Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: geld Place of Narration: Houtigehage
Alde Taeke Pyt hie in wikseldaelder. Elkenien hie earmoed, mar hja koenen 't altyd skoan dwaen. De duvel hie him har jown.
nl.verhalenbank.31122
Alde Taeke Pyt hie har oan 'e duvel forkocht. Doe't in oar yn 'e earmoed siet, hie hja altyd sinten. Mar sy is in rare dea stoarn.
nl.verhalenbank.28048
Pytsjemuoi, dat wie Auke Stienstra syn mem. Dy hie in wikseldaelder. Dy hie se fan 'e duvel. Hja siet noait sûnder sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.37795
Minsken dy't kûgelfrij binne, dy wurde yn 'e oarloch net deasketten. Frijmetselers binne ek kûgelfrij. Ek deselden, dy't mei de helm geboaren binne. Guon wolle graech sa'n helm ha, hwant sa'n helm biskermt har tsjin gefaren. Se wurde net deasketten en op sé forgiet it skip net, dêr't sy op farre. Frijmitselers krije jild fan 'e duvel. Sy ha noait...
nl.verhalenbank.24305
Bareld Pultrum fan 'e Houtigehage gong us op in kear nei Jonge Jan ta fan it Wytfean. Dat wie in kwaksalver en hy fédoktere in soad. Bareld woe him ris op 'e proef stelle. Hy woe wite hoe kundich Jonge Jan wie. Hy hie it hier fan twa soune hyns meinom en dat joech er jonge Jan oer. De hynders wienen net goed, sei er. Doe joech jonge Jan him twa doaskes...
nl.verhalenbank.28412
In âld man fortelde my, der wie in minske stoarn út in húshâlding wei. Hja wie de mem fan trije bern. Doe't dat minske al in skoftsje dea west hie, seinen de bern: "Heit, mem hat hjir hjoed ek west." "Dat kin net", sei de man. Hy wie oerdeis oan 't wurk. Mar it gebeurde al us wer en al us wer dat de bern seinen: "Mem hat der west. Hja hat by de tafel...
nl.verhalenbank.23838
Der binne minsken dy wurde mei de helm geboaren. As se dy helm fan tofoaren omheech lûke en sa ôfnimme, dan sjogge sokke minsken hwat. Dy helms woarden froeger troch de dokters foar in protte jild forkocht. Guon dy't sa'n helm hienen wienen kûgelfrij. Elkenien dy't sa'n helm hat, wurdt biskerme.
nl.verhalenbank.28037
As frijmitselders forlet ha fan jild, dan geane se nei in gebou ta. Sy geane troch trije doarren, sa komme se yn 'e fjirde keamer. Dan sizze se: "Ik bin forlegen om jild." En dan wurde se oan sa'n stik jild holpen as se freegje. As se trije kear holpen binne, krije se gjin jild wer. Dan binne se forkocht oan 'e duvel.
nl.verhalenbank.23880
Dy't ien kear frijmitseler is kin der net wer by wei. Myn neef Bareld Pultrum wie lid fan 'e frijmitselders. Hy hie altyd sinten om hannen. Hy wie koopman. Fan hûs út wied er krekt sa earm as wy. En hy hat letter in kear oan 'e merk stien mei sawn en fyftich reabûnte kij.
nl.verhalenbank.23882
Der leefden ris in man en in frou. Dat wienen Pibe en Tetsje. Hja hienen ek noch in houn, dat wie Wachter. Dy minsken wienen nergens bang foar, foar gjin duvel. Doe't Pibe forlet fan jild hie, kom de duvel by him. "Dû kinst wol jild fan my krije," sei de duvel, "dan kinst dyn fjild wer bibouwe, mar wy prate dit ôf. Alles hwat boppe de groun waechset is...
nl.verhalenbank.25548
35