Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: man voorloop Place of Narration: Sumar
Heit kom ris by in âld man op 'e Harste, dy't siik wie. Hoe giet it? frege heit. It komt net goed. Ei, dat falt wol hwat ta, net? Né jonge, dat falt net ta, sei de âld-man. Myn dagen binne teld. De stienûle hat ta de skoarstien ynroppen "In deze maand zult gij sterven." Dyselde moanne ìs er ek stoarn.
nl.verhalenbank.12261
Piter Prikke biwearde altyd, dat er, foardat de tram ried, hy de lantearnen wol oankommen sjoen hie. 't Hienen wylde lantearnen west.
nl.verhalenbank.25627
Us heit wie noch net troud, hy hie al forkearing mei mem. Op in joun wie er nei har ta, doe ried sa mar ynienen de tram by harren lâns, hoewol dêr hielendal gjin tram wie. Twa jier letter kaem de tram der lâns; hja hienen dat dus fan tofoaren al sjoen.
nl.verhalenbank.31480
By 't winter mat it ris gebeurd wêze dat der minsken by elkoar stienen op it iis. Dy hearden in stim sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Dy stim kaem út in wek wei. Efkes letter kaem der ien oanriden en dy ried pardoes op it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31626
Myn soan sjocht de dingen soms foarút. Op in kear praette er mei syn maet. Dy syn heit wie siik. Mar de soan sei: "Hy knapt aerdich op de lêste tiden. Hy sil wol gau wer de âlde wurde." Myn soan sei: "Dat kinstû wol sizze, mar ik haw sjoen dat er mei de boerewein nei 't hôf brocht wurdt." It wie yn Garyp. In pear jier letter wie de man dea. De lykstaesje...
nl.verhalenbank.31791
Mei Maeije soe in boer fan 'e plaets en in oaren der op. Hiltsje Hamstra fan Aldegea sei: "Der komt in boer op to wenjen mei in wyt hynder. Ik ha 't foar de ploege sjoen." En sa gebeurde it ek. Der kom letter in boer, in sekere Rinse Martens de Vries to wenjen mei in wyt hynder. (Hiltsje hie 't fan tofoaren al sjoen.)
nl.verhalenbank.32466
Yn Garyp wenne âlde Adolf. Dy hearde yn 'e nachten guon timmerjen flak njonken syn hûs. Hy sei: "Hjir wurdt timmere, hjir komt hwat." Doe kaem dêr gaueftich dêrnei in timmersaek.
nl.verhalenbank.31804
Op in joun kaem der ien fan Sumarreheide de pasterijelânnen del. Doe hearde hy ynienen dat it hiel bot op in timmerjen gong. Der waerd mei planken en balken smiten en op 'e nael omkloppe en timmere. Dat wie oan 'e heidewei. De pleats fan Jehannes Romkes de Vries stie der doe noch net, mar hy sei: "Dêr komt skielk in hûs. Ik ha 't sa dúdlik heard." It hûs...
nl.verhalenbank.32060
Alde Jelle Polderdyk hat yn Grinzer Pein wenne. Dêr is er ek stoarn, yn 't werkhûs. Dy Jelle fortelde heit dat er froeger de tram sjoen hie, dy ried oer de Mearumer heide. Dat wie noch fier foar de tiid dat de tram der echt wie.
nl.verhalenbank.32920
Myn pake wenne oan 'e Ielke Boonstrawei, yn in spitkeet. Op in kear sei er: "Hjir gebeurt hwat." Hy hearde hwat hiel fluch foarby ratteljen. "'t Giet hurd," sei er, "en 't hie twa gleone egen." 15 à 16 jier letter is de tram dêr kaem. Krekt yn 'e bocht hie pake 't sjoen. "'k Seach him dúdlik oankommen", sei er.
nl.verhalenbank.32061
Myn broer wennet yn Warten. Hy hat dêr wit hoe faek yn 'e nacht timmerjen heard, sûnder dat dêr hwat wie. It echte timmerjen gebeurde letter.
nl.verhalenbank.32480
Wytse (van der Meer) en Rinskje wennen yn Burgumerheide. Wytse wie in plezierich man dy't altyd wille hie. Mar dat hâldde samar ynienen op mei Wytse. Hy woarde stil en hy seach altyd mar earnstich. Syn wyfke Rinskje frege him: "Is der hwat?" "Né," sei Wytse, "hwat soe der wêze?" Mar hy bleau altyd mar stil en earnstich. Rinskje frege al us wer en us wer,...
nl.verhalenbank.20330
Myn beppe fortelde, dat der hie in man yn Sumar wenne dy seach in bigraffenis. Dat hat west yn 1897. Hy neamde mar op en hy neamde mar op dy't achter it lyk oanroannen, hy koe se allegear by namme. Mar hy wist net hwa't der yn 'e kiste lei. In fjirtsjin dagen letter hied er sels dea west. 't Wie syn eigen bigraffenis, dy't er sjoen hie.
nl.verhalenbank.32916
Us pake seach ris in bigraffenis foar him. Dy wie sahwat in meter boppe de groun. Dy sweefde.
nl.verhalenbank.32280
Froeger gong ús famylje faek to meanen nei de Earnewarren. Op in simmer wie pake Tamme mei twa fan syn jonges Binne en Jelle dêr yn 'e blaugerzen by de Krúswetters. Jelle hie even nei hûs west om hwat op to heljen en kaem de oare moarns bitiid werom. "Hoe is 't hjir?" frege Jelle-om. "Wol goed, jonge," sei Binne-om, "mar 't wurdt mei de âld man minder....
nl.verhalenbank.31896
Pake fan memme kant wenne oan 'e Heidereed. De earste nacht doe't er dêr wenne, gebeurde der hwat. Hy sei de oare moarns: "Wy kinne hjir wolris hwat bileve. Ik bin hjir fannacht mei de hân tsjin in deakiste oanskaefd, dy't hjir yn 'e keamer stie." Itselde jier hat er syn frou forlern. Hja mat sa'n 40 jier west ha. It is sahwat yn 1873 gebeurd. Us mem wie...
nl.verhalenbank.31892
In âld man yn Sumar hearde yn 'e nacht in houn spûkgûlen foar in doar. Hy sei: "Hjir stjert yn 't koart ien." Dat wie ek útkom.
nl.verhalenbank.25628
Dyselde man seach ek in bigraffenis fan tofoaren. Hy sei: "Der rint in wyt en in swart hynder foar de wein." Dat leauden se net, hwant dat gong tsjin 't gebrûk yn. Mar 't kòm wol sa út. Troch omstandichheden moest der in wyt hynder by.
nl.verhalenbank.25629
35