Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
185 results
Place of Narration: Harkema
As Melle Tiet froeger by de bargen kom, woenen se net mear frette. Dan wienen se bitsjoend. Sy wenne yn 'e buert fan 'e Skieding. Dêr wenne ek in man dy syn bargen wienen èk siik. Doe seach dy in rôt by syn trôge. Hy sloech nei dy rôt en rekke him. De oare deis hie Melle Tiet in doek om 'e holle.
nl.verhalenbank.24881
In tsjoenster kin har foroarje yn in kat. Ik ha wit hoe faek heard, dat se in kat in opmiter joegen en dat dan de tsjoenster de oare moarns mei in seare holle of sa op bêd lei. De tsjoensters tsjoene krânsen yn 'e kessens. As katten hâlde se in forgadering. Us Gerke hat wolris heard, dat de kat sei: 'donderdagavond'.
nl.verhalenbank.26348
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Dy katten hâldden soms in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.25769
Se hienen hjir froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompels fanwege de tsjoensters. En de bern hienen 't yn pûdtsjes op 't boarst.
nl.verhalenbank.25783
Tsjoensters kinne ek troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan hippe en dideldeinje de tsjoensters der foar om, dan komme se der net yn.
nl.verhalenbank.23537
Us mem fortelde froeger, Alle Tet dy koe har foroarje yn in kat. Dy ha se wol us slein, dan wie Tet de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.22712
Op 'e Bulten hat in frou wenne, Piters Lyske, dy rekke bitsjoend. Hja waerd siik en doe founen se in krâns by har yn 't kessen. It wie in frommeske út Bûtenpost dy't har bitsjoend hie, neffens se seinen. It is noch net iens safolle jierren lyn doe't dat gebeurde.
nl.verhalenbank.31543
Sy dienen hjir yn 'e Harkema faek duveldrek ûnder 'e bargetrôch. Dat wie om 'e tsjoensters. Under 'e drompel hie hast elkenien duveldrek.
nl.verhalenbank.17396
Tsjoensters hellen altyd de bern by har. Hwa fan dy bern it swakste wie, dat woarde bitsjoend. Sy moesten de bern hwat jaen, oars koenen se har net yn har macht krije.
nl.verhalenbank.25722
Op 't Surhústerfean is foar in pear jier noch in jonkje bitsjoend. Hy hie in krâns yn 't kessen. Dy krâns hat dêr foar 't glês lein. It bern hie hwat fan 'e tsjoenster yn krige, dêr't it fan bigoun wie to kwinen.
nl.verhalenbank.16086
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, sa bang wienen se foar tsjoensters. En de bern droegen duveldrek op 't boarst.
nl.verhalenbank.26353
De krâns mat yn in panne dien wurde. Dy panne mat droech oer 't fjûr, mei it lid der op. Dan mat de tsjoenster op 'e lappen komme. Dan fljocht se by de doarren op. Yn 7 jier mat de tsjoenster ien deatsjoene. Slagget se dêr net yn, dan rekket se sels dea.
nl.verhalenbank.16087
Heit hat wolris forteld dat der tsjoensters binne dy't allerhande popkes ha, dêr't se dan mei spjelden yn stekke om guon pine to bisoargjen.
nl.verhalenbank.28557
Tsjoensters foroarje har yn in kat. Duveldrek ûnder 'e drompel is 't bêste middel om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.23950
De tsjoensters tsjoenden krânsen yn 'e fearrene kessens. Dy woarden der úthelle en opbrând. Wylst moesten de slotsgatten ticht makke wêze, want in tsjoenster koe oaral troch komme. En hja mocht der net by wêze.
nl.verhalenbank.33648
Siet der in krâns yn 't kessen, dan wie der ien bitsjoend. De krâns(en) sieten faek spjelden yn . Dy krâns(en) woarden opbrând. Dan brânden de spjelden ek op. Dan krige de tsjoenster in ôfgrysliken pine.
nl.verhalenbank.17460
Hjir yn 'e Harkema wennen tsjoensters dy hâldden der popkes op nei. Dêr stutsen se mei spjelden en nuddels yn. Dan wienen der minsken, dy krigen pine. Sy ha wol ris sjoen dat sokke tsjoensters dat dienen.
nl.verhalenbank.28851
In pod wie in tsjoenster. Tsjoensters leinen in fjûr oan fan stiennen.
nl.verhalenbank.20030
Hjir hat in biruchte tsjoenster wenne. 't Wie Tet, de frou fan Alle Wagenaar. Myn buorman Willem van Doezum en Auke Schievink soenen togearre op in joun to murdefangen. Doe't sy oan Alle Wagenaar ta wienen seagen sy dêr in swarte kat. Dy kat kom by har. Sy koenen dy kat net kwyt wurde. Doe tochten se: "Wy sille him deaslaen!" Mar dat koenen se net. De kat...
nl.verhalenbank.22188
Alle Tet wie in tsjoenster. Dy koe har yn in pod foroarje, seinen se. Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se mei in fleske mei pisse fan 't bern nei Wopke fan Kûkherne ta. Dan joech Wopke in drankje mei. En dan sei er: "Tink der om, hear, op heilwei komt der in swarte kat by dy, dy springt dan by dy op en dy wol 't fleske stikken meitsje." Dat is hjir...
nl.verhalenbank.28802
186