Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
30 results
Place of Narration: Drogeham
As wy froeger by 't wetter kommen waerden wy warskôge foar de wetterwyfkes. Dat wienen tsjoensters, dy't op 'e biezemstok yn 't wetter delkom wienen om 'e bern to pakken.
nl.verhalenbank.28894
Om 'e sawn jier matte de tsjoensters ien deatsjoene, oars geane se der sels oan.
nl.verhalenbank.19928
Alle tsjoensters kinne har yn katten foroarje.
nl.verhalenbank.33190
Tsjoensters foroaren har ek wol us yn hounen, net allinne yn katten.
nl.verhalenbank.19922
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deameitsje, oars geane se der sels oan. Se tsjoene krânsen yn 'e holkessens fan oaren. Dy matte dan forbrând wurde. Dêrta mat alles goed ticht makke wurde. De lju moesten der wylst allegear út. De stank moest yn 'e keamer bliuwe. As alles goed forbrând wie moest de stank der wer út. Dan kommen de glêzen en doarren...
nl.verhalenbank.28826
Alle lju yn 'e Harkema hiene duveldrek ûnder 'e drompel fan 'e doar. Dat wie om 'e tsjoensters. Dy koenen der dan net oer komme.
nl.verhalenbank.20389
Woe men gjin tsjoensters yn 'e hûs ha, dan lei men duveldrek ûnder 'e drompel. De bern droegen duveldrek yn in pûdtsje om 'e hals. De tsjoensters makken krânsen yn it kessen fan har slachtoffer.
nl.verhalenbank.37248
Alle Tet krige as kat wol us opneukers. Dan wie se de oare deis alhiel bont.
nl.verhalenbank.20354
Sibe Swaen fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Hja hat ien fan Freark-om syn bern bitsjoend. Doe is Frearkom oer iis nei Kûkherne tagong dêr't greate Wopke wenne. Fan Wopke krige er in fleske mei drank foar it bern. Wopke warskôge Freark-om en sei: "Tink der om, dat se jo net oanfalle ûnderweis, hwant der binne guon dy ha it op it drankje forsjoen." Doe't...
nl.verhalenbank.20377
Hjir hat in bern bitsjoend west. It bern hie twa fûgeltsjes yn har kessen. Fûgeltsjes fan fear, mei de bekken nei elkoar ta. As dy beide fûgeltsjes de bekken yn elkoar hienen, dan wie 't bern stoarn. Sy ûntdekten it op tiid. Dy beide fûgeltsjes ha se yn siedend wetter op 'e kachel forbrând. In hiele joun stie 't op 'e kachel. Doe kom de tsjoenster.
nl.verhalenbank.20054
Yn 'e Harkema wennen froeger tsjoensters. Hast alle lju hienen wol duveldrek ûnder 'e drompel of ergens oars yn 'e hûs. Dat kochten se by David de Vrieze yn Drachten. Dy sei op in kear, doe't der wer ien kom om duveldrek: "Jo matte even geduld dwaen, de duvel sit noch op 't húske."
nl.verhalenbank.19921
Sytse Jager hat us mei ús west to murdefangen. Doe troffen we ûnderweis midden op it stoppellân hwat, dat like my in ychelbaerch ta. Mar 't wie in katsje. Dat doocht net, sei Sytse. Hy wie us in kear smiten woarn en tocht dat dit in tsjoenster wie, dy't it op him munte hie. Op in oar plak troffen wy it katsje wer en letter nòch in kear. "Kearel," sei...
nl.verhalenbank.20385
As de tsjoenster in hier fan jin hat, dan kin dy tsjoenster mei jin dwaen hwat er wol. Dan hat er jin yn 'e macht.
nl.verhalenbank.20350
Alle Tet wie in greate tsjoenster. Hja hie bleke steden ûnder 'e egen en wie altyd blau om 'e kop. Hja foroare har yn in kat. As ien mei Tet oproan koe 't samar gebeure, dat er ynpleats fan in minske in swarte kat neist him hie.
nl.verhalenbank.20349
Dy't in apel fan in tsjoenster opyt kriget in pod yn 't liif.
nl.verhalenbank.33194
As in tsjoenster stjert is har fel hielendal blau. Dat komt omdat it eins in kat is. As men in strûpte kat hat, dy is ek blau.
nl.verhalenbank.28827
Guon ha sjoen dat Gearte Harmke mei in popke stie to boartsjen. Der pripke se mei in spjelde yn. Der wie in berntsje dat krige doe pine en dat woarde siik.
nl.verhalenbank.28825
Yn 'e Harkema wenne in man, dy slepte nachts by in pânse. Syn wiif wie der op út to tsjoenen en dan liet se har pânse op bêd achter.
nl.verhalenbank.20050
Frits Klunder syn fanke wie ek pleage woarn troch in tsjoenster. Sûnt droech it fanke in touke om 'e hals mei in pûdtsje mei duveldrek der oan. (F.K. wennet nou yn Bûtenpost)
nl.verhalenbank.20052
As der in tsjoenster by de bargen west hat, dan wol it hiele hokfol bargen net mear ite. Alde Mekke Tryn wie sa'n tsjoenster. Guon woenen har net by de bargen ha. Hwant dan gongen de bargen der oan. Hja hie de kweade hân.
nl.verhalenbank.20351
31