Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
37 results
Place of Narration: Leeuwarden
Volgens de geruchten spookt het in de Blokhuispoort te Leeuwarden. Er gebeuren onverklaarbare dingen. Schimmen, windvlagen, deuren die dichtvallen. Geesten van overleden gevangenen? Je weet het niet. Ook in de tijd dat de Blokhuispoort nog gebruikt werd als Huis van Bewaring, waren er al geruchten over vreemde gebeurtenissen. Vooral in nachtelijke uren....
nl.verhalenbank.49968
By de Skilige Piip kuijere altyd ien om by nacht. Dyselde wie dêr formoarde woarn.
nl.verhalenbank.36478
Op het Vliet te Leeuwarden heeft een windmolen gestaan, waarop men nooit roode zeilen durfde leggen, omdat men er zeker van meende te zijn, dat hij dan in brand zoude vliegen.
nl.verhalenbank.69775
Moetingen yn 'e mist 'Op in kear wie der ien ferdwaald yn 'e Spoeketsiene; dat kin barre mei mist. En doe kaam er de wite mannen ek tsjin—dy geasten dan. Doe seinen se: Wat moatsto hjirre? Hy sei: Ik moat nei hûs ta!—No, dan bist op in hiel ferkeard paad! Ja, hy sei, mar ik kin 't paad net fine! No, it spoek sei: Dan moatst mar sjen, ast in sleatskant...
nl.verhalenbank.13686
To Hurdegaryp, by de villa fan dokter Bontekoe, stienen twa greate wite pilaren, dêr wie in hekke tusken yn. Hja seagen dêr wolris in wite gedaente. Dy hekke woe noait ticht bliuwe. Die dokter him jouns ticht, de oare moarns wie er fêst iepen. Ek al waerd er op slot dien, hy koe net ticht bliuwe.
nl.verhalenbank.36477
Nachts net op it spoek syn gerjochtichheid komme 'Dat wie dan it ferhaal, dat de skippers dêr nachts net lizze doarsten, want it spoeke dêr op 'e wâl. Dan heefde de Langesleatter man wat út, omdat se dêr net komme mochten. Dat wie syn gerjochtichheid. Dan waard de loopplanke oanlutsen, en dan koe der ek net in mins komme. Mar meastentiids waarden se yn 'e...
nl.verhalenbank.13691
De Man en syn basis 'Och, dy Langesleatter man. Allinne de Langesleat, dêr op nei Earnewâld. En dy sydsleatten dy't allegear op Warten útkamen. Beppe sei, dan wie er op 'e iene ein fan 'e Langesleat en dan op 'e oare ein. Se koenen eins noait sizze, dat spoek slacht op dy kant om—no wie er op 'e iene kant en dan op 'e oare kant. Hy koe ek sa mar oer 't...
nl.verhalenbank.13653
Hansje Pik De eenige geestverschijning die in mijn jeugd (1885) in Leeuwarden algemeen gevreesd werd (door dienstboden en kinderen) was Hansje Pik, die achter de spiegel woonde. Al heel jong werden wij gewaarschuwd, niet in de spiegel te kijken, want dan kwam Hansje Pik je halen. Jaren ben ik daardoor bang geweest voor spiegels, waarachter ik een zwarte...
nl.verhalenbank.13250
De Man en syn basis 'Yn dy hiele omkriten fan Earnewâld en Warten koe it barre, dat men mei de smid te meitsjen krige. Dat kaam trochdat er net wist, wêr't syn skat bedobbe wie. Dus oeral wêr't er op sa'n stuit tochte, dat er sykje moast, koe er in skip de wâl ynstjoere of tsjinhâlde of hurder farre litte' (S. de B.).
nl.verhalenbank.13655
De frjemde mier yn 'e blaugêrzen 'Der wie in man, Kees hjitte er, dy stie te meanen yn 'e blaugêrzen en hy wist, dat er allinne wie. Mar hy seach om—en ferdikke, dêr stie noch ien te meanen. Dy meande ôfgryslike fûl op him ta. Hy tocht, wat wolsto einlik? Dat hy sette it harspit yn 'e gron. Dy oare wie der oan ta, en dat wie izer op izer, en . . . de...
nl.verhalenbank.13681
By de Skânsebrêge tusken de Greate - en de Lytse Wielen, dêr't nou in elektrysk gemael stiet, dêr doogde it net. De Jan Plezier dy't fan Burgumerheide nei Ljouwert ried, kaem dêr lâns, mar de hynders bleauwen altyd stokstiif foar de brêge stean as se jouns weromkamen út 'e stêd. Dan moesten se salang wachtsje oant it deiljocht wie. De minsken seagen neat,...
nl.verhalenbank.36479
To Feanwâlden wenne in man, dy siet yn 'e kroech yn Hurdegaryp. Hy die 't dêr sa raer, hy flokte en tjirge om 't leven. Hy moest de Foksegatten troch. Dêr is er oer beamguod en alles hinneflein, sa bot waerd er smiten. Hy hat it sels forteld.
nl.verhalenbank.36481
Yn Westergeast dêr spoeke in hynstekop, dy gong skean oer 't lân. Dêr wienen ek fôlen dy't spoeken.
nl.verhalenbank.19388
Wat mieren en haaiers oerkaam 'Dy blaugêrzen dêr spoeke it altyd. It wie in wrâldsje apart, it wienen hiele grutte fjilden. As dy mieren dêr stienen te meanen en se hienen der in mêd ôf en se soenen nei har tinte ta, dan stie dy faak op in hiel oar plak as dêr't se him opset hienen. It koe wol wêze, dat er twa stikken lân fierder stie. Se leauden, dat it...
nl.verhalenbank.13676
By ús leaude men der fêst oan, as in houn spûkgûlde, dan bitsjutte dat, dat der ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.19383
Op in kear kom er by de boer wei. Hy gong de reed lâns. Doe wie der ien yn 'e sleat dy gong hyltyd mar mei him. Dyselde gong net earder fuort as doe't er oan hûs ta wie. Dat wie in spoek.
nl.verhalenbank.19392
It spoek lûkt of skoot mei 'De Langesleatter man hâlde net allinne in skip tsjin, mar hy koe ek ynienen fûl meilûke, wannear't der ien yn'e line rûn. Dan stienen se allegear ferstomd, want wylst se it skip sels foartiid lûke moasten, fleach it dan samar einen foarút—sûnder dat se loeken. Sjoch, dat die it spoek dan, mar se koenen it noait sjen' (A.B.-S.).
nl.verhalenbank.13699
In pleats wurdt omdraaid of ferset 'Wat de Langesleatter man net be-avenseare koe, dat kaam net sa krekt. Sa rûn er faak om in boerepleats hinne en dan stie dy op in stuit oarsom, of hy stie oan 'e oare kant fan't wetter. Dat is ris bard mei de hurde wyn, op in rûzige nacht. In pleats dy't oars mei 't gat nei Warten stie stie de oare moarns krekt oarsom....
nl.verhalenbank.13683
Skip of pream fêsthâlden yn 'e Langemear 'By de Langemear hie men ek wol spoekerij ûnder wetter. Dan kloeten se en dan koenen se net fan 't stee komme. Dan leauden se, dat it spul fan ûnderen fêsthâlden waard en dat hjitten de wettergeasten of sokssawat te dwaan. It wie de baas, dat se mar foar de wâl lizzen gongen en har útsliepten. Soms waard der tige...
nl.verhalenbank.13723
Ik wie in baeske fan njoggen jier, doe is der in smid formoarde woarn by 't Godloas Tolhek tusken de Falom en Feanwâlden. Etliken doarsten dêr by jountiid en by nacht noait wer lâns. De smid spûke dêr letter om. Hy kuijere dan altyd fan 'e hekke nei de brêge. Op in joun wienen der in pear lju, dy gongen dêr op 't brechje stean. In eintsje fierder kom in...
nl.verhalenbank.28544
38