Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: staan Place of Narration: Feanwâlden
Myn swager hie in jong hynder. Dêr wie er greatsk op en ek tige mâl mei, hwant it hynder wie och sa gehoarsum. Hy sei: "It hynder hat noch noait hwat wegere. Dy lit neat stean." Doe't er dat sei, wie Jehannes krekt oan 't baeldertellen. Doe't de wein fol wie mei baelders soe myn sweager der mei fuort. "Fuort", sei er tsjin 't hynder. Mar 't hynder bleau...
nl.verhalenbank.38259
Jehannes wie ris ûnderweis nei Ljouwert ta. Hy wie rinnende. Doe kaem der him in glêzen wein achterop. Dy bleau stean. 't Wie op Swarteweisein. Doe frege Jehannes of er mei ride mocht. "Né", sei de man yn 'e wein, en hy ried fierder. Mar in eintsje fierder bleau 't hynder wer stean. Doe't Jehannes oan 'e wein ta wie, frege er opnij, of er mei ride mocht....
nl.verhalenbank.38260
By Sterke Hearke kaem ris in man. Doe wie Hearke oan 't ploegjen. Hy brûkte gjin hynder, mar luts de ploech sels. Doe frege dy man: "Kinne jo my fortelle, hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke hie de ploech optild en doe sei er: "Sjoch dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.38562
Hindrik Veenstra fan Stateheide (ûnder Burgumerheide) fortelde, dat hy wie ris by Stiennendaem by jountiid, doe hearde hy hege hakjes fan frouljusskuon. Hy seach op en doe stie dêr in frommeske by him. Dy frege hwer't se lâns moest nei Ljouwert ta. Hindrik tocht, dy is èk noch let op in paed en dan alhiel nei Ljouwert ta to foet. Hy sei, dêr en dêr moest...
nl.verhalenbank.37736
Der hat op in kear in nachtmerje by ús hynder west. It wie in Belch, hy stie op 'e stâl. Ik seach it hjir oan, it brûs stie it hynder fjouwerfingerbreed op 'e bealch. It dier hie in minne nacht hawn; ik tocht, hy kin sa wol stjerre. As ik dat frommes topakken krije kind hie, hie 't raer gong.
nl.verhalenbank.38606
Der hat in boereplaets stien yn 'e Burgermar, hat heit wolris forteld. Dêr ha se de boer en de frou fan formoarde op in kouwestâl. Neidat dat gebeurd wie gong it der dêr altyd allerheislikst oan wei op 'e stâl, dêr't hja formoarde woarn wienen. Dat doe ha se dy plaets ôfbrutsen.
nl.verhalenbank.38547
Marten Spiekstra fortelde, der wie in man op in stille sânreed. 't Sil wol wer yn 'e buert fan Burgum west ha. Doe kaem der in hynder achter him oan en dat hynder bigoun tsjin him to praten. Doe gong 't hynder om him hinne. Doe't er it fortelde woenen de minsken it net leauwe. Mar hy koe op 'e reed oantoane mei de spoaren hwer't hy stien hie en hwer't it...
nl.verhalenbank.37748
Heit wie mei in fracht reid op 'e pream nei de klaei ta. Jehannes wie der ek by. Doe kommen se in boerehiem foarby. Der wienen hinnen op en ek in hoanne. Dy wienen in ein útinoar. Doe sei Jehannes: "Hwat soe dat moai wêze, as Bôke nou aenst yn 'e midden stiet en de hinnen der omhinne." It duorre mar even, doe sei heit: "Dêr ha wy 't al. De hinnen om 'e...
nl.verhalenbank.38254
Us mem fortelde, hja hie 't ris meimakke dat der in man bûtendoar yn 't fjild wie. Der wie in lyts mantsje oankaem. Hy hie dat lytse mantsje de gek oanstutsen. Doe hie dat mantsje sein: "Ik krij dy wol." Fuort dêrnei krige dy man ûngewosken op 'e lea troch in ûnsichtbere macht. It lytse mantsje die neat, dy stie der gewoan by. Mar de oare krige klappen....
nl.verhalenbank.37761
35