Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: hekserij Place of Narration: Sumar
Yn Aldegea spoeke de man fan 't slot. Yn 't West spoeke it ek hiel bot. Dêr wienen bern forstoarn, dy't har gerak net krigen hienen mei 't biklaeijen. Der wie ek in tsjoenster. Dy fleach mei in gleone latte om 't hûs hinne en tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.32467
Op it Earrebarrenêst op 'e Deltike, flak by de Harstewei, wennen twa healwize bruorren en in healwize suster. Dêr't dy wennen, dêr spoeke it.
nl.verhalenbank.12219
To Boarnburgum, by de Biskopsstien spoekje de trije biskoppen om. Guon ha se dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.12224
By it Weidumerhout troffen heit en syn twa maten ris trije moaije wite dames. Dy kommen der oanstappen. Heit en syn maten soenen to kanaelslatten. Sy seinen tsjin elkoar: Dêr wolle wy elk ien fan ha. Mar doe't se tichterby kommen, wienen de dames sa mar fuort as wie 't loft.
nl.verhalenbank.12223
Der wie in man, dy hie skuon mei echte sulveren gaspen. Dy gaspen hied er ien biloofd, as er kom to forstjerren. Mar dyselde krige se net. In oaren ien krige se. Doe hie de deade gjin rêst. Hyltyd kom er to spoekjen by deselde, dy't de gaspen hie. Doe hellen se de dûmny derby. Dy spruts it spoek oan. Doe fortelde er, hwerom er gjin rêst fine koe. De...
nl.verhalenbank.12241
't Lange Sleatter-mantsje hie in koarte broek oan en in hege hoed op. Hy hie yn froeger tiden in frou formoarde. By de krúswetters spoeke er altyd om. De mieren pasten wol op, hwer't se har tinten delsetten. Altyd op in ôfstan fan it paed, dêr't er lâns gong. Der wie us in skipper, dy gong dêr op in joun mei syn skip lizzen, krekt op it plak, dêr't it...
nl.verhalenbank.12231
Der wenne op 'e Sumarreheide in frou, dy gong der deis altyd op út to arbeidzjen. Dan bleauwen har beide famkes togearre thús. As se fuort gong, dan gongen de beide famkes nei de skuorre ta. Dêr kommen altyd twa oare famkes by har, dêr't se mei boarten. Dy beide famkes hienen gjin klean oan en dânsen om in stile yn 'e skuorre hinne. Op in kear fortelden...
nl.verhalenbank.12242
Skoanheit handele yn lytsfé. Hy kom us by minsken op 'e Tike mei hinnen. Goed soun? frege er oan 'e man. En 't wiif ek? Né, 't wiif leit op bêd. Is se dan siik? Né, mar de geest dy sweeft, dy is der op út. As se aenst wer thúskomt en sy set thé, dan matte jo net drinke, hear. Ik sil wol wizer wêze, sei skoanheit. Hy seach mar gau, dat er fuortkom, hwant...
nl.verhalenbank.12232
8