Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: ploeg Place of Narration: Sumar
Sterke Hearke wie oeral bikend. Twa man kamen ris by him doe wie er op it fjild oan it ploeijen. Hja woenen mei him wrakselje, mar se koenen him net. Doe fregen se oan 'e man dy't dêr ploege, of er ek wist hwer't Hearke Witteveen wenne. Doe sei Hearke, wylst er de ploege mei de iene hân foarútstuts: "Sjoch, dêr wennet er." En mei de oare hân sloech er him...
nl.verhalenbank.31486
Greate Pier wie in hiele sterke keardel. Op in kear wied er us oan 't ploeijen. Hy hie 't hynder foar de ploege spand. 't Wie noch in âlderwetske ploege mei in houten balke. Doe kom der in fremde man op him ta en dy frege: "Wite jo hwer't greate Pier wennet?" Doe sloech Pier it hynder foar de ploege wei. En hy naem de ploege yn 'e rjochterhân en tilde him...
nl.verhalenbank.21123
Sterke Hearke wie us oan 't ploegjen. Doe wienen der minsken dy kommen by him en dy seinen, dat se dêr en dêr wêze moesten. As hy ek oantsjutte koe hwer't dat wie. Doe nom Hearke de ploege en wiisde der mei nei in hûs en sei: "Asjyblyft, dêr wenje se."
nl.verhalenbank.25635
Der wie ien dy woe mei Sterke Hearke wrakselje. Mar hy koe Hearke net. Doe't er yn Droegeham kom seach er in man, dy wie op 't lân oan 't ploegjen. "Wytst' ek hwer't Hearke wennet?" frege er. Doe sei dyselde: "Dêr wennet er." En hy tilde de ploege mei sturt en alles omheech en wiisde sa nei syn hûs. "O," hie dy man sein, "dan wit ik it wol." Hy wie...
nl.verhalenbank.32924
Sterke Hearke - it forhael fan 'e ploege.
nl.verhalenbank.32440
Der kommen ris guon, dy moesten by Sterke Hearke wêze. Tafallich fregen se him doe't er op it lân oan 't ploeijen wie. Se wisten net dat hy it sels wie. "Hwer wennet Hearke?" fregen se. "Hjir stiet er en dêr wennet er", sei Hearke en hy krige de ploech beet en tilde him op en wiisde der mei nei syn hûs.
nl.verhalenbank.31798
As jongfeint haw ik yn Norvenich yn Rijnlân yn Dútslân by in boer yn 't wurk west. Doe't dy boer dat jiers foar de earste kear ploege die er yn in linnen pûdtsje hwat hea en lei dêr twa aeijen yn. Dat pûdtsje mei dy beide aeijen hong er oer de ploechsbalke. Dat wie in symboal fan 'e fruchtberheit. De boer sei, dat it lân dan mear opbrochte.
nl.verhalenbank.32279
Der wie ris ien by Sterke Hearke kom wylst dy oan 't ploegjen wie. Hy frege Hearke hwer't dy en dy wenne. Doe hie Hearke de ploech mei ien hân beetpakt en dêrmei nei syn eigen hûs wiisd. Mei de oare hân hied er op 't boarst slein. "Dêr wennet er," hied er sein, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36241
Der kom us in man oan, dy moest nei Sterke Hearke ta. Doe seach er in boer, dy wie oan 't ploegjen. Doe sei er tsjin dy boer: "Kinne jo my ek fortelle, hwer't sterke Hearke wennet?" "Jawol", sei dy boer. Hy heakke it hynder út. Doe krige er de ploege yn 'e hân, dy stuts er rjocht foarút. Hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er.
nl.verhalenbank.24522
35