Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
67 results
Place of Narration: Garyp
Yn guon huzen wolle de skuorredoarren nachts net ticht bliuwe. Docht men der dan duveldrek ûnder, dan bliuwe se ticht.
nl.verhalenbank.31565
Yn 'e pleats fan Gelf Hoekstra yn Garyp siet in doar, dy koenen se noait ticht hâlde. Sy ha der wol spikers yn slein om him mar ticht to hâlden, mar hy gong altyd wer iepen. Sa wie 't ek mei de hekke fan dr. Bontekoe yn Hurdegaryp.
nl.verhalenbank.20315
Op 'e Skilige Piip by Feanwâlden wie 't net plús. De minsken waerden dêr bang, it spûke dêr.
nl.verhalenbank.32327
Op 'e Skilige Piip by Feanwâlden spoeke in âld hear mei in grize hege hoed op. Men seit: "Even by de âlde hear de pipe opstekke."
nl.verhalenbank.24623
Oan 'e Akkereed by de Brandsma-wei yn Garyp spoeken wite wiven, seinen se.
nl.verhalenbank.22990
Op it Inia-loantsje spoeke it altyd. Der roan hwat. Dat bigoun al op it plak, dêr't nou Slofstra wennet.
nl.verhalenbank.22797
To Hurdegaryp is in hekke, dy't fansels iepengiet.
nl.verhalenbank.22697
Op 'e Pasterijelânnen yn 'e Sumarreheide spoeke it altyd bot.
nl.verhalenbank.20247
Yn Sumarreheide spoeke it op it plak dêr't Abraham van der Leest wenne hat.
nl.verhalenbank.20242
Op it Lútsensloantsje to Garyp roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31519
Hjir yn 'e Westerein fan Garyp roan altyd in reabonte houn. Dy roan altyd hinne en wer. Dêr wienen guon bang foar, hwant hy spoeke dêr. Hy roan altyd oan 'e kant fan 'e wei lâns. De minsken hienen it der faek oer.
nl.verhalenbank.31518
Achter Burgum spoeke juffer Lys, dy wie yn 't wyt klaeid. Se die de minsken neat.
nl.verhalenbank.31517
Yn Garyp wienen froeger wol pleachbeesten. Dy seagen der út as grouwe swarte hounen.
nl.verhalenbank.22985
Yn Aldegea roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.22984
Yn Feanhuzen by Garyp roan in fôlle mei in brijkanne om 'e hals.
nl.verhalenbank.22791
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) wie in dobbe yn 'e kampen foar Siger Hoekstra. Pim fan Syberens Baeije seach altyd in âld-minske út dy dobbe kommen. Dy woarde ek sa wer wei.
nl.verhalenbank.22789
Yn Aldegea, seinen se, roan altyd in fôlle mei in brijkanne om 'e hals.
nl.verhalenbank.22768
Yn 'e Easterein fan Garyp spûke altyd in herdershoun. Ik ken wol minsken dy't him dêr sjoen ha.
nl.verhalenbank.20324
Op 'e Sumarreheide yn 'e Griene loane (by de Pôllediken) rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals. De Broek troch nei Sumarreheide (ûnder Garyp) rint ek in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20306
Wy wennen mei ús âlden yn in keet oan 'e polderdyk ûnder Aldegea. By twa dammen dêr tichteby spûke it. Ik moest dêr altyd lâns. As ik oan ien fan dy dammen ta wie, dan bigong ik hiel hurd to rinnen, sa'n angst hie 'k dan. Mar ik ha der noait hwat fornom.
nl.verhalenbank.20240
67