst letter noait wer oer de pasterijelânnen, hwant dit wie wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.21363
Piter Poeske De ferhalen oer Piter Poes—Piter Prikke seinen se ek wol—ha wy meast heard fan heit en pake. It wie in duvelbanner hjir op Sumarreheide. De meastepart minsken op Sumarreheide wienen ôfgryslik bygelovich. As der wat net doogde, dan waard Piter Poeske al gau ophelle. It is by ús ek wol bard, dat se de kessens fan 't bêd skuorden om te sjen, oft...
nl.verhalenbank.13011
Guon seagen froeger altyd in ljochtsje oer de heide fleanen. Dat waerd letter de tram.
nl.verhalenbank.20397
35