Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: bewegen Place of Narration: Harkema
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle wie duvelbanster en wûnderdokter. Sy wenne de kant út nei de boppeste Rot'falle yn 'e buert fan 't earmhûs, oan 'e lofterhân. Ik wie sa'n fiif en twintich jier âld. 'k Hie 't al in healjier lang tige slim yn 'e draeibonke (kontbonke). Ik koe sitte noch stean en my net forroere. Ik lei altyd en hie in slimme pine. Se fuorren...
nl.verhalenbank.23447
Us âlde beppe wie yn tsjinst by de boer. Dêr tsjinne ek noch in oare faem by dy boer. Dy faem hie forkearing mei in feint, dy't op sé fard hie. Op in kear doe nom dy feint har in koeke mei. Dy koeke die de faem yn ien fan 'e koperen earnamers, dy't oan 'e souders hongen, yn 'e keuken. Doe sieten se dêr in kear to iten. Beppe sjocht omheech en dy iene...
nl.verhalenbank.23907
Tseard van Dekken fan Droegeham hat Imke de Jong de gek al ris oanstutsen. Doe liet Imke him fêst stean. Hy koe net in kant mear út.
nl.verhalenbank.25782
Der woarde earen wol sein dat der by Harm Laanstra yn 'e Harkema op it hiem in grouwe bolstien lei. Deis lei er stil. Mar yn 'e nacht, tsjin in ûre of alve bigong dy stien to roljen. Dan rolle er de wei in hiel ein út.
nl.verhalenbank.28566
Imke de Jong hie in toverstokje. Dêr koed er de minsken mei fêstsette. Hy hat op Hamstermerke Tseard van Dekken stean litten. Dy stuts him de gek oan. Doe't er net fuortkomme koe, sei Imke: "Wolst it nou leauwe?" Tseard wie sa wyt as in deaden. Doe sloech Imke wer mei syn toverstokje en Tseard koe wer fan 't plak komme. Sy ha Imke wol yn 't tichthûs...
nl.verhalenbank.20137
Heit fortelde ek, dat Ymke de Jong, dy wie in kear op Hamster merke west. Tseard van Dekken dy wie dêr stille plysje. Dat wie ien fan 't allergemeenste alloai. Tseard en Ymke krigen hwat spul en dêrby gniisde Tseard Ymke út en stuts him de gek oan. Doe sei Ymke tsjin him: "Ik jow neat om dy. Ik kin dy wol stean litte, datst net in foet forsette kinste."...
nl.verhalenbank.34587
Der wie in doomny by in frou op bisite. De doarren fan 't bêdsté stienen iepen. De doomny seach biweging ûnder 'e tekkens. Doe sei er tsjin 'e frou: "Ha jo in lytsen miskien?" "Ja," sei se, "trije." Dêr harke de doomny nuver fan op. Hy dronk in pantsjefol kofje op, dat de frou him ynskonk. It smakke him goed. "En hoe giet it mei de trije poppen?" frege...
nl.verhalenbank.33028
De Liuwepoel en 't Fliet mat ien yn forsûpe. Yn 'e Liuwepoel in famke mei read hier. Twa minsken ha dúdlik heard, dat der ien "Help - help!" rôp. Mar der wie neat to sjen. Der sit in glêd ding yn 'e Liuwepoel. Ik ha de Liuwepoel us hielendal yn biweging sjoen, wylst it blêdstil wie. Netten komme der altyd yn grús wer út. Der sit in munster yn.
nl.verhalenbank.23671
Ien fan 'e jonges fan ús buorlju krige in jas fan in Kanadees, doe't dy hjir nei de oarloch kommen. Hy gong dêrmei nei Ale ta (de dochter fan Ot) omdat dy hwat naeije koe. Dy soe der him in passend jaske út meitsje. Doe moest dy jonge dêr ek hinne to passen. Mar hy woarde rare kjel. Hwant it thékopke bigong samar fansels op 'e tafel om to dânsjen. En Ael...
nl.verhalenbank.21459
Der hat in hiele sterke keardel west. Dat wie Gosling Land, dy wenne op it Fean. Op in kear, doe hied er in lading takken op 'e wein sahwat op it plak, dêr't nou de AFEK is. Mar syn hynder koe 't net lûke. Doe gong Gosling der sels foar stean. Hy liet de stringen fan 't hynder slop hingje. Hy luts allinne de wein nei hûs ta. Mar 't hat him de kraech...
nl.verhalenbank.20960
Imke de Jong wie in gûchelder, dy kom altyd op Eastemarre merke. Hy koe de minsken stean litte. Op Hamster merke hat er de plysje alris stean litten.
nl.verhalenbank.29365
35