Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: lijkstoet Place of Narration: Sumar
Alde Jochums Antsje wenne dêr't nou de widdou Popma wennet. Dy wie mei de helm geboaren en moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24513
It gebeurde froeger wolris, dat ien samar oan kant stompt waerd, as der in lykstaesje passeare moest.
nl.verhalenbank.25633
Ik ha ús heit en dy faek praten heard oer minsken dy't mei de helm geboaren wienen. Dy gongen der nachts ôf. Dan seagen se lykstaesjes. Dan fortelden se de oare deis: der roannen sàfolle manlju achter en sàfolle froulju. Soms seinen se tsjin ien: even oan kant gean, hwant dêr komt in lykstaesje oan. Mar de oare seach dan neat. Nachts moest in minske net...
nl.verhalenbank.36265
Beint Boonstra fan 'e Tike wie mei de helm geboaren. Dy seach oerdei altyd lykstaesjes. Dan moest er oan kant.
nl.verhalenbank.21186
Greate Sjoerd wie ek sa'n man dy't der soms yn 'e nacht út moest om nei bigraffenisstoeten to sjen. Jurjen van der Leest hat in kear mei him west. Dat hie er Jurjen biloofd, as der wer sa'n gefal wie soe Jurjen der by wêze. Jurjen woe dat graech ris bilibje. Doe naem er Jurjen mei oan 'e Sânwei-bosk ta, krekt by de âld tramwei. Dêr hat doe in lykstaesje...
nl.verhalenbank.31793
Myn beppe fortelde, dat der hie in man yn Sumar wenne dy seach in bigraffenis. Dat hat west yn 1897. Hy neamde mar op en hy neamde mar op dy't achter it lyk oanroannen, hy koe se allegear by namme. Mar hy wist net hwa't der yn 'e kiste lei. In fjirtsjin dagen letter hied er sels dea west. 't Wie syn eigen bigraffenis, dy't er sjoen hie.
nl.verhalenbank.32916
Ik ha wol minsken yn Burgumerheide kend, dy woarden oan kant set, doe't der in ûnsichtbere lykstaesje oan kom.
nl.verhalenbank.20269
Us pake seach ris in bigraffenis foar him. Dy wie sahwat in meter boppe de groun. Dy sweefde.
nl.verhalenbank.32280
Myn pake Tamme hat wenne yn in hûs, dat [op] in kampke lân achter dat fan myn broer Tamme stie op 'e Gariperheide (it wurdt altyd by Sumarreheide rekkene). Pake wenne dêr mei twa soannen: Jelle en Binne, dy't doe noch net troud wienen. Op in joun kaem Binne let thús. Hy sei tsjin Jelle: "Dêr hie 'k in nuvere moeting nyskes. Dêr kaem my in lykstaesje yn 'e...
nl.verhalenbank.31894
Ik en Wibe Weening hienen op in joun yn 'e Harkema oan 't kuijerjen west. Doe sei Wibe tsjin my: "Mast even út 'e wei gean." Wy stienen in skoftsje oan 'e kant fan 'e wei. "Nou kinne wy wol wer op 'e wei", sei er. Hy hie in lykstaesje foarbygean sjoen. Mar ik seach neat. 't Wie Pytsje Alma har man, dêr't er de bigraffenis fan sjoen hie. Dy is koart dêrnei...
nl.verhalenbank.20224
Dyselde man seach ek in bigraffenis fan tofoaren. Hy sei: "Der rint in wyt en in swart hynder foar de wein." Dat leauden se net, hwant dat gong tsjin 't gebrûk yn. Mar 't kòm wol sa út. Troch omstandichheden moest der in wyt hynder by.
nl.verhalenbank.25629
35