Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: gezin Place of Narration: Houtigehage
In wjerwolf, dat wie ien, dy koe noait sêd, dy friet altyd troch. As der acht jonges yn in húshâlding wienen, dan wie ien dêrfan in wjerwolf.
nl.verhalenbank.37796
Doe't ús heit al min wie, hearden wy by ús op in nacht timmerjen en weibrekken fan planken. Mar der wie neat to sjen. Wy wennen yn in foech krot, dat doe't ús heit der ôf rekke, sa'n fjirtsjin dagen letter, koenen se de kiste net yn 'e hûs krije. Doe moesten der planken útbrutsen wurde. Dat wie itselde lûd dat wy in fjirtsjin dagen fan tofoaren dy nachts...
nl.verhalenbank.19586
Oan 'e Houtigehaechsterwyk wenne in tsjoenster. It wie Jan Mulder syn frou, Luts fan Ritske Ale. Njonken harren wenne in húsgesin, dêr wie 't jongste bern siik fan. 't Wie in jonkje. Dat woe net groeije, it tsjirme. 't Kin wolris bitsjoend wêze, seinen se en se gongen nei de duvelbander ta. Dy sei, hja moesten alles tsjuster meitsje yn 'e hûs, dat se...
nl.verhalenbank.37461
Dy't op 'e klaei de koarts krige - de klaeikoarts - koe dy allinne wer kwyt wurde, as er wer nei de klaei ta gong. Dat haw ik sels yndertiid meimakke. Wy arbeiden faek yn Emden. Mei in boatsje via Delfsyl farden wy dêrhinne. Wy wienen dêr yn 'e kost yn in streek huzen, dat hiet Lombok. Dêr roan in ringat lâns en dêr stonk it tige. Minsken fan ús kant...
nl.verhalenbank.37702
Jan Mulder syn frou (Janne Luts) wenne oan 'e Skoallewyk yn 'e Houtigehage. It wie in tsjoenster, tominsten, dêr gong se foar troch. Ritske van der Meer hie in jonge, Germ (dy wennet nou yn Limburch), dy jonge rekke siik. Janne Luts kom dêr in bult oer 'e flier. Dy jonge wie siik en bleau siik. Der wie neat oan to dwaen. Se hienen alle middels prebearre,...
nl.verhalenbank.28046
35