Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Schagerbrug
Heit syn broer Geartom soe by in boer yn Grinslân yn 't wurk. De nachts soed er yn 'e skuorre sliepe. Doe't it tiid wie om him del to jaen soed er de skuorredoarren ticht dwaen. Doe sei de boer tsjin him: "Né, dy doarren matte jo net ticht dwaen, dy binne moarn dòch iepen." Geart-om sei: "Leauwe jo dêr dan oan?" Doe't de boer fuort wie die Geart-om de...
nl.verhalenbank.33278
Us heit seach froeger wylde lantearnen oer de heide, op in rige. Letter wie dêr de trambaen. De ljochtsjes, dat wienen de forljochte coupé's.
nl.verhalenbank.33251
In nachtmerje wie in frou, dy't de lju nachts op bêd opsocht en har pleagde.
nl.verhalenbank.33256
Piter Poes wie duvelbanner. Hy wenne hjir op 'e Sumarreheide. Op in kear rekke Beint Boonstra bitsjoend. Doe gongen se nei Piter Poes ta om in drank. Doe sieten op in kear Beint en syn frou yn skimerjoun by elkoar. Doe seagen se dat Piter Poes yn 'e flesse mei drank siet. Sa lyts koed er him meitsje. Mei de fjûrtange sloech Piter Poes de drankflesse...
nl.verhalenbank.33254
Arend Knobbe wenne hjir ek yn 'e Sumarreheide. Dy hat ris in kear in kuorfol jerappels fan Beets nei de Sumarreheide ta sjoud.
nl.verhalenbank.33259
Greate Kobus wie myn heit. Hy stuts in holle boppe de oaren út en hy koe ite as in slatter. Nachts gong hy der altyd ôf. Dan iet er in pear grouwe hompen roggebrea op, sûnder bûter. Dat mocht him net barre. As er dy broggen net krige kom er de nacht net troch, sa'n forlet hied er fan iten. Heit wie och sa sterk. Mar 't wie faek in toer om oan iten to...
nl.verhalenbank.33258
Der wie in man, dy hie in lintwjirm. Hy hie al by allerhande dokters west, mar net ien koe him der fan genêze. De man koe de hiele dei wol trochite, hy bleau meger. De lintwjirm rêdde mei 't iten. Doe gong dy man nei Knjillis Wytses ta. "Kinne jo my helpe?" frege er. "Ik sil 't bisykje", sei Knjillis Wytses. "Kinne jo moarn bitiid út bêd komme?" "Jawol",...
nl.verhalenbank.33272
Op it trêdde stik lân fan 'e Pasterije-lannen tusken Sumar en Sumarreheide seach Melle-om by de bocht spoekjes. Dat wienen neakene berntsjes. Hy seach se by joun. Men wol wol ha dat dy dêr fan kant makke binne en sûnt dy tiid gjin rêst mear ha.
nl.verhalenbank.33273
Jehannes van der Zee wie in greate spotter. Dy hie rounom de gek mei. Doe't syn wiif in lytsen ha moest, hat er hiele rare dingen sein. Hy wenne hjir op Sumarreheide, mar hy wie arbeider op Sjoerd Bonnesplaets yn Sumar. Om dêr to kommen gong er altyd rjochtút de bou del. Doe is er in kear smiten woarn yn 'e iere moarn alhiel fan hjirwei oan 'e plaets fan...
nl.verhalenbank.33263
Jehannes de Brún fan Droegeham hat krekt sa'n moeting hawn. Mar dat gebeurde net ien kear, mar forskate kearen. Dat wie ek in hiele greate swarte houn. As er nei de faem ta gong moest er by in kanael lâns, dan kom dy houn by him. Mar dat wie in pleachbeest, sei er.
nl.verhalenbank.33262
Sjoerd van der Heide wenne to Aldegea. Dy wie ek mei de helm geboaren. Dy gong der nachts ek ôf om nei bigraffenissen to sjen. Hy hat ris in moart dien, dêr hied er letter in soad lêst fan, hy wie altyd ûnrêstich.
nl.verhalenbank.33276
Greate Pier wie ris in kear oan 't ploeijen op 't lân. Doe kommen der twa minsken by him, dy fregen him hwer't greate Pier wenne. Sy koenen him net. Pier krige de ploech en stuts dy rjochtút foar syn boarst en sei: "Dêr wennet er." Doe sette er de ploech op 'e groun en sei: "Hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33260
Melle de Vries hat hjir in dikke swarte houn sjoen yn 'e nacht. Dat wie yn 'e Sânweisbosk. Dy grouwe houn - 't wie ien as in keal en roetswart -kom njonken him to rinnen, tsjin him oan. Salang er yn 'e boskjes wie wie dy houn njonken him. Melle wie dweil-trochwiet fan swit, sa bang wie er. Doe't er op 'e romte kom wie 't beest fuort. Mar Melle doarst net...
nl.verhalenbank.33261
35