Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: soldaten Place of Narration: Harkema
Reid Keuning wie fytsmakker op Koatstertille. Hy wie net troud. Hy gong us mei my nei Twizel ta to skutjassen. Op 'e weromreis sei er: "Wolst even mei der yn?" Ik gong mei, krige kofje, in brochje mei hearring en in pear buorrels. Ik siet by 't finster en hy by de doar. Doe sei er ynienen: "Al de soldaatjes uit de hut, marcheren!" Dêr kommen se oan,...
nl.verhalenbank.15524
Rikele Myt koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. As ús mem ús bang ha woe, sei se: "Pas op, hear, nou matst foarsichtich wêze, oars lit ik de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme."
nl.verhalenbank.17525
Edzer Sint koe soldaetsjes út 'e hurddobbe komme litte.
nl.verhalenbank.17446
Ruerd van der Veen, dat wie myn omke. Dy koe de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte en se oer 't hûs marsjeare litte. Op in kear kaem Ruerdom fan 't Bouwekleaster, dêr't er timmere hie. Hwant hy wie sa heal en heal timmerman. Dêr wienen doe allegear houtsjes. Der binne nou nòch guon trouwens. Dêr moest hy oer. Doe stie der by ien fan dy houtsjes...
nl.verhalenbank.17553
Ymke koe alle kunsten. Op in kear doe siet er yn 'e kroech. Hy hie allegear soldaten om him hinne. Hy sei: "Is der ien dy't my even in bûsdoek liene kin?" "Jawol", sei ien fan 'e soldaten en hy krige dy syn bûsdoek, in reade bûsdoek. Doe hie Ymke in lúsjefers krige en dy bûsdoek opbrând. Dêr kom hwat jiske fan. De soldaet, dy syn bûsdoek it wie, hie sneu...
nl.verhalenbank.34585
Koart foardat de Dútsers hjir kommen yn 1940 hearde ik de learzens al oer de wei gean. 't Wie in hiele stoet soldaten dy't ús foarby kom. Ik hearde wylst ik op bêd lei yn 'e nacht. In goed wike letter wienen se hjir. Doe sei 'k: "Dat is nou de stoet, dy't ik dy nachts heard ha."
nl.verhalenbank.32633
Ik haw in âld man kend. Dy fortelde my, hy wie ris by Reid Keuning west op Koatstertille, dat wie ien, dy wie oan 'e duvel forkocht. Doe't er dêr in skoft sitten hie, wie Reid bigoun to lêzen yn in boek en doe wienen de soldaetsjes ta de hurddobbe útkom en dy wienen bigong to marsjearen. Doe hied er itselde weromlêzen en doe wienen se wer moai yn 't gelid...
nl.verhalenbank.28508
35