Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: slot Place of Narration: Kollumerzwaag
Der roun froeger in ûnderierdske gong fan 't slot fan Feankleaster nei Aldwâld.
nl.verhalenbank.37382
Der rint in ûnderierdske gong fan Feankleaster nei Westergeast. Westergeast hie froeger in roomske tsjerke en yn 't slot to Feankleaster wennen froeger ek roomsen.
nl.verhalenbank.29550
To Feankleaster is in ûnderierdske gong, dy bigjint by it slot. Hy rint út healwei Aldwâld, dêr stie froeger ek in slot. Der wie ek in gong, dy roan de bosk yn.
nl.verhalenbank.25378
Yn Hurdegaryp stie in slot en dêr wie in hekke by, dy't se noait ticht hâlde koenen. Ik haw der faek om tocht, as ik mei de bargewein nei Ljouwert ta ried, mar ik haw dy hekke noch noait ticht sjoen.
nl.verhalenbank.29535
By de Skilige Piip hat froeger in slot stien. Yn dat slot wenne in âlde hear. Letter is dy âlde hear formoarde en sûnt dy tiid spoeket hy dêr altyd op 'e Boppewei om, dy't nei de Falom giet. In hiel soad minsken ha him sjoen, soms op ljochtskyndei. As ien oan it ploeijen wie, koe 't gebeure, dat se de âlde hear op 'e oare ein fan it lân seagen.
nl.verhalenbank.15766
Tichte by de âld toer to Eastemar wenne froeger in slachter. Dy hiet fan Tsjipke. Op in joun moest er nei in boer ta to slachtsjen. Doe't dat gebeurd wie woarde de flesse op 'e tafel set. Dat wie sa it gebrûk. En dêrnei soe Tsjipke dan wer op hûs yn. Doe frege him ien: "As de âld hear dy aenst yn 'e mjitte komt, soest dan ek kjel wurde?" "Dêr jow ik neat...
nl.verhalenbank.15758
De Hege Tsien is in great plak lân. Froeger wie dat perseeltsjelân, dat waerd forhierd oan allerhande minsken. It gebeurde wol gauris, as wy dêr oan 't wurk wienen, dat dêr in keardel op in wyt hynder oer de foarikkers hinne ried. Dat wie op 'e ein fan 't lân. As wy der nei seagen wie er ek samar wer wei. Dat hynder en dy man spokken dêr om. Dêr mat...
nl.verhalenbank.25202
Yn Hurdegaryp is in hameije, dy stiet altyd iepen. Docht men him op slot, dat jowt neat.
nl.verhalenbank.25377
Op 'e Mûzewei (= Mûntse-wei) fan Aldwâld nei Feankleaster spoeke in juffer yn 't swart. Dy roan dêr altyd om. Underskate lju ha har dêr sjoen. Hja hie swart-sidene mofkes oan 'e hannen en in swart-sidene jurk hie se oan. Hja gong dêr nei in plaets ta. Dêr stie in plakje mei woartels flak by. Dêr roan se altyd oan ta, dan gong se werom. Guon seinen. hja...
nl.verhalenbank.25831
Der wie in skippersfeint, dy haw ik wol kend. Hy foer mei in âld man op in skip, dy wie ôfkomstich fan Doezum. Sy foeren mei turf. Sy wennen dêr yn in lyts foarûnderke. Op in kear soe de skipper dêr kofje ynjitte, mar as er de kofjepot krije soe, dan wipte dy fuort. Dan grypte dy skipper der nei, mar dan wipte er wer fuort. De feint siet der by to gnizen....
nl.verhalenbank.26320
35