Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
34 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Haulerwijk
In neef fan my en syn faem en ik mei myn feint ha ris mei ús fjouweren nei de wiersizter ta west. Dy wenne to Ljouwert, achter oan 'e Nijstêd. Wy hienen bisluten it minske to grazen to nimmen. Myn neef gong njonken my sitten en myn feint by de faem fan myn neef. Mar it earste dat it minske sei, wie: "Jimme hearre sa net to sitten. Jo hearre dêr by en jo...
nl.verhalenbank.21045
Myn suster is nou tolve jier wei. Sy wie frijgesel en tsjinne yn Amsterdam. Op in kear hie se nei in freondinne ta op bisite west. 't Wie op 'e joun. Hja roan werom lâns de Hearegracht. 't Wie dêr stil. Doe kaem der ynienen in keardel fan achteren oan en dy kaem har op side. Sy koe syn fuotten net sjen. 't Wie krekt as sweefde er. Hy sei tsjin har:...
nl.verhalenbank.21051
Wy wienen us mei 't skip to Feanhuzen. Dêr soenen wy turf weihelje. Doe siet dêr in slangenêst ûnder in ring turven. Heit stiek in grouwe slange dea. Dy hie in giel kroantsje op 'e kop. Doe seinen se tsjin my: "Dû mast dêr wei!" Fan alle kanten kamen de slangen opsetten. Ik bin hurd útnaeid, mar heit noch folle hurder. Allegearre naeiden wy út, hwant it...
nl.verhalenbank.21044
W. Merk fan 'e Haulerwyk fortelde: Der wie ris in man, dy soe in slange deameitsje. Mar hy sloech mis. Hwant it wie in koaningsslange en dy is ûnkwetsber. De slange hie in kroane op 'e kop. Hy gong op 'e sturt stean en bigoun to fluitsjen. Doe kommen der fan alle kanten hoepelslangen oansetten. Dy hienen de sturt yn 'e bek. Sa hoepelen en saeiden se troch...
nl.verhalenbank.21055
Yn 'e Fochtel gebeurde it dat de doomny ûnforwacht by twa minsken op bisite kom. Hja hienen krekt it miel bihimmele. Doe't it wiif him oankommen seach, sei se tsjin har man: "Hjir hast gau de bibel." Hwant de doomny moest tinke, dat hja frome lju wienen. Mar de man koe net lêze en hie de bibel mei de letters omkeard op 'e knibbels lizzen. 't Minske sei,...
nl.verhalenbank.20997
Der kaem ris in âld man by ús heit, dy gong yn 'e hoeke sitten en skriemde. "Hwat nou," sei ús heit, "is der hwat Jurjen?" It wie oars sa'n flink âld man. "Ja", sei er "ik ha sjoen dat de moune mar mei ien roede draeide." Ien à twa jier letter sloech de tonger yn 'e moune hjir yn Haulerwyk. Doe hat er mar mei ien wjuk draeid.
nl.verhalenbank.20822
As de tsjerne bitsjoend wie, moasten se nei Hinse Jehannes ta, dy wenne op it Swartfean. Dat wie in lompe keardel. Ik hie us in dikke kou, sa'n fyftich jier lyn. Dy wie siik en it bist waerd minder. Doe gong ik nei Hinse ta. Ik hie hwat hier fan 'e kou by my. "Hwat hiestou?" sei Hinse tsjin my. Hy hie sa'n foars lûd. "Ik hie in sike kou." "Hast hier by...
nl.verhalenbank.20823
Hjir wienen twa, dy't mei de helm geboaren wienen: Graanstra en âlde Merk. Sy seagen nou en dan lykstaesjes.
nl.verhalenbank.20714
Alde Merk wie mei de helm geboaren. Hy seach ek lykstaesjes. By 't Súdlaerdermeer moat hy ris sitten ha to fiskjen. Hy wie plysje. 't Wie tsjuster. Mar samar ynienen wie 't ljocht woarn. "En seagen wy dêr de wettermoune net yn 'e brân stean oan 'e kant fan 'e Súdlaerder Meer?" sei er. "'t Wie sa ljocht, dat wy koenen de dobber en alles goed sjen. Krekt as...
nl.verhalenbank.20648
Ik haw in omke hawn, dat wie Ynse Graanstra. Dy hat fan tofoaren sjoen dat se hjir oarloch hienen. It bloed roan ta de feart yn, sa waerd der fochten. Mar dat is net gebeurd.
nl.verhalenbank.20711
Der wenne in timmerman yn Bakkefean, dy krige beammen thús. It wienen grouwe beammen dy't sage wurde moasten. Hja moasten fan 'e mâllejan ôf helle wurde. Mar omt dat tige op 'e lea oankaem, hied er Ynse der by helle. Dy rette it kerwei allinne op. "Hwer moatte se lizze?" frege Ynse. "Dêr mar", sei de timmerman. Ynse lei sa in stik of fiif grouwe...
nl.verhalenbank.20658
Trije jonges kuijeren sahwat omtrint Beneden-Haulerwyk. Ien fan 'e trije is troud. Ien fan dy jonges sprong samar ynienen oerside. "Hwerom dochstû dat?" fregen de oaren. "Der komt in swarte wein oan mei twa hynders der foar", sei de jonge. De oaren seagen it net.
nl.verhalenbank.20710
Doe't er noch gjin plysje wie, wied er us op in winterjoun oan 't lotsjen. Dat wie forbean en de plysjes attrapearren him. Dy pakten him beet en woenen him meinimme. Mar doe gong Klaes sa to kear, hy trape troch de flier hinne en de plysjes koenen him net hâlde. Hy sei: "Ik wol der wol út, mar dan moatte jimme my loslitte."
nl.verhalenbank.20706
Der lei in skipper yn Dokkum by de Bonifaciusfontein. De man die noait in slach en leefde der goed fan. Hy hie twa soannen. Hy hie in sokke of in hoas, dy brocht er nou en dan ûnder 'e piip dy't oer de Strobosker feart lei. Dy hong er oan in toutsje. Dêr ûntfong er it jild yn. Dat krige er fan 'e duvel, dêr 't er him oan forkocht hie. Dêr leefden se fan.
nl.verhalenbank.21008
Der hat hjir in âlde postboade west, dy roan ûnderweis yn 't Haulerfjild tsjin in beam op. Mar der wie hielendal net in beam. Letter kamen de tillefoanpeallen dêr lâns. Dêr hat it foartjirmerij fan west.
nl.verhalenbank.20713
Gekke Jelke wenne yn 't Donkerbroekemerfjild. Ik wie achttsjin jier âld en wy gongen us mei in pear fan ús maten dêr hinne. Hwant der waerd biweard, it doogde dêr net, en dêr woenen wy mear fan witte. Wy gongen der foar de gleskes stean. Ut in readkoperen kofjetsjetteltsje geat Jelke kofje yn twa reaukes dy't op 'e tafel stienen. By 't ynjitten fan 't...
nl.verhalenbank.21011
Sterke Ynse fan Bakkefean ha 'k noch wol kend. Ik ha sjoen dat er in mjukskroade fol sân by him hie. Dy droech er op 'e earms, krekt sa as men in lege kroade draecht.
nl.verhalenbank.20657
Sterke Ynse fan Bakkefean kaem us by de smid. Hy moast in furke meitsje litte, mar de smid hie 't op dat stuit op syn manier to drok. Hy hie der net rjocht sin oan, fornaem Ynse wol. Ynse moast mar even geduld dwaen, sei er. Mar Ynse tocht: "'k Sil dy wol ha." Doe 't tiid wie fan kofjedrinken gong Ynse stikum nei 't ambyld ta en sette dat bûten op 'e...
nl.verhalenbank.21012
It wie op Haulerwykster merk. Ik siet op in snein-to-joun yn 'e herberch. Doe seach ik Jan Sterk dêr. "Wij hebben ons kampien ook verkocht, hoor", sei er. "Oan hwa?" frege ik. "'t Is een Bergsma; Jannes heet-ie." "Wat wil die kerel daarmit?" frege ik. "Hij is bakker", sei er. Doe kaem âlde Merk der yn. "Wat he'k nou wat beleefd", sei er. "Ik kwam meester...
nl.verhalenbank.20644
Der wenne hjir in jonge man, dat wie in soan fan Klaes Post. It wie ien fan tolve ambachten en trettsjin ûngelokken. Nou hied er dit by de ein en dan wer dat. En in sinten dat it net koste allegear! Elkenien frege him ôf, hwer't er al dat jild wei hie. Net ien koe 't him bigripe. Mar de frou, dêr't ik de aeijen weihelle, sei: "Ik wol. Hwant hy is in...
nl.verhalenbank.20650
35