Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: nacht Place of Narration: Garyp
Yn 'e Sumarreheide op 'e Fiifhoek, dêr spoeke it. Dêr doarsten de minsken yn 'e nacht net komme. Op 'e Pasterijelânnen spoeke it ek. Op 'e Brandsma-loane to Garyp roun in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.32116
De hekke by it slot fan âlde dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stie altyd iepen. Die men him jouns ticht, de oare moarns stie er wer iepen. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat wol 'k us ûndersykje." Hy die de jouns de hekke ticht en hâldde dêr de wacht by. "Der mat in rare duvel komme," sei er, "dy't my hjir wer wei krijt en dy't de hekke iepen krijt." Mar...
nl.verhalenbank.22912
Yn 't east fan Garyp spoeke by nacht ek altyd in dikke houn om. Dêr wienen de lju bang foar.
nl.verhalenbank.23095
Us mem tsjinne, doe't se noch net troud wie, as boerefaem by Jan Jelkes yn Garyp. "Wy ha 't faek hawn," sei se, "dan hearden wy de wein mei hea oer de telle roljen yn 'e nacht, en dochs wie dat net it gefal." De oare deis gebeurde dat echt.
nl.verhalenbank.31502
It gebeurde op in nacht oan 'e Hearrewei dat in feint in faem nei hûs ta bringe soe. Mar doe koenen se ynienen net fierder. It wie krekt as wie der in hiel great wyt lekken fan 'e iene kant fan 'e wei nei de oare spand. It wie spûkerij, sy binne doe werom gong.
nl.verhalenbank.20307
Der wenne in boer yn Sumar, dy joech syn arbeiders fierstomin lean. Dêr wie ien arbeidershúshâlding by, dy liet er sahwat forrekke. De berntsjes hienen suver gjin klean oan. De iene nei de oare is fan 'e honger en fan 'e ellinde stoarn. Doe't se allegear dea wienen, hearden dy boer en boerinne alle nachten bernelûden yn 'e skuorre. Dat wie by 't twade...
nl.verhalenbank.31622
Ien fan Garyp ried yn 'e twintiger jierren op in joun de Brandsma's loane del. Hy hie in tige bêste karbidlantearne op 'e fyts, dy't wol fjouwer telefoanpeallen fier ljocht joech. Doe seach er tige dúdlik oan 'e kant fan 'e wei in pearke rinnen. Hy stapte fan 'e fyts om better to sjen. Doe wie der net ien. Ek fytste dyselde us nei Sumarreheide ta. Hy wie...
nl.verhalenbank.20317
Us heit fortelde, der hie op 'e Tike in minske wenne, dy hie by har libben bigeard, as se ienkear dea wie, dan woe se mei in wyt-mûtse op yn 'e kiste lizze. Har folk hie har dat biloofd, mar der letter noait wer om tocht. Hja woarde sûnder wyt-mûtse op biïerdige. Mar in dei of hwat letter, doe't de lju al op bêd leinen, woarde der by harren kloppe. Doe't...
nl.verhalenbank.21093
8