Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: man Place of Narration: Kollumerzwaag
By Harm v.d. Berg, hjir oerdwars, forskynde in fremde kat. Doe't Harm it dier gewaer woarde, joech er dy kat in opdonder. Doe hie der de oare deis in frommes west, dy hie hwat oan 'e hals mankeard. 't Wie in frommes út dizze buert. 't Wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.29539
Ien út Twizelerheide seach us seis tsjoensters om in man hinne stean. Dy man stie dêr to smoken. Hy smookte út in blauwe pyptsjettel mei stiif mûlstik. Hy kom fan 'e Sweachster Bosk. Sy hâldden dêr in forgadering.
nl.verhalenbank.15746
By 't spoar woonde in frou, dy kon haar feranderen in een hond. Se kwam door 't sleutelgat in hûs. Douwe Baeije had een suster, die was in ferkeerde handen. As dy frou by 't spoar op bed lag, dan was de siel der út. It lichum lag, maar de geest was weg. Douwe Baeije har zuster is storven. Dy het se doodtsjoend. De buren van de lu die 't famke ferloren...
nl.verhalenbank.24280
To Koatstertille wenne in kûper, dy syn wiif koe tsjoene. Sy wie der hiel faek yn 'e nacht op út. Op in nacht, doe wie se wer fuort en doe foun de kûper op bêd, op it plak, dêr't se lein hie, in kouwepânse.
nl.verhalenbank.15748
Yn Kollumersweach wenne Harm v.d. Berg. Dy hie in sike jonge, dy't bitsjoend wie. Op in kear kom der in fremde swarte kat by harren op it hiem. Harm skeat op dy kat en rekke him. De oare deis wie Liuwe Ael, in âld tsjoenster, dy't oan 't Wyldpaed wenne, kreupel.
nl.verhalenbank.24061
In jonge man fan Kollumersweach seach op in sneintejoune sahwat om 9 ûre hinne yn 'e simmer in manspersoan, dy't foar him út roan. Hy bigong hwat hurder to rinnen om dy manspersoan yn to heljen, mar dat slagge him net. Doe gong dy persoan boven op 'e dyk oan 'e kant fan 'e wei. De jonge man die it ek. Mar doe sweefde dy manspersoan oer it lân hinne fuort.
nl.verhalenbank.15727
Yn 'e Koaten wenne ek in minske, dat tsjoene koe. Har man wie o sa skruten foar har, hwant sy seach mar even ien oan of dyselde wie bitsjoend. Sokken woarden dan siik en ûngedien en dan moest der in duvelbander oan to pas komme. Ut 'e Koaten wei gongen se wol faek nei Sied Harmens fan Feanwâlden, ek wol nei ien fan it Wytfean. (Jonge Jan?)
nl.verhalenbank.15753
Der wenne in man yn Kollumersweach, dy hie lêst fan 'e katten. Op in kear wienen der mar even 12 katten tagelyk by him om 'e doar. Ien wie in gielen, de oaren wienen swart. De giele skeat er yn 'e hals. Alle katten naeiden doe út, mar in âld wiif út 'e buert krige it dyselde deis yn 'e hals. Sy hat noait wer goed west. Doe't se kom to forstjerren, wie se...
nl.verhalenbank.15742
8