Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
66 results
Place of Narration: Kollumerzwaag
In tsjoenster rydt strampele op 'e biezem troch de loft.
nl.verhalenbank.25369
Myn omke Jan hie sa'n gefal mei in swarte kat. "Mem," sei er tsjin myn beppe, "dêr is dat âlde kring wer." Doe hied er in foarke krigen en op 'e kat smiten. De foarke gong dwars troch de poat hinne. Letter is âlde Griet altyd kreupel west.
nl.verhalenbank.37349
Yn 'e Westerein wenne ek in minske, dat tsjoene koe. Us mem hie bisite, hja sieten togearre as froulju to praten; tafallich hienen se it oer dy tsjoenster. Doe gong de doar iepen en dêr stie se, de tsjoenster. Mem har bisite sei: "Wy hienen 't krekt oer dy. Dû kinst tsjoene." Hja waerd lulk en gong der út. Doe't se goed en wol bûtendoar wie, stie der in...
nl.verhalenbank.32340
Alde Sjoerde Ael wie in suster fan Stammerige Harm. Dy koe har yn in kat foroarje. It is hjir ris gebeurd dat ien in kat op in joun in goeije opdonder joech. Doe wie der de oare deis in âld-wiif kreupel.
nl.verhalenbank.29821
By Harm v.d. Berg, hjir oerdwars, forskynde in fremde kat. Doe't Harm it dier gewaer woarde, joech er dy kat in opdonder. Doe hie der de oare deis in frommes west, dy hie hwat oan 'e hals mankeard. 't Wie in frommes út dizze buert. 't Wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.29539
As in tsjoenster binnen sawn jier tiid net ien deatsjoende, dan moest se sels dea.
nl.verhalenbank.37353
De duvelbander joech duveldrek mei of in drankje. As jy duveldrek yn 'e bûse hienen koe de tsjoenster jin net bitsjoene.
nl.verhalenbank.37352
Fan 'e tsjoensters moest der om 'e sawn jier ien dea, oars gong se der sels oan.
nl.verhalenbank.29506
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.25190
Is der in reinbôge oan 'e loft, dan pankoekbakke de tsjoensters.
nl.verhalenbank.24081
As wy as bern hwat fan in tsjoenster krigen - in apel of oars hwat - dan moesten wy dat altyd fuortsmite fan ús mem, hwant sa'n apel foroare yn in pod.
nl.verhalenbank.16109
Tsjoensters binne yn steat har yn katten to foroarjen. Hja meitsje krânsen yn 'e kessens fan har slachtoffers. Binne der trije krânsen klear, dan giet it bern dea.
nl.verhalenbank.38614
In tsjoenster foroare har faek yn in kat. As se sa'n kat in mep joegen hie de tsjoenster de oare deis in blessuer oan har.
nl.verhalenbank.33022
Der wienen tsjoensters dy fleagen op 'e biezemstok troch de loft. Sokken wienen hjir ek yn Kollumersweach en Twizelerheide. Guon ha wolris sokke fleanende tsjoensters by jountiid sjoen.
nl.verhalenbank.29824
Fan in tsjoenster mochten wy neat opite, hwant dan krigen wy in pod yn 'e mage, waerd der sein.
nl.verhalenbank.29822
In kat mei in lange sturt, dat wie yn de regel in tsjoenster. As katten hâldden de tsjoensters wol forgaderingen. Dêr psalmsongen se dan by.
nl.verhalenbank.25849
Woe men tsjoensters keare, dan die men duveldrek ûnder 'e drompel. De toffels of skuon sette men mei de hakken nei 't bêd ta.
nl.verhalenbank.25848
Krijt men kofje by in tsjoenster, dan mat men der om tinke en jit earst hwat út it kopke wei. Dan kin men de kofje fierder gerust opdrinke. Dan komt der jin neat mear fan oer.
nl.verhalenbank.25833
As in tsjoenster har foroare hat yn in hazze of sa dan kin men har allinne mar reitsje mei in sulveren kûgel, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.25372
As men hwat fan in tsjoenster oannimt, mat men it noait hielendal opite. Men mat der in hoekje fan oer 't linker skouder smite, dan komt der jin neat fan oer.
nl.verhalenbank.25368
66