Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: broer Place of Narration: Opende
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
Wy hawwe as feinten us in kear west by Hinke Kaert. Myn broer wie der ek by. Doe't wy fuort soenen, sei se tsjin ús: "Aenst oppasse, jonges. Net folle drank nimme. Ien fan jimme kriget aenst in lyts ûngelokje." Wy stutsen ûnderweis by in herberchje oan. Wy soenen elk ien keapje en soenen der yn. Doe rekken twa fytsen yn elkoar wylst se omswaeiden nei 't...
nl.verhalenbank.24172
Us heit en Ielke-om gongen alle jierren togearre nei deselde boer to ûngetiidzjen. Doe droomde heit op in kear - krekt foardat de ûngetiid bigong - dat heit koe net wer mei. Ielke-om soe de skoansoan meinimme. En doe wìe 't ek sa. Heit en Ielke-om ha doe yn gjin jierren mei elkoar praet.
nl.verhalenbank.25927
Lammert van der Sluis en syn broer gongen us nei de Poelbuert ta to jounpraten nei in oare broer; dy wenne dêr mei in geskeiden frou. Sy wienen der omtrint oan ta, doe seagen se in ljocht yn 'e keamer. Der stie in frou yn 'e keamer. 't Wie de earste frou, dy't dea wie. De beide bruorren seinen: "Der koe wol fisite wêze; wy gean werom." De oare jouns...
nl.verhalenbank.25930
Ik haw yn 't sikenhûs lein. Der lei in wyfke njonken my, dat wie in nachtmerje. Ien fan sawn dochters is in nachtmerje, sizze se, en ien fan sawn jonges is in wearwolf. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat. Sy struiden wol moal op 'e stoel dy't foar 't bêd stie, om de nachtmerje to kearen. Sy setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. De...
nl.verhalenbank.26021
Alde Sipke Albert fan Grinzer Pein lake noait. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Hy wie fékoopman en koe dwaen en litte hwat er woe. Der wie noait jildgebrek. Mar der moest altyd in man wêze dy't him nei de boat tabrochte as it tsjuster wie. Allinne doarst hy der by nacht net út. Dan wie er deabinaud. Myn man syn broer hie in dochter fan him.
nl.verhalenbank.38021
Der wenne yn 'e Houtigehage in faem, dy har broer wie ûnder tsjinst maresjaussee woarn. Sy hie forkearing mei in feint, dy woe ek maresjaussee wurde. Mar dan moest er in hiel skoft ûnder tsjinst bliuwe. Dy faem tocht: dan reitsje ik him kwyt, en doe hat se harsels mei 't gewear deasketten. Dat haw ik fan tofoaren sjoen. Ik warskôge se fan tofoaren.
nl.verhalenbank.24121
In wjerwolf is ien fan sawn opelkoar folgjende jonges, wurdt der altyd sein.
nl.verhalenbank.25993
35