Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: knecht Place of Narration: Kollumerzwaag
Der hie in feint west, dy wie to Kollumerâldsyl oer de feart sprong. Dêrby hied er sein: "Nou is der net ien duvel, dy't my nei docht." Doe wie de duvel der oer sprong en doe hie dêr in print fan in hynstepoat yn in stien stien. 't Hoefizer stiet der nòch op.
nl.verhalenbank.29537
Ien hjirwei hat ris yn Zoutkamp oan 't wurk west. Dêr fortelden se dit forhael: Der wie in boer, dy krige in nije feint. Dy nije feint moest mei de lytsfeint de dongbulten oer 't lân struije. De earste dei die er neat. De twadde dei ek net. Hy en de lytsfeint leinen de hiele lange dei mar hwat yn 'e sinne to loaikjen. De trêdde dei frege de boer: "Hoe sit...
nl.verhalenbank.15775
Yn 'e Westerein wie ik frachtrider. Ik hie in feint op myn auto, dy hiet Sikko Klaver. Dat wie in earste raren. It koe him neat skele hwat er sei. Mendei-to-moarns hied er net in dûbeltsje mear yn 'e bûs. De sneins hied er syn hiele wyklean forsûpt. Hy sei: Ik bin foar gjin duvel bang, en al sokke dingen mear. Mar doe hat de duvel him pakt. Dy hat him yn...
nl.verhalenbank.38618
Keke wie arbeider by Gosse Venema, in greate boer. Dy boer forlear syn wiif yn 'e kream. De jonge, Piter, bleau yn leven. Dat hie Keke allegear fan tofoaren sjoen. Hy seach de hiele lykstaesje. Doe't se mei 't lyk fuort gongen op 'e dei fan 'e bigraffenis hied er sein: "Ho even. Dit is hjir net yn oarder. It is oars as sa't ik it sjoen ha. Der lei in wyt...
nl.verhalenbank.29514
To Aldwâldemer Aldsyl stiet in brêge en dêr tichte by stiet oan 'e iene kant fan 'e âld Swimmer in print fan in minskefoet yn in stien, oan 'e oare kant stiet de print fan in hynstepoat yn in stien. Men seit, dat dy der sa kom binne. Der wie in feint dy wie dêr oer de feart sprong. Hy sei: "Der is net in duvel, dy't my dat neidocht." Doe kaem de duvel en...
nl.verhalenbank.26318
Der wenne in man op Koatstertille, dat wie Gauke Haagsma. Anders Faber wie de boer by hwa't er wenne. Gauke hie op in kear in seare earm. Doe wienen wy by de boer yn 'e skuorre oan 't terskjen. Ik frege him hoe't er dat krige hie. Mar dêr woed er net rjocht azem op jaen. De oare deis klage er wer oer de earm. Ik sei: "Hwat skeelt der eins oan dy earm?"...
nl.verhalenbank.22342
Soms binne der lykstaesjes yn 'e nacht, dy sjocht men net. By de Foarwei wenne Germ Pompomme, sa neamd omdat er stammere. Hy wie âldfeint en 't wie in goed mantsje. Op in joun soed er nei hûs ta, doe waerd er samar fan 'e wei ôf oer in sleat hinne smiten yn in oar syn lân. Dêr mat doe in lykstaesje west ha, dêr't er rûmte foar jaen matten hie.
nl.verhalenbank.25365
35