Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: hond Place of Narration: Garyp
Yn 'e Easterein fan Garyp spûke altyd in herdershoun. Ik ken wol minsken dy't him dêr sjoen ha.
nl.verhalenbank.20324
Hjir yn 'e Westerein fan Garyp roan altyd in reabonte houn. Dy roan altyd hinne en wer. Dêr wienen guon bang foar, hwant hy spoeke dêr. Hy roan altyd oan 'e kant fan 'e wei lâns. De minsken hienen it der faek oer.
nl.verhalenbank.31518
Yn Garyp wienen froeger wol pleachbeesten. Dy seagen der út as grouwe swarte hounen.
nl.verhalenbank.22985
By Garyp hat in loantsje west, dat kom út to Feanhuzen. Dêr spoeke altyd in houn. As jy dêr op sloegen, dan sloech men der dwars trochhinne.
nl.verhalenbank.27813
Yn dat boskje spoeke ek in grouwe houn mei greate gleone egen.
nl.verhalenbank.23031
Yn 't east fan Garyp spoeke by nacht ek altyd in dikke houn om. Dêr wienen de lju bang foar.
nl.verhalenbank.23095
Ik wie in jonge fan sawntjin jier. Ik lei op bêd. Doe hearde ik de tsjerne gean mei trije pompen, dan wie 't stil. Even letter wer trije pompen, dan wie 't wer stil en sa gong dat mar troch. 't Wie yn 'e nacht. De houn ûnder 'e moune spûkgûlde. Ik lei yn 't bûthús. Ik gong by 't bêd del. Doe koe 'k it noch better hearre. Mar hwat dat west hat, haw ik...
nl.verhalenbank.17109
Us heit dy sei: "Ik leau net oan spoeken, mar ienkear ha 'k it hawn, doe kom der my in grouwe swarte houn tomjitte. Doe soe ik him goed slaen mei de stok, mar ik sloech der dwars trochhinne (myn heit wie Jelle Harmens Dykstra).
nl.verhalenbank.22792
As Beint Dekker boadskippen dwaen moest gong ik wol faek mei him mei. Ik wie doe noch in fanke. Wy roannen oer de Sumarreheide. Dêr gong Beint by Abrahams Tryn oan, dy hie in winkeltsje. It wie by Beint en dy greate earmoede en hy frege Tryn of dy him noch wol in kear boargje woe. Dan soed er de saterdeis wol sjen as er hwat bitelje koe. Hy soe dan aenst...
nl.verhalenbank.20245
9