Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 results
Place of Narration: Houtigehage
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje. Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf. De nachtmerje heart men altyd wol oankommen. Ik forskou de klompen altyd, as ik der jouns ynkom. Ik set se noait rjocht njonken elkoar del.
Hjir hat in mem wenne dêr kom altyd in nachtmerje by. Dy koe troch alle lytse gatsjes. 't Wie in frommeske. Hy hat har in kear achter de keamersdoar stean sjoen. Hja hie lang hier op 'e holle. Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Om har to kearen mat men de klompen onrjocht delsette.
De nachtmerje komt yn 'e nacht by de minsken. Froeger setten se de klompen ûngelyk foar de doar 89 jouns. Guon âlde minsken dogge dat noch. Oars kin de nachtmerje dêr yn stappe. Hwant sy rint altyd yn 'e fuotleasten fan 'e minsken. De nachtmerje komt faek troch 't slotsgat yn 'e hûs. De minsken struiden wol us moal op 'e rânne fan 't bêd of op 't gesicht...
Woe men gjin lêst fan nachtmerjes ha, dan die men njoggen roggekerlen ûnder 'e drompel fan 'e doar.
Nachtmerjes komme faek op hynders. Sy meitsje flechtsjes yn 'e moanjes.
Wol men gjin lêst fan nachtmerjes ha, dan mat men in flearstok foar 't bêd hingje.
De nachtmerje kaem nachts by de minsken. Dy kaem ta 't slotsgat yn. Men mat noait de klompen mei de snuten nei de doar ta foar de drompel sette. En sa matte de toffels ek net foar 't bêd stean. Ik tink dêr altyd noch om.
As ús mem jouns op bêd gong, smiet se de toffels in ein fuort, of sy kearde se om. Dat die se altyd fanwege de nachtmerjes. Hwant dy geane yn 'e fuotleasten fan 'e minsken.
As de doar fêst sit en der sit gjin kaei yn 't slot, dan komt de nachtmerje troch 't slotsgat. As jy duveldrek by de bêdsplanke lizze of by 't bêd, komt der gjin nachtmerje by jo.
Mient Diemersen wie mei in nachtmerje biset. Dêr hied er sa'n lêst fan, dat doe ha se evangelist Hofstra ophelle. Dy hat yn 'e nacht de nachtmerje oansprutsen, doe is er net wer kommen. (Mient Diemersen hie syn frou min bihandele. Dêrtroch wie er mei de duvel biset. Hwant dy nachtmerje, dat wie de duvel.)
In nachtmerje wie in man of in frou, dêr't men deis oer prakkesearre en dy't dan nachts by jin kaem. Men moest hinnegean en stopje de kaeisgatten fol guod, hwant de nachtmerjes kamen altyd troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
Docht men in ûneven tal rochkerlen ûnder 'e drompel fan 'e doar, dan komt der gjin tsjoenster of nachtmerje by jin yn 'e hûs.
De jongste of âldste fan sawn op elkoar folgjende jonges is in nachtmerje. Myn suster hie forkearing mei sa'n nachtmerje. Dat wie Willem Boomsma. Mar sy troude mei in oaren ien. Doe kom Willem Boomsma nachts faek as nachtmerje by har. Doe hat se fleartokken op 'e rânne fan 't bêd lein (oan 'e foarkant) en in brogge foar 't bêd op 'e groun. Doe hie se gjin...
Boardzer Bruining hat in jier yn 'e gefangenis sitten. Yn 't bigjin died er dêr net in wink yn 'e egen. Hwant de nachtmerje kom geregeld by him. Der siet in gatsje yn it traeljefinster, dat ha se tichtmakke. Hwant dêr kom de nachtmerje troch. Dan hie hy der gjin lêst mear fan
In nachtmerje komt troch 't slotsgat, sizze se. Ik set altyd de klompen noch achterstofoar foar de doar. Dan kin de nachtmerje der net yn rinne, sizze se. Ik lit foar de nacht ek noait in mes bleat op 'e tafel lizze. Ik stopje 't altyd wei ûnder 't thébledtsje of sa. In nachtmerje kin men noait fange, dy glipt jin altyd ta de hân út.
Myn muoike en omke (mem har broer) hienen faek lêst fan 'e nachtmerje. Sy hearden de nachtmerje by de doar wol oankommen. Omke hat wol mei opset oer de flier lein ynpleats fan yn in bêdsté, mei 't ljocht op, mar 't joech neat. De nachtmerje kom like goed. Clare-muoi hat wol mei de nachtmerje oan 't fechtsjen west. De nachtmerje hie hiele lytse hantsjes...
Us mem fortelde: Der wie in man, dat wie in widner, dy hie nachts faek in nachtmerje by him. Op in kear hied er moal op bêd struid. Doe hearde er de nachtmerje wer oankommen. Mar troch it moal koe se net wer fuortkomme. Troch 't slotsgat wie se der ynkom. De man hie har fangd en troude mei har. It slotsgat treau er ticht. Hja krigen bern en de bern...
nl.verhalenbank.19590
Der wie in nachtmerje, dat wie in frommeske. Dy kom ta 't slotsgat yn 'e hûs by in man. Dat minske kom alhiel út Ingelân. De man hie moal oer de tekkens struid en doe koe hja net wer fuortkomme. Hwant in nachtmerje mei neat út 'e hûs meinimme en doe siet se ûnder 't moal. Doe hat dy man har dus fangd. Sy wie de oare deis yn 'e hûs. De man stoppe it...
18