Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: eten Place of Narration: Sumar
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Dûmny Nieuwenhús fan Surhústerfean (= van de Nieuwenhuizen) krige wol iel fan Alle. Mar op in kear sei er, hy woe gjin wer ha. It praetsje gong dat Tet, Alle syn wiif de iel bitsjoend hie. (Tet brocht de iel altyd nei dûmny ta.)
nl.verhalenbank.20216
Der wie in âld man - 't sil yn 'e buert fan Drachten west ha, tink ik - dy hie fé op 'e stâl stean, mar dat fé wie allegear bitsjoend. De kij woenen gjin drinken en gjin fretten ha en 't wienen allegear skarminkels, sa meger wienen se. By dyselde man gong alle dagen in drip bloed troch de souder hinne en dy foel altyd yn 't kopke dat op 'e tafel stie en...
nl.verhalenbank.36258
Liuwe Kûper wie kûper yn Burgumerheide. Hy wie âld-feint en 't wie in tsjoenster. Hy wenne by twa minsken yn, oan 'e Rottereed. Op in moarn lei Liuwe op bêd. Sy rôpen him om thé. Hy rôp: "Ja, ik kom!" Mar hy kom net. Doe gong de frou der hinne to sjen. De hiele Liuwe wie fuort. Tekkens en lekkens wienen fan 't bêd ôf. Hy wie der net. Twa ûren letter lei...
nl.verhalenbank.20258
As in minske fan 'e sângroun nei de klaei ta giet, dan kriget er binnen trije dagen de koarts. Mar dat is neat. Binnen tsien dagen is er it wer kwyt. Hy mat dan hinnegean en yt de giele hartsjes op fan 'e koeblommen. De earste dei ien, de twadde dei twa, ensfh. De tsiende dei tsien. Dan is de koarts fuort. Mar dan mat er nòch tsien dagen achter elkoar...
nl.verhalenbank.20265
Ik en myn suster wienen fan dy bern. Wy wennen yn 'e Burgumerheide en 't wie dy deis Burgumer merke. Dêr woenen wy stomme graech hinne fansels. Mar, sinten hienen wy net. Doe sei ús mem: "Hjir ha jim in poarsje jirappelskilen." Dy koenen wy kwyt oan in minske dat se opkochte. Wy krigen der twa sinten foar. Doe hienen wy elk in sint. Doe gongen wy nei...
nl.verhalenbank.20285
Der wienen trije bern, dy kommen by in âld-wiif. Hja joech dy bern elk in woartel. De mem sei: "Dy woartels net opite!" Hja die se yn 'e treppot. De oare deis sieten der trije kikkerts yn 'e treppot.
nl.verhalenbank.32469
In wearwolf kin noait sêd. Ien dy't noait ophâlde kin fan iten, dat is in wearwolf.
nl.verhalenbank.12220
Waatsen Nicolai op 'e Tike, dy syn wiif wie altyd siik. Dokter koe der neat oan dwaen. Dat doe gongen se nei Wopke ta. It wiif wie bitsjoend, sei Wopke. Mar sy woarden net gewaer hwa't de tsjoenster wie. Dat woed er net sizze. Op in kear hie se in apel krigen fan âlde Tryn. Dy lei se yn 'e sûkerpot yn 'e kast. It lid kom der op. In pear dagen letter sei...
nl.verhalenbank.12233
Frederik Hindrik, de stêdhâlder soe us to Dokkum komme. De fiskersfloat hie der krekt op út west en sy kommen mei in kanjer fan in garnael werom. It algemiene bitinken wie, sy soenen in feestbanket jaen dat klonk as in klok en dêrby de prins de garnael oanbiede. Hiel Dokkum makke al tarissing ta it greate feest. Mar doe kom der biricht dat de prins wie...
nl.verhalenbank.21264
Der wie in boer dy hie in feint, dat wie in wjerwolf. Dy friet alles op. Hy moest altyd it measte ha. Hy dronk it fet en gunde de oaren neat.
nl.verhalenbank.32186
Fan 'e 7 jonges is ien in wjerwolf. Fan 'e 7 famkes is ien in nachtmerje. In wjerwolf is ien dy't net sêd kin, dy mat altyd frette. In nachtmerje komt faek by hynders. Dan flechtet hja mei de moanjes om, dy reitsje faek yn 'e tiis. Se ride op hynders en noch leaver op fôlen. Se kinne troch de lytste gatsjes komme en geane faek troch it kaeisgat. Men mat...
nl.verhalenbank.32183
35