Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
23 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Feanwâlden
Greate Pier wie ris in kear oan it ploeijen op in stik groun. Doe kaem der in man by him yn 't lân, dy frege him: "Kinne jo my soms ek sizze, hwer't hjir ergens greate Pier wennet?" "Jawol", sei Pier, sjoch, hjir stiet er. En doe pakte er de ploege beet, dy't er optilde en wiisde dêr syn hûs mei oan en hy sei: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37744
Wy hienen baelders (turf) yn 't achterhûs, dy makken wy sels. 't Wie in moaije bult. Op in nacht gebeurde it, dat myn man om ien ûre thús kaem. Doe sei ik tsjin him: "Dû hast moarnmoarne wol wurk, Klaes, hwant de baelderbult is útsketten." Ik hie 't dúdlik heard, it wie ien en al gerattel fan turven. De oare moarns gong Klaes fuort út bêd wei dêr hinne....
nl.verhalenbank.38271
Achter Jehannes wennen in pear âlde minsken, in man en in frou. Op in joun doe wie 't jongfolk op 'e wei hwat oan 't oangean. Se spilen op 'e harmoanika en guon songen der ek by. Doe kom der in frou út 'e hûs wei, dy sei tsjin 't jongfolk: "Jimme matte net sa oangean, hwant de âlde minsken dy't dêr wenje, matte sliepe. De man mat der moarn yntiids wer...
nl.verhalenbank.38270
Jierren lyn, doe't ús heit noch net troud wie, doe siet der in man yn ien fan 'e kroegen op 'e Wâl. 't Wie Douwe Postma. Hy siet dêr to kaerten en flokte as in ketter. Douwe Postma is raer thús rekke. De duvel hat him ûnderweis to pakken krige en dy hat him it hier ta de holle út skuord. Krûpendewei is er thús kom. Hy hat letter noait wer flokt.
nl.verhalenbank.38289
Myn man hat by Abe Kooistra yn 't wurk west. Doe kaem Jehannes dêr ris op in kear mei tsiis. Doe sei er tsjin 'e frou: "Jo ha dêr hwat yn 'e panne, dat wol der net yn bliuwe, 't siedt der allegear út wei." En sa wie 't ek. Der sieten terms yn 'e panne. Mar dêr bleau neat fan oer.
nl.verhalenbank.38262
Jehannes wie ris ûnderweis nei Ljouwert ta. Hy wie rinnende. Doe kaem der him in glêzen wein achterop. Dy bleau stean. 't Wie op Swarteweisein. Doe frege Jehannes of er mei ride mocht. "Né", sei de man yn 'e wein, en hy ried fierder. Mar in eintsje fierder bleau 't hynder wer stean. Doe't Jehannes oan 'e wein ta wie, frege er opnij, of er mei ride mocht....
nl.verhalenbank.38260
Geart petroalje moest in fet mei petroalje fan 't spoar helje. Dat die er mei hekken. Der stie in kloftsje manlju njonken elkoar op 'e dyk. Jehannes wie der ek by. Doe skeaten de hekken ynienen út en Geart koe it fet net mear foarút krije. Alle manlju bigounen to laitsjen. Doe sei Jehannes tsjin Geart: "Jo matte 't sa dwaen", en hy joech Geart...
nl.verhalenbank.38261
By de Greate Wielen wie op in kear in sjeas, dêr sieten plysjes yn. Dy wienen fan doel Japik Ingberts op to heljen. Doe kom dêr in âld mantsje oan, dy frege of er mei ride mocht. "Jawol," seinen se, "stap mar yn." Doe't dat mantsje in eintsje mei riden hie, sei er: "Nou woe 'k der wol út." Dat wie by de Bonkefeart. It mantsje giet der út, nimt in oanloop...
nl.verhalenbank.38602
It Barrahûs is in boereplaets, tichte by Ljouwert. Dêr kom ris op in joun in frou by de doar. "Kin ik hjir ek oernachtsje?" frege se. "Jawol", sei de boer. In skoft letter kaem der in soldaet by de doar. Dy frege ek of er dêr sliepe koe. "Jawol", sei de boer. Doe sieten se by elkoar. De soldaet seach ris nei dat frommes en doe tocht er sa: "Dû bist in...
nl.verhalenbank.38588
By Sterke Hearke kaem ris in man. Doe wie Hearke oan 't ploegjen. Hy brûkte gjin hynder, mar luts de ploech sels. Doe frege dy man: "Kinne jo my fortelle, hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke hie de ploech optild en doe sei er: "Sjoch dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.38562
Der wienen op in plak manlju en froulju oan 't feestfieren. Hja dounsen en songen. Dêr wie ek in militair by. Ien fan 'e froulju joech dy militair in protte jild yn 'e hân. Doe't er in ein fuort wie en 't jild bisjen soe, wienen 't allegearre ikebledtsjes, dy't er yn 'e hân hie.
nl.verhalenbank.38607
Der wenne in man yn 'e Dokkumer Wâlden, dy forlear syn frou. Hy moest har bilove, dat hy soe net wer trouwe. Mar hy hâldde him net oan syn wurd. Hy troude opnij. Doe kaem syn frou yn 'e nacht by him en gong njonken him lizzen. Dan wied er sa binaud, dan waerd er út it bêd weidreaun. Hy krige net in ogenblik rêst mear. Letter is er op 'e souder gien om dêr...
nl.verhalenbank.30515
It is ris gebeurd yn 'e Westerein, dat in man stoar. Doe krige er in to lang deadshimd oan. Doe koed er net rêste yn it grêf. Hy kloppe by syn folk op 'e ruten en rôp: To lang! To lang! To lang! Dy minsken ha de doomny ophelle en dy hat mei de geest fan dy man sprutsen. Hja ha in koarter deadshimd op syn grêf dellein en doe wie 't mei 't spûkjen dien.
nl.verhalenbank.30514
Op 'e sûkerijfabryk oan 'e ein fan 'e Wâl hie ien fan 'e arbeiders, lytse Gosse fan Burgumerheide, op in kear sin oan pikelhearrings. "Hwat woe ik nou graech in pikelhearring ha", sei er. Jehannes tsiisrinder wie dêr ek op 'e fabryk. Hja sitte even. Dan seit der ien: "Hark, dêr by de syddoar is in man mei pikelhearrings." Se hearre allegear dat der roppen...
nl.verhalenbank.38554
Hjir wenne in man, dy gong geregeld to fiskjen. Op in kear sei er: "Ik fang altyd fan dy duvelse lytse iel." In skoftsje letter wied er wer op 't wetter. Syn jonge wie ek mei. Doe siet der in hiele grouwe iel yn 'e beun. Mar dy iel, dat wie de duvel. Hy hie egen yn 'e kop as koallen fjûr. De fisker hat noait wer oan 't fiskjen west. Hy rôp tsjin 'e jonge:...
nl.verhalenbank.38550
Der wie in knap frommes, mar dat frommes koe noait in feint krije. Doe sei se op in kear: "Ik wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek." Dy jouns kaem de duvel by de doar. De faem wie deabinaud, mar de boerinne sei: "Ik rêd der wol mei." Hja gong nei de duvel ta en sei: "Meije wy earst de skûdels wol ôfwaskje?" "Jawol", sei de duvel. Doe smiet de...
nl.verhalenbank.38587
Oan 'e Godloas Singel lei in boat oer de kop oan 'e kant yn 'e berm. Der wie in man, dy moest dêr faek lâns mei in protte jild by him. Op in nacht kaem er dêr wer lâns. Der wienen twa man dy rounen him tomjitte, dy woenen him fan it jild birove. Doe't dy man de twa yn 'e fierte gewaer woarde tocht er: "Hwa wit hwat dy yn 't sin ha. It wisse foar it...
nl.verhalenbank.38586
Sterke Hearke wie de sterke keardel dy't altyd neamd waerd. Mar ik ken der net in forhaeltsje fan.
nl.verhalenbank.38292
Yn 't selde âlde hûs achter Jehannes Meerstra hat myn man ris hwat fremds bileefd. Ik lei to sliepen, myn man wie wekker. Ien fan ús bern slepte yn 'e krêbbe op 't fuottenein. Myn man Klaes lei wekker. Doe kom der midden yn 'e nacht oer de keamer in bot fjûr oan. 't Wie in klobbe fjûr, sa great as in treppot. Dy klobbe fjûr gong by 't bêdsket op. Doe soe...
nl.verhalenbank.38279
Wy hienen in moaije siferse kat. It wie yn 'e krappe tiid. Doe sei ús buorman in kear tsjin myn man: "Dy kat matte jo forkeapje, dy is wol in tientsje wurdich." Myn man sei: "As dat sa is, dan forkeapje ik him." Dat, doe strûpte myn man de kat en hy gong mei it fel nei Ljouwert ta om dat dêr to forkeapjen. Mar it die bliken, hy koe der lang gjin tsien...
nl.verhalenbank.38252
35