Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: ruzie Place of Narration: Harkema
Doe't Rixt fyftsjin jier âld wie, hat hja de plysje oer de banken smiten. Twa feinten krigen rûzje om har, doe kom de plysje der tusken. It woarde in rjochtsaek. "Foei, foei," sei de rjochter, "en dat een meisje van vijftien jaar." Mar hja woarde frijsprutsen.
nl.verhalenbank.23433
't Wie yn 'e winter en wol hast 100 jier lyn tink. It frear bot en it jongfolk wie der allegear op redens op út. Oan 'e Mûzegroppewei by Rottefalle wenne in widner: Sytse Batema, mei soan en dochter. Dy soan wie der op út gong to riden. De dochter woe ek graech ride, mar dat woe de heit net lije. Hja moest thús bliuwe. Hoe't it fierder gong is wyt net...
nl.verhalenbank.34589
Rinse-om hie us in kear spul hawn mei Auk-moai (syn wiif). Hy hat it my sels al us forteld. De moarns hie Auk-moai strûkmoes ite sild. 't Siet al yn in greate panne. Doe hied er út lulkens boven oer de boerekoal hinne pisse. Doe gong er nei 't lân ta to Readskuorre. Dêr moest er skoffelje. Doe't er ien rige skoffele hie gong er nei de oare ein fan 't lân...
nl.verhalenbank.22270
Wibe Alma fortelde ek: "Ik hie forkearing mei Griet, mar 't wie wolris yn 'e hobbel. Sa wie 't dy kear ek. De forkearing wie út. Ik soe op in joun nei har ta. Ik wie tusken 't tsjerkhôf en de iepenbiere skoalle yn. Doe seach ik oan 'e rjochterkant bisiden it paed en doe siet dêr ien. It wie Griet en dy siet dêr ynelkoardûkt mei in swart âld kleed om. It...
nl.verhalenbank.26226
Ruerd van der Veen koe mear as sljochthinne. Hy en syn wiif soenen us jounpraters ha, mar dêr gong in heftigen rûzje oan foarôf. As Ruerd lulk wie, die er it raer. Dan wie der gjin hûs mei him to hâlden en sloech er alles koart en klien. Sa hied er ditkear alle théguod oan diggels slein. It stie der slim foar. It wiif skriemde, hwant der wie net in reauke...
nl.verhalenbank.16907
Rixt, in dochter fan Sterke Hearke, tsjinne by in kastlein. Der siet in protte folk yn 'e kroech en it gong der op in houwen en slaen. De kastlein hie al in pear kearen warskôge, mar dat joech him neat. Doe sei er: As jim net opjowe, rop ik de faem. Doe gong it lûd op in laitsjen en sy rôpen: Lit dy mar komme! De kastlein joech even lûd en dêr kom Rixt...
nl.verhalenbank.16863
Hindrik de Boer wenne hjir yn 'e Harkema. Hy arbeide yn Grinslân op 'e klaei en wie altyd de hiele wike fuort. Tsjin syn wiif hied er sein: "Dû meist net by dyn folk komme, dat wol 'k bislist net lije." Hwant hy hie spul hawn mei syn wive folk. Mar op in joun, midden yn 'e wike, tocht se: "Ik wol der even sjen." En hja gong op stap. Mar doe't se sahwat op...
nl.verhalenbank.21565
Doe't heit 65 jier âld wie troude er foar de twadde kear mei âlde Pyt. Pyt hie al twa manlju yn 't graef. Heit hat net lang mei har troud west. Yn 1938 stoar hy oan 'e kanker. Pyt har bern en wy krigen doe greate rûzje. Wy woenen ús heit op 'e Heide op 't tsjerkhôf ha njonken ús mem. Pyt woe him yn 'e Ham op 't hôf ha njonken har beide oare manlju. De...
nl.verhalenbank.15882
Der wie ien, dêr hie'k de pik op yn. Ik woe him wol deameitsje. Hwant ik wie yn myn jonge jierren in earsten fechtersbaes. Op in joun stie ik by de Lauwers op 'e Provinsiale wei dy't rint fan Surhústerfean nei Grinzer Pein. Ik wachte deselde ôf, dy't der oan gelove moest. Ik paste op him. Doe't hy der oan kom, woe 'k nei him ta, mar ik koe net. It wie...
nl.verhalenbank.12487
Tseard van Dekken wie plysje yn 'e Ham. Mar it wie in gemene keardel. Hy koe it stellen sels net litte en is letter ôfset woarn. Sterke Hearke mocht him net sjen en hie rúzje mei him hawn. Mar doe kom op in kear mei Hamster merke Tseard op Hearke ta en sei: 't Mat nou ek mar ris in kear wer út wêze, net? Doe stuts er Hearke de hân ta. Hearke nom de hân yn...
nl.verhalenbank.15884
Op it Saeilân to Ljouwert, dêr't froeger de fémerk wie krige Tseard van Dekken al ris spul mei ien. Tseard hat it my sels forteld, ik ha by Tseard yn 't wurk west. "Hwat soestû, smoarge snotaep", hie Tseard sein. Doe hie dy oare sein: "Pas op, dan sil 'k dy stean litte." En doe't Tseard noch net om 't lyk woe, hied er Tseard en dy syn maet ek allebeide...
nl.verhalenbank.28852
35