Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
23 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Moddergat
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten. Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
Heit sei, hy kom ris in kear fan Nes op in joun. Der wie in oare man by him, dy moast nei Wierum ta. Doe hie dy man ynienen tsjin heit sein: "Jo moatte oan kant gean." Heit gong oan kant. Even letter sei er: "'t Is foarby, kom mar wer op 'e wei." Dy man woe net sizze hwa't it wie dy't stoarn wie. Op in pleats tichte by it plak dêr't se oan kant gien...
nl.verhalenbank.28115
Yn Wierum wennen twa kammeraden. De iene stoar. De oare gong op in kear, doe't er dronken wie, nei 't tsjerkhôf, nei 't grêf, dêr't syn kammeraed biïerdige wie. Doe sei er: "Hwat dochstou hjir? Ik bleau leaver op sé yn tsien fiem wetter as dat ik hjir lei." Fuort dêrnei gong er nei sé to fiskjen op 't skip. 't Wie blêdstil waer. Hy rekke oer board en de...
nl.verhalenbank.28104
In wearwolf wie in man dy't in protte friet.
nl.verhalenbank.27960
Yn Nes stie in herberch. Op in joun hâldde in ploechje manlju dêr it avondmael. Bolman, in boer, wie de oanfierder. Doe't er de jouns allinne nei hûs ta soe, siet de duvel him achternei. Hy is dwars troch de grêft hinneflein en sa is er yn 'e hûs kaem.
nl.verhalenbank.27961
Op 't Amelân wenne in keardel dy wie ôfgryslike sterk. Hy wie njoggen en tweintich jier en woech twahûndertfiifensechstich poun. Syn earmen wienen like grou as myn billen. Der stienen tonnen fol hearrings ûnder yn 't skip. Elke tonne woech trijehûndert poun. Fiif man tilden dy altyd op. Hy tilde sa'n tonne allinne samar ûnder út it skip wei.
nl.verhalenbank.28111
Yn Moddergat wie in keardel dy wie tige earm. Dy foun in lyk, dat oanspield wie. Dat lyk hie in pear nije learzens oan. Dy luts er fan 'e skonken fan dat lyk en hy naem se mei nei hûs. Mar sûnt dy dei kloppe der jouns altyd ien by him op it rút, dy sei: "Ik moat myn learzens wer ha. Ik moat myn learzens wer ha." Doe hat er dy learzens wer nei 't selde...
nl.verhalenbank.28113
Bûten Peasens wenne in fiskerman, dy neamden se Swarte Pyt. Op in kear siet de duvel him achter. Fan binaudens kroep er yn 'e droege sleat. Hy doarst dêr net wei.
nl.verhalenbank.27963
Yn Moddergat wenne in man, dy koe him yn in wite kat foroarje.
nl.verhalenbank.28099
Der wenne yn Wierum in man, dat wie in greaten spotter. Hy woarde siik en lei op bêd. Op in nacht skreau/raesde er hiel bot. Der wie net ien dy't nei him ta doarst omt it sa raer klonk. Sa bot gong er to kear. Sy standen it net. De oare moarns lei de man dea op bêd mei de holle achterstofoar op 'e romp. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.27962
Der kommen ris in pear poepen by Greate Pier. "Kinne jo sizze hwer't greate Pier wennet," seinen se, "wy wolle him wolris sjen." Pier wie oan 't ploeijen. Hy krige de ploege yn 'e hân, stiek him rjochtút en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28112
Omke hie 't froeger oer ierdmantsje Readburd. Dêr fortelde er fan. Wy moasten as bern yn 'e gong stean gean. As wy lang genôch yn 'e gong stean bleaun wienen, soed er ús roppe en dan kommen de kabouters út 'e hurddobbe wei mei Readburd foarop. Mar hy rôp noait. Wy ha noait hwat sjoen.
nl.verhalenbank.27860
Wy hienen in buorman, dat wie Boate Koopmans. Dy hie in kear in pleachbeest achter him oan sitten. Dat pleachbeest wie him hyltyd mar folge, dat koed er net wer kwyt wurde. It wie in swart beest mei klapearen en greate gleone eagen. Boate hie sa binaud west, dat hy wie by de minsken yn 'e hûs flein mei de klompen oan.
nl.verhalenbank.27852
In sweager fan my fortelde my, der wennen twa kammeraten yn Wierum. De iene stoar en kaem to Wierum op 't tsjerkhôf. De oare kammeraet, dy't oerbleau mocht tige graech in slokje. Op in kear gong er dronken nei 't tsjerkhôf ta nei it grêf fan syn kammeraet. Hy wie ek fiskerman en hy sei 't dêr raer op by it grêf: flokke en mâltjirgje. "Hwerom leistou hjir...
nl.verhalenbank.27855
Oarreheit (dat wie mem har heit) wie net goed by 't spul. Hy rekke siik. Sy tochten, hy kin wolris bitsjoend wêze en doe gong der ien mei syn wetter nei de Wâlden ta, nei de duvelbander. De duvelbander sei: "Lit my 't wetter mar ris sjen." Doe't er dat bisjoen hie, sei er: "Ja, ik kin him wol hwat jaen, dan wurdt er wol wer better. Mar dan moat er rare...
nl.verhalenbank.27854
Greate Pier libbe yn 'e tiid fan 'e Hoekse en Kabeljouske twisten. Hy wenne yn Kimswerd. Op in kear doe socht de fijân him. Doe wie greate Pier krekt oan 't ploeijen. Sy gongen nei him ta, sy koenen him net. "Hwer wennet greate Pier?" fregen se him. "To Kimswerd", sei Pier. "Hwer leit dat?" fregen se. Doe tilde er de ploech mei ien hân op en sa hâldde er...
nl.verhalenbank.27826
Njonken myn omke yn Peasens wenne in man, dy gong foar in tsjoenster troch. Dy man hiet fan Ljujjus (= Livius). Omke fortelde, op in kear stie er fóár by 'e wei mei omke en dy to praten tsjinoer de foardoar. Omke rint troch 't hûs nei de achterdoar - en dan komt dyselde Ljujjus út it hok wei; doe hied er de geit krekt molken. Doe wist omke dat der twa...
nl.verhalenbank.27950
Sémearminnen húsmannen yn 'e sé, mar hjir net by de kust. Mear fierderop. Sy koenen moai sjonge. Dêr lokten se de manlju mei. Dy sprongen oer board en fordronken. Seagen de minsken op sé sa'n sémearmin, dan soe it skip forsinke, ha se my wolris forteld.
nl.verhalenbank.27824
Yn Ljussens wenne ien, dy seach in lykstaesje fan tofoaren, dêr roan in wyt hynder foar de wein. Dat wie noch noait earder gebeurd. It hynder foar de lykwein wie altyd swart. Even letter kom der in frou op 'e Alddyk ûnder Ljussens to forstjerren. Der woarde in swart hynder foar de wein spand. Mar dat hynder sette 't yn 'e kant. Doe wie dêr krekt de...
nl.verhalenbank.27819
Yn Nes hawwe ris guon fan it jongfolk it heilich avondmaal fierd yn 'e herberch. Dêr wie ek in boer by. Doe't it ôfroun wie en se op hûs yn gongen, woarde dy boer yn 'e grêft smiten. Hy klaude der út en doe smieten se him der wèr yn. Wol trije, fjouwer kearen is dat gebeurd. Doe wie dy boer foargoed bikaem. De duvel hie him to pakken hawn.
nl.verhalenbank.28118
35