Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
29 results
Place of Narration: Feanwâlden
Heit fortelde, yn 'e Lemmer, dêr spûke it. Dêr wie in hynstestâl. Heit moest de hynders drinken jaen. It wetter moest er út 'e feart helje. Dat die er yn 'e nacht om in ûre of alve hinne. Doe riisde dêr in wite gedaente út it wetter op. Fuort dêrnei wie 't fuort.
nl.verhalenbank.37735
Tusken Bûtenpost en Feankleaster spûke in swarte juffer. Dy roan midden op 'e wei. Men moest har rûmte jaen, oars waerd men oan kant reage.
nl.verhalenbank.30503
By de Boppewei yn 'e Westerein spokje twa famkes, mei in read doekje om 'e hals. Der wurdt forteld, dat dy beide famkes dêr formoarde binne.
nl.verhalenbank.30481
Op 'e Boppewei spokke ek in wyt hynder.
nl.verhalenbank.30482
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp dienen se de hekke jouns altyd ticht, mar de oare moarns stie er wer iepen.
nl.verhalenbank.36469
It spûke by de Goddeloaze Singel.
nl.verhalenbank.36468
To Hurdegaryp by Bennemastate, dêr't dokter Bontekoe wenne hat, is ek in hekke, dy't men noait ticht hâlde kin. Op in joun let rieden dêr ris bargeweinen lâns fan Broeksterwâlde. Doe seagen Ingele Ros en Wiger Uiterdyk, dy't op 'e bargewein sieten in juffer yn 't wyt by de wein lâns stappen. It lige [like] nuver. Hja sweefde mear as dat se stapte. Doe...
nl.verhalenbank.30511
Yn Burgum, tichte by de Simmerdyk, seach ik in wazige figuur. It wie de gestalte fan in minske, mar ik koe it gesicht net sjen. It biweegde, mar it roan net. It sweefde. De earms hâldde it by de siden lâns. Sa glied it oer 't lân. Ik seach der nei. Bang wie 'k net. Ik woe der hinne, mar doe't ik der by wie, wie 't ynienen fuort. Ik seach it oan foar...
nl.verhalenbank.37731
It is ris gebeurd yn 'e Westerein, dat in man stoar. Doe krige er in to lang deadshimd oan. Doe koed er net rêste yn it grêf. Hy kloppe by syn folk op 'e ruten en rôp: To lang! To lang! To lang! Dy minsken ha de doomny ophelle en dy hat mei de geest fan dy man sprutsen. Hja ha in koarter deadshimd op syn grêf dellein en doe wie 't mei 't spûkjen dien.
nl.verhalenbank.30514
Yn 'e Westerein wenne in man, dat wie in broer fan myn earste man en in hiel raren. Hy flokte en ketterminte altyd dat it hwat die. Op in kear kaem er mei in keppeltsje jongfolk út 'e kroech. Hy hie 't wer raer opsein, de duvel wie der ek by to pas kaem. Wylst er mei dat keppeltsje ûnderweis wie, seach er hwat - hwatte dat is men noait gewaer woarn. De...
nl.verhalenbank.36466
Ik ha faek yn Grinslân op 'e klaei arbeide. Dêr wienen skuorren, dêr doogde it net yn. Wy slepten altyd yn it strie, mar ik ha wol fortellen heard, dat der plakken wienen, dêr koe in minske bislist net lizze; dêr waerd er samar weismiten. Yn guon skuorren klapten de doarren yn 'e nacht. De weinen rieden samar oer de telle, de tsjernmoune gong, en al sokke...
nl.verhalenbank.30507
Us mem wie in skippersdochter. Op in joun wie se mei har mem ûnderweis op in donker paed. Doe seagen se in pear oankommen. Doe sei ús mem: "Nou, dy hat de fuotten net iens op 'e groun." It minske, dêr't se nei wiisde, sweefde. Mem en beppe hienen in stoarmlantearne by har. Dy waeide ynienen út troch in wynpûster. Doe't se nei de beide minsken sjen soenen...
nl.verhalenbank.37737
By de Skilige Piip leit in heech stik lân. Dêr leit in kiste mei goud yn 'e groun. In smoarrike keardel hat dat jild dêr yn 'e groun set. Letter ha se dy keardel formoarde. En nou spûket dy dêr altyd noch om. Se ha wol prebearre dy kiste ta de groun út to krijen, mar dat woe net. Hy sakke ûnder it graven hyltyd djipper.
nl.verhalenbank.30509
Op 'e Skilige Piip der spokken in hear en in juffer. Dy beiden roannen samar dwars troch de hekken hinne.
nl.verhalenbank.38563
Yn 'e Foksegatten spûket it, mar hwàt der krekt spûket, wit ik net.
nl.verhalenbank.38596
Op 'e Wâl spokket in fôlle mei in brijpot.
nl.verhalenbank.38284
Op 't Langpaed, by de hoek fan Feanwâldsterwâl, spokket in wyt hynder.
nl.verhalenbank.38285
By de Skilige Piip spokket in frommes yn 't wyt.
nl.verhalenbank.38283
Der wenne in man yn 'e Dokkumer Wâlden, dy forlear syn frou. Hy moest har bilove, dat hy soe net wer trouwe. Mar hy hâldde him net oan syn wurd. Hy troude opnij. Doe kaem syn frou yn 'e nacht by him en gong njonken him lizzen. Dan wied er sa binaud, dan waerd er út it bêd weidreaun. Hy krige net in ogenblik rêst mear. Letter is er op 'e souder gien om dêr...
nl.verhalenbank.30515
Op Bennema-state yn Hurdegaryp geane de hekken altyd iepen. Men hat se wol mei kettings fêstboun, mar dat joech neat. Altyd gongen se fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.37752
29