Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: lopen Place of Narration: Houtigehage
Op it tsjerkhôf to Boelensloane hâldden altyd gâns wylde kninen ta. Myn heit gong dêr faek hinne to kninefangen. Dat die er dan mei strikken. Myn broer Miente naem er faek mei. Dat wie doe in lytse jonge. 't Wie op in winterjoun by ljochtmoanne waer. Der lei snie. Heit en Miente wienen op 't tsjerkhôf. Doe kom krekt Germ Tuinstra (Germ Smous waerd er...
nl.verhalenbank.37784
Yn 'e Ham wie in reed, dêr hie sterke Hearke paed lâns. Doe wie der ien, dy woe him dêr net mear lâns ha. Dy makke it ticht mei pealtsjes. Mar Hearke helle se der út en gong der like goed lâns as oars. Hyltyd wer frede dy man it ôf. Doe krige Hearke op it lêst syn nocht. Hy sei tsjin dy man: "Ast my nou wer in kear keare wolst, dan ried ik dy oan dat net...
nl.verhalenbank.21690
Twa mannen troffen elkoar. De iene wie kreupel en de oare stammere. Dy't stammere sei tsjin 'e kreupele: "Dû hoechst net to kreupeljen. Dû mast sà rinne: de iene foet op it trottoir en de oare op 'e wei. Dan kreupelstû net." Doe sei de kreupele: "Nou sil ik d_ it stammerjen ôfleare." "Hoe dan?" woe de stammerder wite. "Dan hâldstû dy de bek ticht", sei...
nl.verhalenbank.28406
Aukje Pultrum hie altyd de gewoante fan to sizzen: Duvel. Dat sei se to pas en to ûnpas. Op in joun soe se nei de pomp, doe hie dêr in lyts, swart mantsje stien. Hja hie net wer fuortkomme kind. Doe hie se bigoun to bidden. Doe hie se wer fuortkomme kind. 't Wie Jille Pultrum syn beppe.
nl.verhalenbank.25863
Dêr't nou dôve Germ wennet yn 'e H., dêr wennen froeger Jan Frânses jonges, Auke en Jan. Dy murdejagen altyd. Op in joun wienen se der togearre op út. Sy kommen by de Janke-dobbe, dêr fornommen se in murd. Sy stjûrden de beide hounen der op ta, mar de beide hounen woenen net. Doe sei Auke: "Godfordomme, dêr sille jim op ta." Mar dêr fljocht him hwat op 'e...
nl.verhalenbank.23590
Feitse Mud tsjinne by in boer yn Oerterp. Achter Oerterp rint in loane dy giet ek nei Sigerswâld ta en op dy loane spûket it. Dy boer hie in protte bijen en dy woarden elk jier yn 'e nacht nei de heide ta brocht. Dat gebeurde ris wer op in nacht. Doe't de bijen opladen wienen op twa weinen rieden de boer en Feitse Mud togearre fuort. Doe't se op 'e loane...
nl.verhalenbank.37692
Us Jille wie ris op 't tsjerkhôf op 'e Boelensloane. Doe kom der ien neist him mei in regenskleed om. Dat roan in eintsje mei him op en wie doe samar ynienen wei.
nl.verhalenbank.23574
Jehannes Bos syn wiif Sjouk en Ielke syn wiif dy gongen us op in nacht tusken tolven en ienen de wei del. Doe woarden se samar oplicht en kommen op in hiel oar plak wer del. 't Gebeurde yn Drachtster Kompenije. Se tinke, dat dêr in lykstaesje west hat.
nl.verhalenbank.23869
Myn heit sei altyd tsjin ús: As jim by jountiid fuortgean, rin net midden op 'e wei, mar altyd oan 'e kant.
nl.verhalenbank.24244
35