Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: heksen Place of Narration: Mûnein
De tsjoensters dy't op Sumarreheide wennen koenen op in biezemstôk troch de loft fleane, waerd der sein.
nl.verhalenbank.30359
Tsjoensters, dat binne oerdei froulju, mar nachts foroarje hja har yn swarte katten. Men hat sa'n kat wolris rekke, dan wie der de oare deis in frommes kreupel.
nl.verhalenbank.36607
As de katten op 'e Heide raesden, seinen de minsken: Wemel is ek wer warber. Wemel, dat wie in tsjoenster, dy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.30317
In tsjoenster koe har foroarje yn in swarte kat.
nl.verhalenbank.36404
Der wenne hjir in frou, dy rekke siik. Hja tochten, hja soe wol bitsjoend wêze. Doe gongen se nei in duvelbander ta. Dy sei: "Ja, sy is bitsjoend. As jim aenst thús komme komt der ien by jimmes oan 'e doar. Dy wol yn 'e hûs. Dat is deselde dy't har bitsjoend hat." Doe't se wer thús wienen duorre it net lang of dêr kaem de buorman by de doar. Doe ha se dy...
nl.verhalenbank.36605
Yn 'e Sumarreheide wenne in âld minske, dat wie in tsjoenster. Har man wie in Dykstra, syn bynamme wie Murd. Hja wenne yn 'e helte fan in dûbele wente achter de woaningstifting. Dwarsoer wienen 't allegear heidedunen. 't Wie yn 'e winter en der lei in dikke laech snie. Doe kom dat âlde minske (dy tsjoenster) to forstjerren. Hja leinen it lyk op in...
nl.verhalenbank.30312
Tsjoensters ha it fral op bern munte. Se foroarje har sels samar yn in kat.
nl.verhalenbank.30055
De tsjoensters dy't har jouns yn katten foroaren leinen dan faek by elkoar ûnder 'e hage.
nl.verhalenbank.36618
By de boer Jan Bonnes Algra yn Sumar hienen se altyd duveldrek ûnder 'e doarren om 'e tsjoensters to kearen. En ek yn 't waeifet, dêr't de keallen út dronken hienen se duveldrek yn in lapke mei in toutsje biboun.
nl.verhalenbank.30319
De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel as se de tsjoenster net yn 'e hûs ha woenen. Se joegen de bolle ek duveldrek yn, as er net springe woe.
nl.verhalenbank.30046
Rekke der in bern siik, dan waerden de kessens neisjoen. Kaem dêr in krânse út dan gongen se nei de duvelbander ta. De krânsen waerden forbaernd.
nl.verhalenbank.36623
To Raerd wie in man, dy fortelde, hy hie in skoft oer it wetter fan 'e Snitsermar omroan.
nl.verhalenbank.36622
Us heit hat ûnder mear feint west yn Aldeboarn. Dêr wennen in pear âlde froulju, dêr wienen de minsken allegear hwat skrúten foar. Dy froulju doarsten se noait yn 't bûthús ha, hwant kamen se der yn, dan waerden de kij siik. Dat wie om 1880 hinne.
nl.verhalenbank.30045
35