Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
44 results
Place of Narration: Drogeham
Ien dy't in wikseldaelder hat, hat himsels oan 'e duvel forkocht. De wikseldaelder komt altyd wer by deselde dy't him útjown hat.
nl.verhalenbank.19939
Edzer Sint fan 'e Harkema hie in wikseldaelder. Dêr hat er de namme sint fan krigen, omt er altyd wol sinten om hannen hie. Deselden dy't in wikseldaelder ha, ha har forkocht oan 'e duvel.
nl.verhalenbank.20046
Der wennen guon yn 'e Harkema, dy hienen in wikseldaelder. Dy hienen har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.20387
Trije jonges fan in jier of fyftsjin kamen ris thús fleanen. Hja wienen alhiel forslein. Hja hienen op 'e Ikkers in kroade sjoen dy kaem út himsels op har ta. En dêr siet in lyts mantsje yn. Dat wie de duvel. En dy hie hiel bot flokt en ketterminte.
nl.verhalenbank.37316
Der hat yn 'e Harkema in keardel wenne dy wie nergens bang foar. "Ik bin foar gjin duvel bang", sei er. Doe moest er op in kear de Skoltepaden lâns. Dêr stie de duvel op in houtsje. Dy hat him opkrige en in hiel ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.37317
Wolle jo in wikseldaelder ha, dan matte jo jo forkeapje oan 'e duvel. Jo matte trije slaggen om 't tsjerkhôf hinne dwaen en dêrby in formule opsizze. Jo haww dan noait wer forlet fan sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket noait op. Frijmetselers ha sa'n wikseldaelder, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.28877
Der wie in faem, die woe in frijer ha. As wie 't de duvel ek, sei se. Doe kom dêr op in kear in hearke. Dy hie in hynstepoat. Hja sei, hy mocht der ynkomme, as hja de skûdels omwosken hie. Of er sa lang wol tiid dwaen woe. Mar doe gong se hinne en skûdelwosk net. Ynpleats dêrfan sloech se alle diggelguod koart en klien. Doe koe de duvel lang op har...
nl.verhalenbank.19938
Mike Ruerd (= Ruerd van der Veen) fan 'e Harkema wie myn pake. Dy is ris in kear troch de duvel smiten woarn. Op 'e Krúswei yn 'e Harkema stiet in beam, dêr hat de tonger yn west. Dêr wie Mike Ruerd sahwat oan ta doe't er op in joun fan 't timmerwurk kom. Hy hie 't arkbakje op 't skouder. Doe kom der him in man op side. Dy stompte him ider kear tsjin 't...
nl.verhalenbank.33178
Boele van der Leest wenne yn Droegeham. Hy koe fijoele spylje. Hy gong altyd nei Eastemar ta as dêr feest wie. Dan spile hy by 't dânsjen. Hy roan altyd fan Droegeham nei Eastemar en oarsom. Op in kear hie hy dêr ek wer spile. Under 't nei hûs ta gean by 't boskje oan 'e Langeastloane waerd Boele samar opnom en oer de beammen hinne smiten. Dat wie it wurk...
nl.verhalenbank.37241
Fan 'e frijmetselers mat der om 'e 7 jier ien dea. Dat wurdt troch it lot bislist. Frijmitselers ha noait forlet fan jild. De iene helpt de oare altyd. Dat jild komt fan 'e duvel. Dêr binne se oan forkocht. Ienkear frijmitseler altyd frijmitseler. Jy kinne der net wer by wei. Hja hawwe in aparte frijmitseler-tsjerke. Dêr sitte de glêzen boven yn. Dan kin...
nl.verhalenbank.37250
Wibe Alma fan 'e Harkema siet yn 'e gefangenis. It hiet dat er dêr bikeard woarde. Hy skreau allegear frome brieven nei master Kamminga ta. Dat wie fansels om mar gauwer los to kommen. Mar hy miende der neat fan. Hy is der earder om thús kom. Doe't er yn 'e Harkema werom kom roan er it paed del, dêr't nou de betonwei is. Hy die oars neat as bidden...
nl.verhalenbank.33183
Hindrik Holthuis wie froeger ien fan 'e raersten fan 'e Harkema. Dyselde fan 'e jonges, dy't it bêst flokke koe, dy krige fan him in sint foar in ulevel. Dêrtroch is er us in kear hiel bot smiten woarn troch de duvel. Sûnt wied er bikeard. It gebeurde by de Langewyk. Hy kom fan 't Jachtfjild. Letter wie 't ien fan 'e froomsten fan 'e Harkema. Hy joech...
nl.verhalenbank.28814
Myn pake Mike Ruerd hie in wikseldaelder. As er forlet fan jild hie die er mar even de pet ûnder 'e tafel. As er him wer tofoarskyn helle hied er wer jild. Pake hie him foar dy wikseldaelder oan 'e duvel forkocht. De âld man is ek net noflik stoarn.
nl.verhalenbank.33198
Yn 'e Ham siet op in joun in ploechje jongfolk yn 'e kroech. It gong der bot oan wei. Flokke en oangean, it wie allegear raer hwat der oan wie. Doe soenen se dan op 't lêst nei hûs ta. Sy gongen út 'e kroech. Ien fleach de lannen yn, yn 'e Mieden. Dy is net thús kom. Hy lei dea mei de skonken yn 't wetter yn 'e Mieden. De duvel hie him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.21377
Reid Keuning hie wol faek hwat to folle op. Hy wie fytsmakker en wenne yn Koatstertille. As er tofolle buorrels op hie nom er meastal minsken mei yn 'e hûs. Faek jongfolk. Dan sei er: "Kom op, duvel." Dan kommen der soldaetsjes út 'e hurddobbe tofoarskyn. Hy liet ek samar in flesfol drank komme.
nl.verhalenbank.20055
Rikele van der Veen wenne yn 'e Harkema. Hy wie arbeider by in boer op it Wytfean. Dat wie Jan Tsjerks (Hoekstra). Hy roan altyd skean de heide oer nei 't Wytfean ta en sa werom. Doe't er in kear werom kom en op hûs oan soe, roan de duvel foar him op. De duvel liet syn spoaren achter. Hy koe de fuotleasten tige dúdlik ûnderskiede. Mar doe't er omtrint...
nl.verhalenbank.19574
Yn 'e Harkema wennen froeger tsjoensters. Hast alle lju hienen wol duveldrek ûnder 'e drompel of ergens oars yn 'e hûs. Dat kochten se by David de Vrieze yn Drachten. Dy sei op in kear, doe't der wer ien kom om duveldrek: "Jo matte even geduld dwaen, de duvel sit noch op 't húske."
nl.verhalenbank.19921
Wie de tsjerne froeger bitsjoend, dan hellen se der altyd duveldrek by.
nl.verhalenbank.21378
Tryn Mozes is us in kear troch de kweade fan 'e wei smiten woarn.
nl.verhalenbank.21354
Myn skoanheit wie mei syn broer oan 't murdejeien. 't Wie nacht en sy wienen elk oan 'e kant fan in wyk. Doe wie der ynienen in hiele grouwe, swarte houn. It beest hie egen as koallen fjûr. Hy wie nou us by skoanheit, dan wer by dy syn broer. It wie gjin goed spul, skoanheit fortroude it net. Hy tochte dat it de duvel wie. Hy sei: "Ik raem him of ik sjit...
nl.verhalenbank.19916
46