Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: vreemd Place of Narration: Harkema
Us âlde beppe wenne op 't Ketling, ûnder Surhústerfean. Op in moarn sei se: "Binnen 14 dagen brânt dat en dat hûs op. Ik ha 't fannacht brânnen sjoen." Binnen twa wiken tiid wie 't hûs in jiskebult.
nl.verhalenbank.12498
In susterke fan my rekke net goed. Sy woarde al minder en minder. Op 't lêst wienen har lippen al hielendal blau en wy moesten se hyltyd wiet meitsje. It wie neat mear. Doe sei Aukmoai op in kear: "Sille wy us foar har nei Rottefalle nei ús Hinke-moai." (Dat wie Frânse Hinke, de duvelbanster) Doe dêr hinne. Hinke sei, it bern wie bitsjoend. Se joech mem...
nl.verhalenbank.21646
Der kom us in man fan in houtforkeaping werom. Doe't er by de Liuwepoel kom, hearde er 'Help!' roppen. 't Lûd kom út 'e poel wei. Hy der hinne, mar der wie neat to sjen. Der sit hwat yn 'e Liuwepoel, dat soms alles yn biroering set. Dan is de hiele poel oerstjûr. Men tinkt, dat der in munster yn húsmannet. Sy ha der wol us in dik beest sjoen oan 'e kant...
nl.verhalenbank.21295
Rikele Myt koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. As ús mem ús bang ha woe, sei se: "Pas op, hear, nou matst foarsichtich wêze, oars lit ik de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme."
nl.verhalenbank.17525
De Liuwepoel is ûnwittende djip. Sy ha him wolris bidjipje wold, mar doe't se op sawntsjin foet wienen koenen se noch gjin groun krije. Der sit hwat yn 'e Liuwepoel. Net in roer fan in boat, dy't safolle lawaei meitsje kin. 't Hiele wetter is soms yn biweging by stil waer. It mat in greate fisk of in munster wêze, dy't der yn tahâldt. Der mat ek noch ien...
nl.verhalenbank.22205
Reid Keuning fan Koatstertille wie in fremd man. As der guon by him wienen to jounpraten, dan sei er: "Sjogge jimme dy lytse minsken wol út 'e hurddobbe weikommen?" 't Wienen soldaetsjes. Mar ik koe 't net sjen, sei Rikele. Oaren seagen it wòl.
nl.verhalenbank.25152
Thysom, dat wie ús heit syn omke. Dy hie in bern, dat rekke bitsjoend. Earst woe Thysom dat net leauwe, mar it kaem doch sa fier, hy rekke nei de duvelbander Wopke fan Kûkherne ta. 't Wie midden yn 'e winter en der lei in dikke laech iis. Dat omke gong der op redens hinne. Wopke joech him in drankje mei, mar sei: "Tink der om, ûnderweis komt der dy ien...
nl.verhalenbank.19344
Tsjip van der Bij wie in goddeloas man. Hy wie us in kear oan 't houtkappen. It wie stellen hout. Hindrik van der Veen wie der ek by. Se wennen beide yn 'e Harkema. Doe wie der in fremde kat oankom en dat dier dat streake Tsjip hyltyd mar by de fuotten lâns. Tsjip sei: "Gean wei, kat." Mar doe't er dat net oprêdde koe, hat er de bile nei de kat smiten....
nl.verhalenbank.21388
Alde Hindrik Pyk en Ot wennen yn 'e Smoarhoeke. By Sije Veenstra wie us in kear in greate, grouwe kat. It wie in fremde kat. Sije hie it net op it beest bigrepen en smiet der op. Hy rekke him ek, mar de kat wie samar ynienen geweken, sûnder dat Sije sjen koe hwer't er bleau. De oare deis kom er Hindrik Pyk tsjin. Dy syn holle wie hielendal blau en opset....
nl.verhalenbank.21463
Alde Albert Alma, dy't letter mei Tet (in oare Tet) troud is, wie noch feint. It wie in earst raren-ien. It koe him neat skele hwat er die en hwat er sei. De duvel hie macht oer him. Op in joun doe hied er it wer raer dien. Hy wie thúskom en hie de doar beet krije sild. Mar de doar wie automatysk út him sels foar him iependraeid. En sa wied er ek wer...
nl.verhalenbank.22221
Op in winterjoune roannen heit en de slachter Sake Hofstede togearre mei elkoar op nei hûs ta. 't Wie op 't Ketling ûnder Surhústerfean. Der lei snie. Doe seagen se, dat der in frommeske achter har oan kom. Sy sloech in sydpaed yn en wie samar ynienen wei, as wie se yn 'e groun sakke. Heit en Sake woenen it ûndersykje. It minske hie gjin spoaren...
nl.verhalenbank.12492
By de Feanster Nije Wei stiet in hûs, dêr't earder in âld hûs stien hat. Doe wenne Harm Wever der noch yn. Op in nacht gong it dêr op in smiten en dwaen mei balken en spanten en ek op in timmerjen. Heit en mem leinen op bêd. Sy wennen der njonken. Sy hearden it beide dúdlik. "Dêr komt in nij hûs", seinen se. En dat is ek gebeurd, mar even neitiid. It âlde...
nl.verhalenbank.12493
Op in saterdeijoune kom Douwe by de faem wei. It wie sahwat om ien ûre yn 'e nacht. 't Gebeurde hjir mar in eintsje fan ús ôf, in jier of fiif lyn. Hy moest it hûs fan Anne Hoeksma passeare, dêr't it wiif fan yn forwachting wie. Krekt even fierder by in skerpe bocht woardde er oerside set. Hy tocht: Hwat is dit? Hwant der wie abslút neat to sjen. En syn...
nl.verhalenbank.15883
Beppe fortelde, âlde Rikele Myt wie in tsjoenster. Sy wenne op 'e Skieding. (Fryslân-Grinslân) by Grinzer Pein. Rikele Myt hie de bern samar bang. "Pas op," sei se, "oars lit ik ierdmantsjes ta de hurddobbe útkomme."
nl.verhalenbank.12496
Om 1940 hinne hearden ik en Sjouk (syn wiif) yn 'e Harkema dúdlik guon timmerjen yn 'e nacht. Ik sei: "Hjir komt in nij hûs." Wy hienen dúdlik de lûden heard fan it bikappen fan 'e stien. It hûs kom der ek, ridlik gau dêrnei. It wienen deselde lûden, dy't wy earder heard hienen.
nl.verhalenbank.12494
Alde Sibe v.d. Veen syn heit Ruerd koe ierdmantsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.12495
35