Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Place of Narration: Burgum
In nachtmerje is in frou. Yn 'e nacht komt se by de minsken yn 'e hûs. Hja kin troch 't kaeisgat. Hja giet nei 't bêd ta dêr't de minsken lizze. De minsken kinne dan neat mear bigjinne. Hja hat se yn har macht. As men earst mar wer sa fier wie en men koe de foet oplûke, dan wie men fan har bifrijd.
nl.verhalenbank.31232
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje.
nl.verhalenbank.38163
In nachtmerje is in soarte fan droom, dy't de minske ha kin. Sa'n droom, dy't letter altyd neikomt.
nl.verhalenbank.36735
As de nachtmerje by de hynders komt foroaret dy har moaije rjochte sturt yn ien mei allerhande kronkels der yn. De nachtmerje dat wie in persoan.
nl.verhalenbank.27645
In nachtmerje is in frommeske. Hja komt troch it kaeisgat. Sa slûpt se ta 't hûs yn. As men in ding foar de drompel leit, krúst oer elkoar hinne, dan kin se der net yn komme.
nl.verhalenbank.29659
Yn Noardermar wenne in frou, dy bisette it altyd yn 't boarst. Doe gongen se nei Piter Poes ta, de duvelbander fan Sumarreheide. Dy sei: "As jo nou fannacht op bêd geane, matte jo in kears meinimme. Dy matte jo yn in kop dwaen en foar 't boarst hâlde. As jo dan fornimme dat der ien troch 't kaeisgat komt, dan matte jo de kop hurd omdraeije en dan sjogge...
nl.verhalenbank.28469
Nachtmerjes komme by de hynders. Dy ha flechtsjes yn 'e moanjes, as de nachtmerjes der west ha. It geraemte fan in hynstekop boppe de doar jowt biskerming tsjin kweade geasten (Eastemar). Ek in flearbeam op 't hiem biskermet de minsken tsjin kweageasten.
nl.verhalenbank.31304
In broer fan dy jonge hat by ús mem en dy yn 'e kost west. Earst wied er by syn broer yn 'e kost. Mar dêr kaem altyd in nachtmerje by him. Dy kaem earst by syn fuotten en kom sa stadichoan omheech. Op 't lêst hie se him by de strôtte. Dan smoarde er binei. Doe woe dy jonge dêr net langer bliuwe. Hy sei tsjin 'e nachtmerje: "Forrekte âlde duvel, ik krij dy...
nl.verhalenbank.38162
8