Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: ochtend Place of Narration: Houtigehage
Heit en myn broer wienen us boppe Apelsgea. Sy soenen mei in koe nei Smilde ta. 't Wie tige ier yn 'e moarn. Doe sei myn broer tsjin heit: "Sjoch dy smoarge houn ris mei dat geitsje." Oan 'e oare kant de feart wie in houn, dy't in geitsje tramtearre. Heit kom tichter by de feart om better to sjen. Hy woe nei de oare kant ta om dy houn in klap to jaen. Mar...
nl.verhalenbank.19584
Hjir stie by de Langewyk in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen in jonge, dy woarde dêr net sa moai bihandele. Dy jonge is dêr fordronken. Se seinen, dy jonge wie net goed beset, sa't it hearde. De neislaggen sille har dêr iepenbierje. Dêr is ris in frommes lâns gong, op in moarn bitiid, dy soe nei Smellinger Pein ta to arbeidzjen, dy seach dêr letter...
nl.verhalenbank.23794
Op in moarn tusken fjouwer en fiif ûre kommen ik en Sweitse de Wit by de Lange Wyk lâns. Wy soenen nei de buorren ta. Doe kom dêr in lyts swart keardeltsje oan mei in hege hoed op, dy gong stiif njonken my lâns. Sa't ik him neiseach, woarde er wei. 't Wie krekt as der beammen mei woartel en takken ta de groun út skuord woarden. Doe woarde it in swarte...
nl.verhalenbank.23795
Ik praette ris in kear mei in frommes, dat wie al op jierren. "Froeger Japik," sei se, "kamen wy us yn in hûs to wenjen dêr woe oars net ien yn. It gong dêr altyd bot oan wei yn dat hûs, alles wie altyd stikken en los. Sy wienen allegear bang foar dat hûs. Wy kommen der yn. Myn man kreaze der alles op. Hy koe sels hwat timmerje en 't knapte alhiel op. Mar...
nl.verhalenbank.23565
Germ Nijboer soe op in moarn nei de boer ta. Doe't er by de Skoallewyk kom, seach er Gjets Jel en Luts oer de dauwe sweven. "'k Seach de rokken boppe de dauwe útkommen", sei er. "Dêr sweefden se togearre hinne."
nl.verhalenbank.23572
Oan 'e Houtigehaechsterwyk wenne in tsjoenster. It wie Jan Mulder syn frou, Luts fan Ritske Ale. Njonken harren wenne in húsgesin, dêr wie 't jongste bern siik fan. 't Wie in jonkje. Dat woe net groeije, it tsjirme. 't Kin wolris bitsjoend wêze, seinen se en se gongen nei de duvelbander ta. Dy sei, hja moesten alles tsjuster meitsje yn 'e hûs, dat se...
nl.verhalenbank.37461
Dy't op 'e klaei de koarts krige - de klaeikoarts - koe dy allinne wer kwyt wurde, as er wer nei de klaei ta gong. Dat haw ik sels yndertiid meimakke. Wy arbeiden faek yn Emden. Mei in boatsje via Delfsyl farden wy dêrhinne. Wy wienen dêr yn 'e kost yn in streek huzen, dat hiet Lombok. Dêr roan in ringat lâns en dêr stonk it tige. Minsken fan ús kant...
nl.verhalenbank.37702
35