Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wienen tsjoensters dy fleagen op 'e biezemstok troch de loft. Sokken wienen hjir ek yn Kollumersweach en Twizelerheide. Guon ha wolris sokke fleanende tsjoensters by jountiid sjoen.
nl.verhalenbank.29824
In jonge man fan Kollumersweach seach op in sneintejoune sahwat om 9 ûre hinne yn 'e simmer in manspersoan, dy't foar him út roan. Hy bigong hwat hurder to rinnen om dy manspersoan yn to heljen, mar dat slagge him net. Doe gong dy persoan boven op 'e dyk oan 'e kant fan 'e wei. De jonge man die it ek. Mar doe sweefde dy manspersoan oer it lân hinne fuort.
nl.verhalenbank.15727
It is sahwat 40 jier lyn. Myn skoansuster yn Kûkherne hie in popke. Geartsje hiet se. It bern hat miskien 2 à 3 jier âld west. Alle jounen bigoun it bern om in ûre of 9 to gûlen en dat duorre sahwat oan 'e nachts 12 ûre ta. Hwat se der ek oan dienen, it bern gûlde troch. De medesinen fan 'e dokter koenen har net stil krije. Mei gjin moaije noch kweade...
nl.verhalenbank.32339