Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: ziek Place of Narration: Leeuwarden
Doe't myn âldste suster Wike noch in lyts famke wie, wenne se yn Lutjewoude ûnder Kollum. Der kom geregeld in âldwiif út Kollum by ús oan 'e doar mei de bolkoer. As dat wiif der west hie, koe Wike dy jouns net sliepe. Sy lei dan altyd wekker op bêd en dat woarde geandewei slimmer. Ien joech mem de rie, sy moest it holkessen mar ris iepenmeitsje. Doe siet...
nl.verhalenbank.19390
Myn wiif hat èk bitsjoend west. Dy hat sawntjin wiken op bêd tahâlden. Jelle Wigerske út 'e Westerein wie de tsjoenster. Dy kom altyd mei lapkeguod bylâns (manufaktueren). Sa kom se ek wolris by myn wiif. Se hie myn wiif op 't lêst sa bot yn har klauwen dat de hannen stienen har krûm. Dêr koe se neat mear mei dwaen. Se koe net iens mear it iten nei de...
nl.verhalenbank.33845
Hjir yn Ljouwert, op it Fliet, wenne ek in tsjoenster. Dy hat my ris in kear in pepermuntsje jown. Dêr haw ik slim siik fan west. Ik wist fan niks mear, 'k wie hielendal bidwelme. Op 't lêst ha se duveldrek foar my yn 'e hûs helle. Dêr haw ik hwat fan opiten en ik krige der guon fan yn 'e bûs. Doe woarde ik wer better.
nl.verhalenbank.33847
Myn mem is deatsjoend troch in man. Wy sieten dêr yn Twizelerheide ûnder 'e tsjoensters. Doe't ús mem siik wie hienen wy earst net yn 'e rekken dat se bitsjoend wie. Sadwaende krige se dêr gjin guod foar. Hienen wy mar duveldrek brûkt, dan binne de tsjoensters de kracht kwyt. Ik haw noch foar har nei Wopke Minke, nei Kûkherne ta west, mar doe wie se al...
nl.verhalenbank.33844
To Feanwâldsterwâl wenne in frou, dy wie bitsjoend. Us heit wie galanterykoopman en ried mei de hounekarre. Doe sei dy bitsjoende frou tsjin heit: "Soenen jo foar my nei dat boerke to Eastemar gean wolle? Miskien kin dy my helpe. Dan matte jo him hjir hinnehelje." "Goed," sei heit, "dat wol ik wol foar jo dwaen." Doe hat heit dat boerke ophelle op syn...
nl.verhalenbank.28573
Der wie in nicht fan ús, dy hie in jonkje. Dat bern rekke siik. It gûlde en jammere altyd, it wie hast noait stil. Doe seinen se: "Dat bern kin wolris bitsjoend wêze." Hwant dan raze de bern ek sa. Doe gongen se mei 't jonkje nei Swarte Jantsje ta. Swarte Jantsje naem it jonkje op 'e skoat. Doe wie 't bern fuortdalik stil. Sadré se 't bern delsette, seach...
nl.verhalenbank.28549
Myn wiif har pake en beppe wennen yn Beets. Njonken harren wenne in âld-wyfke, dat kom dêr folle oer 'e flier. As der in bern geboaren waerd, dan kaem hja dêr to bakerjen. Mar op in kear doe waerd beppe Janke siik. Doe gong pake nei Nijebrêge nei Hinke Kaert. Hinke gong mei nei Beets ta. Hinke sei: "Hjir is hwat oan 'e gong. Jo binne bitsjoend, Janke. Mar...
nl.verhalenbank.28625
Myn wiif hie in omke, dy hienen in famke, dat woarde net goed. It bern wie sa siik as in houn. It gebeurde wol dat omke en muoike to praten wienen jouns en dan wie der in frommeske, dat húswarre dêr dan sa lang. Muoike tocht: dat bern kin wolris bitsjoend wêze, en doe it kessen yn 'e wein neisjen, en ja hear, doe wie 't biwiis levere: dêr sieten krânskes...
nl.verhalenbank.28572
8